Tegels
Meinou P.
De afûk organisearret allerhanne kursussen, guon yn de mande mei de Folkshegeskoalle op Skylge. Sa kaam it dat ik in pear wike lyn op in freedtemoarn ôfsette nei dat eilân om de Fryske stavering fan twa skoalteams en wat losse kursisten by te spikerjen.
'k Hie mei sin de moarnsboat keazen om noch wat tariedingstiid te hawwen en om net yn alle reisgenoaten potinsjele learlingen te sjen. Wurch fan it gesjou fan it parkearterrein nei de boat joech ik my by in rútsje del mei kofje en Skylger koeke en stoarre de see oer. Nettsjinsteande in wat senuweftich gefoel om't ik noch noait earder sa'n kursus jûn hie, wie it as hie ik fakânsje.
De kursus begûn de jûns. Nei in yntroduksje fan sân ienfâldige staveringsregels gongen alle dielnimmers fanatyk teset mei de oefeningen dy't der by hearden. Ik geniete. By dizze kursus gjin ferbetterings as ‘wy geane yn it Frysk allinnich mar sitten, stean, lizzen en hingjen’ as immen frege wannear't wy kofjedrinken gongen, gjin gedoch mei skiedbere en ûnskiedbere tiidwurden, nee, dêr waard it fierstente yngewikkeld fan. Dit wienen dúdlike foarskriften dy't foar myn publyk maklik nei te kommen wienen. Ik folge gewoan de metoade en diktearre nei de behanneling fan it al of net brûken fan de ‘w’: in troude frou bliuwt har libben lang trou om't it sa yn it boek stie en de kursisten skriuwden it sa op omdat ik it sei. Al wie der wol ien dy't mompele dat de sin noch moaier west hie as der in troude Fryske frou stien hie.
No ja, fansels wienen der diskusjes. Oer de regels foar de f en de v bygelyks. Moat falide no wier mei in f en ynvalide mei in v? Is it echt sa dat twifelje ek stavere wurde kin mei in v? En wêrom stiet twivelriedich dan allinnich mei in v yn it wurdboek? Dy diskusje is net ynteressant, sei ik. It is sa't it is. Jo meie neffens staveringekspert drs. Fedde Dijkstra as jo bouillon op syn Frânsk útsprekke it ek wol sa skriuwe. Immen dy't it ferfrysket, staveret bûljon en it wurdboek jout boppedat noch bûllon.
Ik woe dat ik it noait sein hie, want doe kaam alles op losse skroeven te stean. Mei sjirurch dan miskien ek gewoan chirurg wêze? No nee, dat net, mar de j mei der eventueel wol út. Kwestje fan útspraak.
Dus de Fryske stavering past him oan by minsken dy't de wurden ferkeard útsprekke, wie de konklúzje. Ik koe net oars as dêr - skytskoarjend - yn meistimme. Gelokkich kaam dêrnei de persoansfoarmstavering op it aljemint. Doe waard it wer moai dúdlik.
De sneontejûns gong ik nei de les dy't om tsien oere ophold, noch eefkes mei nei Hessel. Oer dat muzikaal geweld hinne raasde Mark, de jongste kursist, my yn 't ear dat er by in shantykoar song. Of leaver, sjonge soe. Se hienen wol tsien kear by elkoar west. Mar it wie by bier drinken bleaun. Oer de namme wienen se it al iens: ‘De steande mêst’.
Ik raasde werom: ‘Wa betinkt soks?’ ‘De dirigint’, brulde Mark, en doe't ik net daliks wat sei: ‘No ja, ik. Ik wol ek teksten skriuwe. En dan moatst dyn taal’, hy sykhelle foar de lêste gjalp, ‘wol behearskje. Of net?’
‘Dat’, rôp ik sa lûd ik koe, ‘stiet as in peal boppe wetter.’ En om my hoege de staveringsregels ek net ienfâldiger, tocht ik noch. Soksoarte wykeinen binne te moai om har besteansrjocht te ferliezen.