| |
| |
| |
Fjouwerentwintich oeren, en fierder
Joop Boomsma
In filmploech hie moaie bylden draaie kinnen. Foar it totaal ien kamera op in heech stânpunt - op it dak fan in flat wjerssiden it plein. Yn in aardige montaazje hiene dy bylden der sa útsjoen.
De sinne stjoert de lêste strielen fan 'e dei tusken flats troch en set guon tekens op it plein yn skerp ljocht. In tegel bygelyks, wat losrekke fan de stoepe, no in skaadplak. Of beammen dêr't elk blêd fan werkenber is. In fyts tsjin sa'n beam. Oare tekens op it plein moatte it ha fan it feale lampeljocht dat kontoeren skier makket, los makket fan 'e dei dy 't wie. Parkearde auto's, beammen. Dat iene ferkearsboerd.
De dei wurdt jûn, nachtet.
En it reint. Súntsjes.
It plein is in brede dyk mei parkearfakken, mei stripen gers en smelle paden, stoepen, flats.
Dy folchoarder. Fan binnenút sjoen.
Ut en troch rydt in auto foarby. Mei sêft sûzjend lûd. Wetter sûget oan tsjillen, ljochten pylkje en ferdwine. Oant der wer in auto lâns rydt.
Ensafuorthinne.
En fierder (as it folle letter is) twa kamera's. Op eachhichte. Elk mei in eigen perspektyf. In lytse frachtwein dy't ho hâldt, hoeden achterút rydt, yn in parkearfak skoot. De ljochten dôvje, de moter wurdt ta swijen brocht. De binnenferljochting ljochtet efkes op as beide doarren iepenswaaie, giet út as dy doarren tichtslein wurde.
De stilte. Der rydt wer in auto foarby.
Twa manlju yn dûnkere klean ferskine oan 'e achterein fan de frachtwein, slaan de hannen foar it boarst as se, suver syngroan, tsjin de doarren lynje. Ien fan harren hat in pet op, de klep fansiden.
Se wachtsje.
Der ride auto's oer it plein. Ut in sydstrjitte wei draaft in jogger as in hurdrinner, kleurich syn klean hyltyd as er troch lampeljocht giet. Hy ferdwynt yn it tsjuster fan in oare sydstrjitte. Under de oerkaping fan in portyk stiet in man yn nachtklean. De kraach fan syn moarnsjas hâldt er mei beide hannen tsjin 'e hals. Hy sjocht nei it hûntsje dat rûntsjes draait yn 'e gersstripe.
De pet sjocht op it horloazje en docht in stap fansiden. Syn maat lûkt in doar fan de frachtwein iepen. Beide manlju ferdwine njonken de frachtwein út it sicht.
De man yn it portyk fluitet. It hûntsje skoddet de rein fan 't liif en wurdt efkes letter mei syn baas wei yn de flat.
Sûnder lûd in lichte rein. Auto's sûzje oer de glânzjende dyk dy 't it plein yn twaen snijt. In lytse frachtwein mei in iepen doar oan 'e achterein. Op fiifheech stiet in frou foar it rút.
Hja sjocht it wiete asfalt, folget mei de eagen in auto dy 't foarby giet, skôget rûtineus de parkearde auto's, in lytse frachtwein.
In lytse frachtwein? Hea.
De frou ferdwynt út har ferljochte ramt.
Op datselde stuit skowe yn de flat deun by de lytse frachtwein glêzen doarren fansiden. In man mei in lange, swarte jas oan - close up - sjocht fersteurd oer it plein. Hy skodhollet en docht in pear stappen tebek. Elektroanys slute de doarren. De man knopet de jas oan 'e hals ta ticht en set de kraach omheech. Dan giet er wer op de doarren ta. Under de oerkaping
| |
| |
stekt er de hân yn 'e bûse, hellet in bosk kaaien foar it ljocht, fielt efkes en drukt. Flak achter de lytse frachtwein flitse achterljochten, in hurde klik. De man draaft mei frjemde spronkjes.
Op fiifheech giet it ljocht út. Skier foar it rút, efkes letter, de foarm fan in minske. In frou. De man draaft op de auto ta.
De bylden gean oer yn slow motion.
Foar de dravende man oer, fansiden de lytse frachtwein, ynienen twa manlju yn dûnkere klean. De man wurdt heind. In fûst tsjin de holle, in oare fûst yn it liif. De manlju wurkje syngroan. De man sakket foaroer, oer de skouder fan de pet dy't efkes troch de knibbels sakke. De kaaibosk - close up - glidet him út 'e fingers. Twa stappen, in triuw, de man wurdt troch de pet yn de frachtwein goaid.
Syn maat docht de doar ticht, draait in hendel. De manlju ferdwine yn it tsjuster wjerssiden de lytse frachtwein.
Slow motion wurdt wer it wenstige byld.
De frou op fiifheech gappet, wriuwt oer de eagen, gappet wer. Faaks dat se beweech by dy frachtwein sjocht.
In lytse frachtwein dêr 't de ljochten ynienen fan ljochtsje, dy't fuortrydt, stadich achter in foarbygeande auto ynfoeget.
De frou op fiifheech gappet nochris. Draait har foar it tsjustere rút wei.
It hiene sfearfolle bylden west, sûnder mis. As der in kameraploech west hie.
| |
(06.32 oere - meldkeamer plysjeburo)
Dat iene berjocht springt der út, fynt Sym Jansens. In goed healoere lyn hinge er it jaske fan syn unifoarm oer de stoel, tape it earste bakje kofje fan 'e dei, fertelde in ôfwaaide grap oan Jantyn (‘it earste Viagrabern is berne, de jonge koe daalk stean’) en sette him oan it wurk. It bakje mei ynkommen meldings fan dy nacht dêr't net daalk wurk fan makke wie. Mei rjocht en reden net, fûn er. Op dy iene melding nei.
In frou Van Gaalen hie om 05.11 oere trochjûn dat har man dy nacht net thúskommen wie. Hja wie slim ûngerêst. Soks wie noch noait earder bard. Yn trijeëntwintich jier houlik net. Teminsten, net sûnder berjocht foarôf. In hiel ferhaal. Jantyn hie útrop- en fraachtekens pleatst, hie der in knappe tekening by makke fan in groulivige man dy 't de lytse lul rjochtet op in jonge frou mei grutte boarsten - sa'n bytsje it symboal fan in slipperke. Dat iene berjocht springt der út, fynt Sym Jansens. Om't er wit dat Karel van Gaalen in wichtich man yn de stêd is. Wethâlder en loko-boargemaster.
En dan leit soks al even oars.
Dat hy bellet frou Van Gaalen. Benammen om har fernimme te litten dat de plysje mei faasje oan har melding wurket.
Nee. De man is noch hyltyd net thús.
| |
(08.12 oere - Plein)
Eins is it poer tafal. De jonge lit de swiere skoalletas fan 'e skouders glide en sakket op in knibbel om de fiters fan syn Nikes strak te lûken. Tsjin in wat omheechsteande tegel glinstert it metalich. De jonge pakt de bosk kaaien op en komt oerein. Unwis sjocht er om him hinne.
In bosk kaaien, wat moat er der mei?
Under de oerkaping fan de yngong fan in flat stiet in man yn nachtklean. De hannen hat er yn de bûsen fan syn moarnsjas stutsen, de eagen binne rjochte op in hûntsje dat yn it gers ompielt.
‘Hee menear!’
De man sjocht kjel fansiden, docht in stap tebek as in groujonge op him ta komt.
‘Ik fûn dizze sleutels hjir.’
| |
| |
De jonge hâldt de kaaien oan de ring foar him út. De man skodhollet, docht noch in stap tebek. Achter him skowe glêzen doarren iepen.
‘Jezus lul’, seit de jonge en lit de kaaibosk falle. Dan draait er him om en hellet de rêchpûde op.
De man sjocht de jonge in hoart nei. Dan fluitet er. It hûntsje draaft op him ta. Tegearre ferdwine se yn de flat.
Efkes letter fynt in frou de kaaien. Hja stekt se yn 'e bûse en tripket hastich nei de halte fan de stedsbus.
Wer in healoere letter notearret de tsjinstdwaande plysjefrou - buro binnenstêd - de fynst yn it lochboek.
| |
(10.43 oere - Plein)
De plysjeauto hat kar-út: suver alle parkearfakken binne leech. Dochs kiest Jan van Weperen sekuer - hy mei stjoere hjoed, Willem Wentink hat noch altyd de pet oer de eagen - in fak foar de yngong fan de flat. Hy wie hjir faker. Hoeden lit er him achter it stjoer wei glide, de autodoar set er like hoeden tsjin it slot. Willem mar efkes gewurde litte, tinkt er. Dy is ynearsten even net te brûken.
Mei de frjemde kaaibosk yn 'e fûst sjocht er it plein oer. Flats foar alderein en foar jonge minsken dy't it al barre mei, wit er. In deade boel, ornaris.
Ut de kaaien siket er de grutste. Hy drukt. Deun foar him flitse achterljochten. In hurde klik. Nochris drukt er. Wer dy ljochten en wer dy klik.
Jan van Weperen glimket. Dy moderne autotechniken meitsje it resjersjerjen wol hiel maklik. In kaai, de auto dy't om de baas ropt. In djoere auto, sjocht er. Sa'n BMW soe him ek wol wat lykje. Op de achterbank leit in swart dokumintekofferke. It siferslot jout 000 oan. Hy klikt de koffer iepen.
Efkes letter draaft er werom nei de plysjeauto. Willem Wentink sjit op 'e stoel oerein as er it hurde lûd fan syn maat heart.
| |
(10.47 oere - fragmint radiopetear op de plysjebân)
- | Yndied op namme fan in Karel van Gaalen, seist Sym? Is dat net... |
- | De wethâlder. Krekt. |
- | Soa. |
- | De man is fannacht net thúskommen, neffens de frou. |
- | En hjir stiet syn auto dus. |
- | Ja. |
- | Wat dogge wy? |
- | Auto ôfslute. Bring de kaaien aansen mar nei it haadburo. |
- | Moatte wy net efkes om de man sykje? |
- | Wat woest' dwaan, Jan? Alle flats bylâns? De man sil it wyfke wol belje, as er foar 't ljocht komt en de kaaien mist. |
- | Okee. Oant aansen. |
| |
(tusken 11.45 oere en 13.00 oere)
Karel van Gaalen - wethâlder en loko-boarge-master - is in wichtige funksjonaris. As er net is wêr't er wêze moat, wurdt it knap ûnrêstich yn 'e stêd. Yn gâns sektoaren.
• | Frou Van Gaalen bellet eksakt om it kertier nei it haadburo fan 'e plysje. Hja wol witte wêr't har man is. De man dy't net thúskommen wie fannacht, wat oars noait barde en dêrom, ensafuorthinne... Sym Jansens werkent sa njonkenlytsen it nûmer op 'e display en skoot út en troch de line troch nei Marrit dy't de stoel fan Jantyn oer naam. Frou van Gaalen wurdt linkenoan hystearys. |
| |
| |
• | Yn 'e gearkomste fan boargemaster en wethâlders wurdt fêststeld dat kollega Van Gaalen wat oan 'e lette kant is. Dat berjocht wurdt notuleard. |
• | Jan van Weperen en Willem Wentink ride twa rûtes, hawwe in yngeand petear mei in âldere fytser dy't in read ferkearsljocht gjin achtsloech, drinke kofje by Monique Wentink dy't troch de GSM oanjûn hie dat der by har soargen libben oangeande de fysike tastân fan Willem, gean fia in bûtenwyk nei it haadburo, stelle de kaaien fan de auto fan wethâlder Van Gaalen feilich en wurde bypraat. |
• | De boargemaster kriget yn 'e gearkomste mei de wethâlders fan in boade in briefke taskoot, skorst de gearkomste en bellet yn syn wurkkeamer mei it haadburo fan 'e plysje. In kertier letter bringt er de wethâlders op 'e hichte fan it panykberjocht fan frou Van Gaalen (it briefke) en fan de ynformaasje dy't er fan de plysje krige. De siktaris wurdt minlik fersocht hjir gjin oantekens fan te meitsjen. De gearkomste is dien. Efkes letter wurdt der diskreet op 'e doar fan de wurkkeamer fan de boargemaster kloppe. Wethâlder Ter Oele hat ien en oar op in rychje set - benammen it fynplak fan de kaaibosk liket him wichtich. Kin er efkes oer syn freon Karel van Gaalen prate? |
• | Jan van Weperen en Willem Wentink ride wer nei it Plein. Opdracht fan heech, hiel heech. Se kundigje har yn 'e hal oan fia de ynterkom en nimme de lift nei de tredde ferdjipping fan de flat. In jonge frou - yn 'e eagen wat fan ûnrêst - lit har der yn. |
| |
(13.10 oere - Plein, flat 305)
Willem Wentink giet troch de wenkeamer nei it grutte rút ta en besjocht it beweech fan it ferkear op it plein. Hy leit de hannen op it brede gat en liket him net mear bewust fan de beide oare oanwêzigen. It plein hat syn oandacht.
De jonge frou - se hat har foarsteld as Stella Willemsma - sjocht efkes ferheard nei de rêch fan de grutte plysjeman. Dan sjocht se Jan van Weperen oan dy 't har freonlik taglimket. Se glimket ûnwis werom en wiist op in maklike stoel by in smel, dûnkerhouten tafeltsje. Dan giet se foar him oer op in learen bank sitten, slacht de rjochterskonk oer de oare. Jan van Weperen hat al fêststeld dat it kreaze skonken binne. Eins is alles oan dizze frou moai, fynt er. In plaatsje yn in lange trui en in koarte rok.
As Stella mei de hân oer it ljochte hier giet, twingt er him om har oan te sjen. De frou is ûnwis, wit er. Begrypt noch neat fan de besite fan twa plysjemannen.
Jan van Weperen skrabet de kiel.
‘Wy...eh...hawwe begrepen dat jo...eh...net alhiel ûnbekend binne mei de persoan fan Van Gaalen...eh...Karel van Gaalen’, begjint er. Dit fynt er ferskriklik. Sa'n begjin fan in petear. It hoeden besykjen om ta in petear te kommen, it finen fan de krekte toan. Jo witte ommers noait yn 't foar hoe't jo immen benaderje moatte, hoe't de earste reaksje wêze sil. Lykwols, hy wurdt dochs in bytsje kjel as er de reaksje fan Stella Willemsma fernimt. Hja sjit oerein op 'e bank, de eagen grut. De skonken glydzje fan elkoar - (Jan van Weperen sjocht efkes it wyt fan har slipke, fielt him efkes in loerder, wol efkes fansiden sjen) -, wurde njonken elkoar set, hannen oer de knibbels. Stella sjocht him oan. Wissichheid. ‘Hy is dea’, himet hja.
No soe ik ‘wêrom tinke jo dat, frou Willemsma?’ freegje moatte, wit Jan van Weperen, mar hy skodhollet.
| |
| |
Stella Willemsma lit har azem glydzje.
‘Nee?’
God, tinkt Jan van Weperen, dit is mear as samar in juffer njonken it wiif. Dizze frou is mâl mei Karel. Tuike tuike, net as mâle Jan... ‘Dat witte wy net’, seit er neutraal.
Dan fertelt er syn ferhaal. Nimt skoft. Jout de jonge frou foar him oer de tiid om dat ferhaal te ferwurkjen. Dy skodhollet in kearmannich, wriuwt mei de hannen oer de knibbels, sjocht him swijend oan. Grutte eagen.
‘Hy wie justerjûn by jo?’
Stella knikt.
‘Hoe let is er hjir wei gien?’
‘Even oer alven.’
‘Dêr binne jo wis fan?’
‘Al jierren...’
De plysjeman fernimt in bittere ûndertoan.
Dat hy swijt. No komt der wat, wit er.
