Meiwurkers
Joop Boomsma (1945) learaar Nederlânsk oan in fierste grutte skoallemienskip yn Ljouwert. Publisearret yn 't Frysk (yn alle mooglike rubriken) sûnt 1968, mar it ourûne desennium benammen as misdiedauteur. Wennet yn Menaam.
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Foarich jier ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei.
Eppie Dam (1953) is skoalmaster en skriuwer. Troch de hieltyd grutter wurdende gekkichheid yn ûnderwiislân, de lêste jierren ek yn dy folchoarder. Hy skriuwt foar folwoeksenen en bern, al wurde de grinzen hieltyd fager. Yn syn meikoarten te ferskinen Dingeman krijt wjukken falle se suver wei.
Klaas Jansma (1949) hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by it Friesch Dagblad en skriuwer fan romans, non-fiction en kabaret.
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media.
Johanneke Liemburg (1952) wie sjoernaliste en politika, is in part fan de wike koördinator by it emansipaasjeburo Equa to Ljouwert. Skreau foar de KU it boekje In tik fan Domela (1995), hâldt har no dwaande mei it skriuwen fan in biografy oer Fedde Schurer.
Trinus Riemersma (1938) is hûshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan.
Willem Schoorstra (1959) wennet yn Ternaard. Hâldt him dwaande mei filosofy, (bedriuws)psychology en muzyk. Sûnt oardeljier yntinsyf mei poëzy en proaza yn 'e slach; wûn yn 1998 de twadde priis yn de Ruerd Wiersma-poëzykriich.
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Fan him ferskynde foarich jier de ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma.