Altyd wat!
Tr. Riemersma
Unthullingen
Wat soe der no yn dat pak fan Folkertsma sitte? It moat, punt ien, spul wêze dat by syn libben of daliks nei syn dea net publyk makke wurde koe om't it ‘kwea koe’. Wat kwea? Der binne bygelyks brieven oan Folkertsma mei ynformaasje oer yntime saken fan oare Fryske skriuwers. Dy en dy hat wat mei in oare frou of man hân. Of dy en dy syn heit wie ferkeard yn 'e Earste Wrâldoarloch. Of dy en dy hat twaris in skoft yn Feanhuzen sitten fanwege iepenbiere dronkenskip. Mar, eigentlik leau ik net dat it om soks giet. Want it twadde punt is: de bewarre ynformaasje moat tritich-fjirtich jier nei de bewarder syn dea noch ynteressant wêze. Persoanlike ynformaasje is dat net. Alteast it liket my net relevant dat wy no nochris te hearen krije dat Watze Cuperus net fij wie fan oare froulju, bygelyks.
Dat dus net. Mar wat dan wol? Ynformaasje oer literêrpolitike maneuvels dy't har efter de skerms ôfspile ha en dy't destiids abslút net bekend wurde mochten, en dy't fjirtich jier letter as se bekend makke wurde noch foar in sinsaasje soargje kinne? Wat dan? Wa kin him hjir wat by foarstelle? Ikke net. It iennige wat ik betinke kin, is: Folkertsma fûn himsels sa'n wichtich man dat er net yn ien, mar yn twa kisten begroeven wurde woe. Mar likemin as wy de kiste mei syn echt lyk nochris iepen helje, hat it doel om dit papieren lyk op 'e snijtafel te lizzen.
Jan Ritskes Kloosterman sit mei syn buorfrou te frijen. Hy hat de hân yn har jak stutsen en streaket har bleate boarsten. As it minske begjint te kroanen fan geniet, giet Jan Ritskes fierder. Hy lûkt har de beide rokken boppe de knibbels en giet mei de hân by de broeksbokse yn dy't krekt boppe de knibbel sit. As er oan earmstakke ta yn 'e broek sit, kin er har prûmke fiele. Prûmke? It is in jeumer fan in prûm mei in bosk hier as fan in Wâldpyk. En like wyld en oergroeid is it ek: it is in heikerwei om it naadsje te finen. Mar Jan Ritskes set troch en de moarns as de melkers nei it lân stekke, hat er de finger yn it gatsje stutsen en dêrwei wrot er him in paad it útdroege sleatsje lâns nei boppen ta nei buorfrous startknop. Ienris en twaris drukt er derop en dan sinkt it minske efteroer en stekt de skonken de loft yn. It kostet Jan Ritskes hast in earm, want hy kin dy noait sa gau út 'e broek lûke. No soks.
It hie wol wat bestekliker kinnen. Mar earlik, as ik der net in geil ferhaaltsje fan meitsje, wat bliuwt der dan foar ynteressants oer oan 'e ‘ûnthulling’ dat Jan Ritskes in bern hân hawwe soe by in oare frou? As it gjin doarpske rabberij is, wat dan noch? Wat foar nij ljocht smyt dit ‘feit’ op 'e literatuer fan Jan Ritskes of dy fan syn dochter Simke? Moatte wy har skriuwerij tenei beskôgje as eroatysk of bûtenechtlik of ûnearlik of ûnfatsoenlik? Moat Jan Ritskes út 'e kanon krast wurde en fan 'e lêslisten fan tintamenkandidaten ferdwine? Kin Twizel net mear oandien wurde as pleisterplak op 'e rûte fan Henk van der Meer syn literêre reizen? Wa't it wit, mei it sizze.
En ik bin bang, sels sokke pikante ynformaasje is yn 'e kiste fan Folkertsma net te finen. As ik Tony Feitsma wie, wist ik it wol: in snjit peteroalje deroer en de brân deryn.