Stella sjocht him noch hyltyd oan. Dan ljochtet der ynienen wat yn har eagen - har liif, de hâlding strielet ynienen wissens út.
‘Sjoch, plysjeman...eh...Wentink wie 't, no...?’
‘Van Weperen. Jan van Weperen. Wentink is myn kollega.’
Stella glimket, lûkt ûntskuldigjend in skouder omheech.
‘Wolle jo it lange ferhaal of sille wy koart om 'e hoeke?’
Jan van Weperen sjocht fansiden nei syn maat, dy't noch hyltyd as in stânbyld foar it grutte rút stiet. De hannen op 'e rêch wurde ta fûsten knypt, ûntspanne wer. Hy sjocht wer nei Stella, dy't efkes har wite tosken yn 'e boppelippe set, neitinkt en dan sûnder al te folle omhaal fan wurden fertelt dat Karel van Gaalen al jierren ien soms twa kear yn 'e wike by har lâns komt.
‘Meast prate wy wat, drinke in gleske en út en troch frije wy.’
‘Altyd op fêste jûnen?’
‘Wikseljend. Mar wol altyd op woansdei.’
‘Lykas juster.’
Stella Willemsma knikt.
‘En altyd om alve oere de doar út.’
‘Tsja... Karel is in man fan de tiid.’
Jan van Weperen nokkert.
‘Ha jo him fuortgean sjoen?’
It binne de earste wurden dy't Willem Wentink seit. Stella draait har suver kjel nei him ta. Wentink syn eagen bliuwe op it plein.
‘Hoe bedoele jo?’
‘Wat ik sis. Jo hawwe hjir in prachtich sicht oer it plein. Jo hawwe him fuortgean sjen kinnen.’
Willem Wentink draait him om.
Stella skodhollet.
‘Wêrom net?’
Unwis sjocht de jonge frou Jan van Weperen oan.
‘Jo swaaiden him net út?’
In glimke. In glimke werom.
‘Nee, hear.’
Willem Wentink is yn in pear grutte stappen by de doar.
‘Wy binne hjir klear’, seit er tsjin Jan van Weperen.
In kamera oan 'e boaiem fan in helikopter. Simpel fûgelperspektyf. Soene dochs moaie bylden wurde kinne as de helikopter stadich rûntsjes draaide, hyltyd leger, mar wol hiel doelbewust op dat iene punt ta.
De stêd is in samling blokken dy't, ferskillend fan mjitte en foarm, mei elkoar in patroan foarmje sûnder al te folle struktuer. Dûnker de wetterwegen, ljochter fan kleur de diken dêr't stippen op hinne en wer bewege of stilstean. Guon plakken yn it patroan binne - wurde - tekens: in tsjerke, in plein, in gebou, flats.
De râne fan 'e stêd dêr't greiden de huzen
| |
| |
rikke. In kanaal as in soarte fan skieding tusken bewenne en net bewenne.
In bouterrein.
In patroan fan diken, stripen wetter dy't op guon plakken ferbreedzje. Brêgen. Mei pealtsjes binne kavels útset. Der rydt in frachtwein fol sân.
Midden op in kavel, tusken rûch gers, leit - breed close up - in minske. De holle foaroer yn in plasse wetter, beide earms fansiden, de linkerskonk oplutsen.
It is in man. Bleat.
Yn in hoeke fan de kavel, oer in bultsje, leit in lange swarte jas.
Sokke bylden binne dúdlik, hiene dúdlik west.
| |
(13.55 oere - meldkeamer plysjeburo)
Sym Jansens wurdt suver kjel fan de mannestim ynienen yn syn earen. In hurde stim dy't raast en ûnfersteanber oangiet. Ut de brij fan wurden pikt er lykwols genôch op om Marrit in sein te jaan. Dy harket mei.
Deade man. Bouterrein stêd-noard.
Sym Jansens bêdet de stim del, harket, notearret. Hy hjit de man - frachtweinsjofeur fan in sânauto - te bliuwen wêr 't er is.
De fingers fan Marrit giselje oer it knoppeboerd.
De dea fan Karel van Gaalen - wethâlder en loko-boargemaster - wurdt al gau beskôge as it gefolch fan in gewelddiedige aksje, troch oaren him oandien. Dat kin ek al min oars. In kûgelgat tusken de eagen - in kûgel fan tichtby ôffjûrre mar op syn minst fan twa meter ôfstân slút selsmoard út. Blauwe plakken oan it kin en op it boarst wize ek op agressive aksje fan oaren as de persoan sels. Oer in natuerlike wize fan ferstjerren wurdt net praat.
Moard dus.
It fêststellen fan de moard (‘in koelen bloede’ sille de kranten de oare deis skriuwe, wurdt it ek yn de oare media neamd) op wethâlder Van Gaalen hat it effekt fan in fjoerpylk dy't fan 'e grûn ôfsketten wurdt en in telmannich letter út elkoar spat. Yn allerlei rjochtingen en kleuren.
• | It bouterrein, mar benammen kavel A44.371.b3, wurdt troch de unifoarme plysje mei readwyt plestik lint ôffrede en troch nonsjalant eagjende funksjonarissen fan de technise resjerzje sekuer bestudearre. Op syn minst twa plysjehûnen snuve en snuffelje. |
• | De sjofeur fan de sânwein wurdt yngeand ûnderfrege en úteinlik oerdroegen oan de minsken fan it medys sintrum dy 't al gau in shock fêststelle. |
• | Twa froulju fan it team slachtofferhelp bringe frou Van Gaalen o sa hoeden op 'e hichte fan it hommels ferstjerren fan har man. Frou Van Gaalen hapt as in goudfisk op it droege nei azem, stuitert as in kikkert oer it parket en ropt ûnderwilens teksten as ‘it is sa fier, it is sa fier’ en ‘de hoer sûnder sinten, de hoer sûnder sinten’. De teksten fan frou Van Gaalen wurde notearre. |
• | In ploech fan tsien resjersjeurs wurdt ynset op in buertûndersyk yn de flats om it plein hinne. |
• | Twa resjersjeurs melde har op it stedhûs. Tegearre mei in amtner gean se nei de wurkkeamer fan wethâlder Van Gaalen en resjersjerje. |
• | Jan van Weperen en Willem Wentink skriuwe in rapport, leverje dat yn en ite bôle mei kroket by ‘Patryk’, drinke der in pear pilskes by. De tsjinst sit der op. It Journaal fan 4 oere smyt in ferrassing op. Jan skillet Stella Willemsma. Gjin gehoar. |
| |
| |
• | Wethâlder Ter Oele - slim oandien, liket it, klinkt it - skillet mei syn kollega's. Mei de boargemaster, mei de siktaris. Uteinlik komt it ta in gearkomste. Om 15.30 oere. Sûnder de boargemaster lykwols: út alle hoeken en hernen wei komt oandacht foar syn persoan. Om't er haad fan 'e plysje is. |
• | Stella Willemsma mei in lytse koffer fol ‘wichtige en persoanlike saken’ meinimme as hja ôffierd wurdt nei it haadburo fan 'e plysje. Hja wurdt parkeard yn in plysjesel. |
• | Frou Van Gaalen beäntwurdet fragen fan de beide resjersjeurs dy't benammen kommen binne om de persoanlike papieren fan har man te besjen. Hja krije fan frou Van Gaalen tastimming om sok wurk te dwaan. |
• | De provinsjale parse (krante, radio, televyzje) iepent yn 'e fierdere rin fan de dei doarren, linen en kantines foar kloften kollega's rûnom út it lân. Efkes de echte wrâld yn 'e hûs. Blinders, wat in drokte! |
Op it plein ride auto's. Kameraploegen binne der. Ferskate stânpunten wurde ynnommen, minsken wurde ûnderfrege, presintatoaren meitsje tuskenshots. Wat hiene se moaie bylden draaie kinnen. As se der earder west hiene.
| |
(18.00 oere - keamer koördinearjend haadynspekteur)
De ploech is mar lyts: fjouwer manlju en ien frou. Se sitte om de rûne tafel. Twa kannen mei kofje, bekers, in skaal mei broadsjes. Elk fan de oanwêzigen hat in brune kartonnen map foar him/har. De haadynspekteur hat it team koart tasprutsen en der op wiisd dat dizze earste evaluaasje wichtich is. It soe moai wêze as se daalk útfine koene hokfoar rjochting it ûndersyk út gean moat. Elk momint fan útstel is tiidferlies en soks makket in ûndersyk altyd in stikhinne yngewikkelder.
De fjouwer kollega's hiene knikt. It is har bekend.
Dan kundiget de haadynspekteur in lêsmomint oan. De mappen wurde iepenslein, de ynhâld (earste rapporten meast fan ûnderskate ûndersykteams yn fotokopy) wurdt soarchfâldich bestudearre, der wurde oantekens makke, útroptekens pleats, sinnen en wurden ûnderstreke.
De haadynspekteur besjocht syn minsken, glimket nei de souder. Hy wit wat de útkomst wêze sil. As er fernimt dat it lêswurk dien is, skrabet er de kiel.
‘Okee’, seit er. ‘Earste konklúzje.’
Fjouwer pinnen skrasse, wurde suver daalk wer dellein.
Elk krijt it wurd.
De haadynspekteur glimket om de ienriedigens.
Wethâlder Karel van Gaalen fan romtlike oardering hat de namme fan in ûnderhanneler dy't oan 'e râne ta giet. Hurd, ûnfersetlik, it belang fan de stêd op it foarste plak. Kweatongen lykwols beweare dat er wolris oer de râne gong, dat it eigen belang soms efkes wichtiger wie. Bewiisd is soks noait, mar algemien is bekend dat hy him suver altyd persoanlik bemuoide mei it lêste en dus wichtichste spul: wa krijt de konsesjes, wêr gean de grutte opdrachten hinne. Frustraasjes by hege amtners, frustraasjes by ûndernimmers dy't om wurk ferlegen sieten. Rûnom wie der respekt foar Karel van Gaalen, mar hy hie suver gjin freonen. Wol tsjinstanners. En fijannen.
Dat: it motyf fan dizze moard sil ynearsten benammen socht wurde yn it funksjonearen
| |
| |
as wethâlder, minder yn it persoanlik bestean fan Karel van Gaalen.
Saaklik wurde linen útset foar de jûn, de nacht. Nije resjerzjeteams mei spesifike opdracht wurde formearre, flaters wurde besprutsen (de arrestaasje fan Stella Willemsma bygelyks), oer de mooglike tadracht by de ûntfiering fan Van Gaalen wurdt breinstoarme (der is yn ien fan de rapporten sprake fan in frou dy't fan fiifheech om in oere as alve justerjûn in lytse frachtwein sjoen hie, deun by it plak dêr't letter de BMW fûn waard - in lytse frachtwein dy't der in healoere letter net mear stie), oer de dieders wurdt praat (‘moard yn opdracht troch professionals, rekkenje dêr mar op!’), in strategy nei de parse ta wurdt bepaald - ensafuorthinne.
Hawar, it gewoane wurk fan plysjeminsken mei lege hannen.
De haadynspekteur bliuwt de hiele nacht stand by. Moarn om 08.00 oere is de folgjende evaluaasje.
Op it plein stjoert de sinne de lêste strielen tusken de flats troch. Auto's ride suver bumper oan bumper dat nei it sintrum fan de stêd op: it is keapjûn. Op it plak dêr't earder de BMW fan Karel van Gaalen stie, is in dûnkerkleurige stationcar parkeard. Op de stripe gers stiet in man. Hy sjocht hoe't in hûntsje troch de achterpoaten sakket.
Gjin kameraploegen mear op it plein. De bylden binne in skoft lyn al kreas op 'e tiid fia de skûtelweinen trochjûn yn de respektive nijsútstjoerings. Faaks dat der yn in let journaal noch wat sturtswile wurdt. Moarn is der wer oar nijs.
Feal lampeljocht op it plein. Auto's ride.
| |
Trije kear fjouwerentwintich oeren letter
(05.11 oere - meldkeamer plysjeburo)
Noch in oerke, tinkt Sym Jansens. Noch in lyts oere en it sit der ynearsten op. Dizze nachttsjinst, it wurk. Aansen in skoft sliepe, faaks dat Mieke har noch efkes oankrûpe lit en dan de brot yn 'e auto. Fakânsje!
Sym Jansens leit de hannen yn 'e nekke, fearret de stoel achterút en glimket.
Moarn om dizze tiid hat er fan 'e wrâld gjin weet. In noflik bêd yn in noflik pensjon yn Eersel, Brabân.
It pipet yn syn ear.
Rûtinearre lûkt Sym Jansens de speakerset fan 'e holle. Hy sjocht Marrit oan, gniist. Marrit drukt in knop yn en stekt de tonge út.
‘Hoofdbureau politie. Zegt U het maar.’
Op it stuit dat Sym Jansens oerein sil - in lêste bakje kofje - fernimt er de feroaring yn Marrit har stim, sjocht er hoe't se de wiisfinger syn kant út stekt. Dat hy set de speakers op 'e earen en harket mei.
Hymjen, swier hymjen. In man.
‘Ja’, seit Marrit, ‘en doe?’
Hymjen.
‘It wie in putsje fan neat...’
Marrit swijt, wachtet.
Hymjen.
‘Ja?’ seit Marrit wer.
‘Dat wiif fan him...maklik putsje...se hie der in slompe jild foar oer...’
Hymjen.
Sym Jansens sjocht Marrit oan, lûkt de wynbrauwen heech, draait rûntsjes mei de hân.
Hy sjocht dat de recorder draait.
Marrit swijt.
‘Binne jo der noch?’
‘Fertel mar fierder’, seit Marrit.
Hymjen.
| |
| |
‘Ik ha dat jild noait krigen...’
‘Wat jild?’
It is in skoft stil. Dan begjint it hymjen op 'e nij.
‘It jild dat se my tasei...dat ik krije soe...dêr't ik rjocht op haw...’
‘Wêrom...’
In aaklik laitsjen giet oer yn hoastjen, yn hymjen. It duorret.
‘Wêrom hawwe jo rjocht op jild? Fan wa? Wat hawwe jo dien?’
Sym Jansens sjocht Marrit oan. Tefolle fragen tagelyk.
It hymjen duorret.
‘Dy wethâlder...’
Sym Jansens bûcht him nei foaren. Efkes is der eachkontakt mei Marrit. Sym knikt.
‘Ja?’ freget Marrit.
‘Dat wiif fan dy wethâlder...se hie der jild foar oer...as ik it regele...’
‘Wat regele?’
Wer dat laitsjen. Hymjen.
‘Wat tinkste?’
Sym Jansens drukt de sprekknop yn.
‘Sis no wat jo bedoele, man!’
Stilte.
In klik. De line is dea.
Marrit sjocht lulk fansiden.
‘Dat wie stom!’ seit se.
‘In gek’, seit Sym. Mar hy notearret wol it telefoannûmer fan it display. Hy sit it neisykje litte. Syn lêste aksje ynearsten.
| |
Twa kear fjouwerentwintich oeren letter
(07.30 oere - keamer koördinearjend haadynspekteur)
De haadynspekteur is wurch, skjin ynein. Eins soe er op bêd moatte, lykas in gewoan minske nei in lange wurkdei. En hy wie al mear as fjouwerentwintich oeren oanienwei yn 't spier. Justeroerdei wie er nei Bussum reizge foar de opnames fan ‘Opsporing Verzocht’. In lange sessy. Trije kear hie er de fragen fan dat eptige mantsje beäntwurde. Hyltyd deselde fragen en hyltyd deselde út 'e holle learde antwurden. Gjin wurd fan himsels. Fraach en antwurd wiene al útskreaun doe 't er yn de studio kaam en fan him waard ferwachte dat er syn tekst ûntspannen aktearde. Hy hie him in snotjonge field yn dat sirkus. Hie it gefoel hân dat er dêr allinne mar siet ta meardere gloarje fan de presintator en it programma. Dat ‘de saak Van Gaalen’ komprimearre wie ta in ûnderdiel fan in show. Justerjûn hie er op de televyzje in houten klaas yn unifoarm sjoen, stiif fan 'e spanning en argewaasje. Guon kollega's hiene lake, guon hiene yn 'e hannen klapt. Hy hie mar meilake.
Daalk nei't de telefoannûmers yn byld ferskynd wiene, hie der lykwols gjin tiid foar geintsjes mear west. In team fan tsien plysjeminsken hie de ynkommen berjochten heind, op 'e bân en op papier.
De haadynspekteur suchtet. Foar him op de grutte konferinsjetafel leit de earste bringst fan in lange nacht harkjen en freonlik wêze. Trije steapels hat er der fan makke.
Links de steapel ‘gekken en grappen’:
• | It lyk dat fûn wie op it bouterrein koe ûnmooglik dat fan wethâlder Karel van Gaalen wêze, want de man wie de ôfrûne dagen sinjalearre yn Maastricht, yn Grins (3 kear), yn Amsterdam (2 kear yn de ytseal fan Yab Yum, 1 kear yn Artis en in kearmannich earne oars yn 'e stêd), yn Luik en op in fleanfjild by Londen. |
• | Wethâlder Van Gaalen hie woansdeitenacht yndied op it bouterrein west, allinne, hie him finaal útklaaid en wie eksakt om tolve oere ophelle troch in fûl ferljoch- |
| |
| |
| te fleanend objekt dat daalk dêrnei as in stjer ferdwûn wie yn it universum. It lichem dat achterbleau, koe allinne mar in leech omskot wêze. |
• | Karel van Gaalen hie himsels twa kear oppenearre. As frou. |
• | De Russise, Turkse, Palestijnse, Italiaanse mafia hie dizze moard organisearre. |
• | De ûntfiering fan wethâlder Karel van Gaalen wie sûnder mis it wurk fan in Fryske aksjegroep. De man hie it ommers altyd ferdomd om yn it iepenbier Frysk te praten, wylst er hikke en tein wie yn Menaam, berne út geve Frysktalige âlden. Syn dea hie grif in ûngelokje west. |
• | Ensafuorthinne. |
Yn it midden it steapeltsje ‘mooglikheden’: ûnder oaren ferwizings nei bûtenechtlike relaasjes, nei lytse boubedriuwen dy't oer de kop gongen wiene, nei Van Gaalen as gokker op grutte skaal (kasino's, hynders). Benammen it eventuele gokgedrach fan it slachtoffer soe neigien wurde kinne. It ûndersyk nei de boubedriuwen, dat ferline wike al útein set wie, hie oant no noch neat opsmiten.
Rjochts leine twa memo's en twa kasettebantsjes mei it plysjestimpel op it label.
De haadynspekteur treau mei de wiisfinger de bantsjes wat fansiden. Syn plysjegefoel fertelde him dat dit wolris wat wêze koe. In oanwizing. Faaks de Gouden Tip, dêr't de media likefolle ferlet fan hiene as it resjerzjeteam. Op it iene bantsje stie it petear dat in dei as wat lyn fia de sintrale binnen kommen wie. In petear dat sa dom ôfbrutsen wie troch adjudant Jansens. It oare bantsje wie fannacht opnommen. In earste stimanalyse hie útwiisd dat de sprekker deselde wêze moast. Beide petearen wiene op nûmer neigien. Telefoansellen.
(fragmint twadde kassettebantsje, útskreaun op kearntekst)
(...)
- | Jo hawwe in melding? |
- | In wat? |
- | Jo wolle reagearje op de útstjoering? |
- | Ja. |
- | Sis it mar. |
- | It wie dat wiif. Se hie der in protte jild foar oer. |
- | Welke frou? |
- | Dat wiif fan dy wethâlder. |
- | Ja? |
- | Se moat my noch betelje! |
- | Betelje. Wêrom? |
- | Om wat ik regele ha. |
- | Wat ha jo regele? |
- | Dat him wat oerkomme soe. |
- | Wethâlder Van Gaalen? |
- | Ja. |
- | Wat soe him oerkomme. |
- | In ûngelok. |
- | In ûngelok. |
- | Krekt. En no wol dat wiif net dokke. |
- | De frou fan wethâlder Van Gaalen wol jo net betelje? |
- | Jo begripe my wol. |
- | Hoe... |
- | Ik ha myn jild net krigen! |
- | Mar... |
- | Jim moatte by dat wiif wêze! En sis dat ik myn jild ha wol! Ik ha skulden! |
Ein melding. Beller ferbrekt ferbining.
| |
(08.45 oere - keamer koördinearjend haadynspekteur)
Beide bantsjes binne in kearmannich beharke. De oanwêzigen hawwe gjin twifels: beller is yn beide gefallen deselde. Faaks in junk (hymjen, hoastjen), yn alle gefallen immen dy't knap yn 'e war is. Of fysyk net yn oarder. Frou Van Gaalen soe opdracht jûn ha om har man wat oerkomme te litten. Moatte wy dizze
| |
| |
meldings serieus nimme? De haadynspekteur harket nei de diskusje.
(Ja: de frou belle wol hiel betiid nei it buro om te melden dat har man net thúskommen wie - de frou belle sûnt om it kertier - de frou reagearre frjemd doe't har ferteld waard wat har man oerkommen wie, spruts teksten dy't no yn in oar ljocht komme te stean (set wurde kinne) - de frou wie op 'e hichte fan de relaasje fan har man mei juffer Willemsma - der is fierder gjin inkeld oar spoar. Nee: wat binne wurden fan in gek, fan in junk wurdich?)
Besletten wurdt frou Carolien van Gaalen-de Montaigne, sûnt koarten widdo fan Karel van Gaalen, op te heljen foar in petear en har eventueel te konfrontearjen mei de ynhâld fan de lûdbannen.
De haadynspekteur sil ien en oar regelje mei de helpofsier fan justysje. En dan sil er op bêd.
| |
(11.45 oere - sprekkeamer 3 plysjeburo)
Frou Van Gaalen glimket freonlik en antwurdet op alle fragen dy't de plysjefrou en de plysjeman har om bar stelle. Beleefd, mei wisse stim. Op gjin inkele wize makket hja de yndruk fan immen dy't in geheim meidraacht, dy't wat te ferbergjen hawwe soe. In aristokrate, tinkt de plysjeman. In kalde tante, tinkt de plysjefrou.
It petear beweecht him yn brede sirkels, konsintrys nei de kearn. Ut en troch falt der in stilte. As frou Van Gaalen in sigaret opstekt bygelyks. Of as der - op ófspraak - kofje brocht wurdt.
Saakkundich ûnderfreegjen troch faklju. Wie mefrou op 'e hichte fan de relaasje fan har man mei Stella Willemsma? In lichte knik. Wie mefrou dat yn 'e wei? In suver net te fernimmen oplûken fan 'e skouders. Hate mefrou har man? Oplutsen wynbrauwen. Soe mefrou har man kwea tawinskje, in ûngelok bygelyks? In flits fan panyk yn 'e eagen, ûnwisse glimk.
‘Dat lêste, dy lêste fraach begryp ik net alhiel. Wêr wolle jo op ta?’
De plysjefrou giet oerein en tikket twa kear op it spegelrút.
Swier hymjen klinkt troch de sprekkeamer. Dan folget it petear tusken Marrit en de anonime beller. Frou Van Gaalen skuort de eagen wiid iepen, slacht in hân foar de mûle.
‘O god’, flústert hja. ‘Sa belle er my ek. Sa belle er elke dei wer.’
Ynienen in heech piipjen, jammerjen, oergeand yn in djippe sucht. Frou Van Gaalen sakket stadich ûnder de tafel.
It twadde bantsje wurdt net mear ófdraaid.
Fansels, de advokaat hat noch besocht ien en oar te rêden, mar der wie neat mear te rêden. Frou Van Gaalen woe har ferhaal fertelle. Oer de frustraasjes oangeande de ‘hoeren’ dêr't har man mei omgong. Hoe't se lange jierren besocht hie dat te akseptearjen. Oant it net mear woe. Oer hoe't se nachten lei te fantasearjen: hoe reitsje ik fan him ôf? En úteinlik: hoe meitsje ik him dea? Se fertelde oer de jonge man dy't de tún wolris die en ‘oare klussen’ en dy't se geandewei yn al har iensumens yn betrouwen naam. Hoe't fan it iene it oare kaam. Samar in opmerking dy't serieus opfette waard. En ja, se hie oer jild praat, in protte jild. Mar dit hie de bedoeling net west. Of al? Se wist it net mear.
Dy nachts, of eins de oare moarns betiid, wurdt yn in leechsteand hearehûs it lyk fûn fan in jonge man. In registrearre drugsbrûker. De oarsaak fan 'e dea is in kûgel dy't fan tich- | |
| |
teby ôffjurre waard en krekt tusken de eagen syn ynslach hân hie.
Frou Van Gaalen wennet yn deselde strjitte en moat (op fersyk: twa plus twa en sa) en kin in identifikaasje dwaan. Posityf. Har túnman. In earste ballistys ûndersyk wiist út dat de kûgel dy't in ein makke oan it libben fan dizze jonge man fan itselde kaliber is as de kûgel dy't wethâlder Karel van Gaalen deade. Faaks dat itselde wapen brûkt is.
| |
(17.23 oere - kantine plysjeburo)
‘Wy hawwe it fermoeden’, seit de haadynspekteur tsjin in stikmannich fertsjintwurdigers fan de skriuwende parse, ‘dat it in dúdlik ferhaal is, basearre op dream en die, wêrby't úteinlik de die in misbegryp blykt te wêzen.’ De haadynspekteur glimket. Hy sjocht freegjende gesichten. Dan fertelt er wat er yn earste ynstânsje kwyt wol, kin en beäntwurdet fragen. Ien fraach lykwols hat er gjin antwurd op. Wa't ferantwurdlik wie of wiene foar de untfiering en de dea fan wethâlder Van Gaalen. En de dea fan de jonge junk.
‘Der binne sirkwy's dêr't wy gjin greep op ha. Dy jonge man hat nei alle gedachten in soarte tuskenpersoan west. Dy't ta swijen brocht is.’
Kameraploegen strutsen del yn 'e stêd, skûttelweinen waarden parkeard op it grutte stedsplein. Der waard omraken filme.
Oer in moanne as wat binne se der sûnder mis wer. Om ferslach te dwaan fan it proses tsjin de frou fan de wethâlder.
|
|