| |
| |
| |
Rearend yn 'e panne fan de tiid
Priuwkes út 'e wurkboeken fan in geheimhâlder
Eppie Dam
En zo gaat alles z'n gang, hoe dan ook. Vooruit zien, weer even terug kijken, dan weer het moment, enz. Roerend in de pan van de tijd, van de gebeurtenissen, van de gedachten en de hersenspinsels. (Wurkboek 20, 18.10.91)
Als je al iets ontdekt, wordt het alleen maar begrepen door diegene die het zelf ook al heeft ontdekt of er heel dichtbij zit. (Wurkboek 2, 13.10.86)
It bloed krûpt. Gerrit Terpstra út Heech is eins al byldzjend keunstner as er as jongfeint op 'e bakkersskoalle sit. Hy kin boetsearje as gjin oar en tekent de moaiste taarten. It bloed krûpt, ek al sil it jierren duorje.
Gerrit Terpstra, bakkerssoan, wurdt op 3 septimber 1953 berne yn Burdaard. Nei de legere skoalle, de LTS en de bakkersskoalle komt er by in bakker yn it wurk. Hoewol't it ambacht him nocht en foldwaning jout, kin er der net syn hiele hert en siel yn kwyt. Hy folget in jûnstúdzje oan keunstakademy Vredeman de Vries yn Ljouwert. Dat is útsoarte min te kombinearjen mei it bakkersfak. Hy siket oar wurk, en fynt dat by in drukkerij.
Neidat er yn 1974 syn oplieding oan de akademy ôfsletten hat, wol er libje fan de keunst. De wâl fan de werklikheid keart lykwols it skip fan syn artistike aspiraasjes. Hy hat yntusken in húshâlding, en der moat bôle op 'e planke. Hy leart ta metaalbewurker en lasker en wurket dêrnei mear as fiif jier by Staalbouw Nauta yn Heech. Mar it bloed krûpt.
Nei fiif jier stúdzje oan in learare-oplieding hellet er it twaddegraads foech foar tekenjen en hânfeardichheid. Hy jout as ynfaller in pear jier les op ferskate skoallen yn Fryslân. It falt him net ta, benammen troch de minime belangstelling by skoallen en learlingen foar beide fakken. Undertusken begjint er syn namme te festigjen, en úteinlik nimt er dan dochs it beslút om te wurden wat er altyd west hat: byldzjend keunstner.
Gerrit Terpstra ha ik foar it earst troffen yn desimber 1994. It wie yn Ljouwert, by de presintaasje fan dichtwurk yn kombinaasje mei byldzjende keunst yn it ramt fan de rige Fryslân yn print, proaza en poëzy. Hy wie dy middei net oars as doe't ik letter faker en langer mei him prate: hoedsum en lykwichtich; belangstellend en beskieden; skerp yn 't lústerjen; foarsichtich yn 't riddenearjen, sykjendewei en op syn wurden betocht; helder en tagelyk myld yn syn oardiel; iepen, mar net alhiel te bedjipjen; in mystearjedrager sûnder in spoar fan mysterieuziteit; natuerlik, gjin inkele pose. Gerrit Terpstra hoecht him ek net te forsearjen. Hy is in minske dy't de keunst as libbenshâlding hat en, tagelyk, in keunstner dy't de dingen fan it minsklik libben as keunst beskôget.
Nei dy earste moeting ha ik him in pear
| |
| |
kear frege om byldwurk te meitsjen by liturgise teksten. Ik socht him op yn syn atelier om de resultaten te besjen en te bepraten. Sa bin ik geandewei yn 'e kunde kommen mei parten fan syn wurk troch de jierren hinne. Ik wie ûnder de yndruk fan de yntinsiteit en fan de rykdom dy't derút spruts - oan brûkte materialen, oan ideeën, oan symbolyk, oan poëzij. It woe my hast net oan dat der al dy jierren sa ticht by hûs wurk te finen west hie mei deselde ferrifeljende ienfâld en deselde besiele lading as dy fan de objekten fan de Dútse keunstner Joseph Beuys.
In artikel skriuwe dat in folslein oersjoch jout fan it wurk fan Gerrit Terpstra oant no ta, is in ûnmooglike opjefte. Lang net alles wat er makke hat, is noch yntakt, of it moat al wêze yn 'e foarm fan foto's en/of beskriuwingen. Boppedat soe it jierren stúdzje freegje, wylst de delslach dêrfan de omfang krije soe fan in boek.
Sa net, yn maaie 1999 ferskynt by de Friese Pers it boek Gerrit Terpstra. Dêr ha, neist de keunstner sels, sân skribinten in bydrage oan levere. It jout in yndruk fan syn wurk, mar mear ek net. Dêrfoar is syn kwantiteit te grut en de ynhâld te ûngrypber. Elk dy't oer it wurk fan Gerrit Terpstra wat sizze wol, rint ek tsjin de grinzen oan fan de taal. It is mei wurden benei te kommen, oan te tsjutten, oan te reitsjen sels, mar net te pleatsen, dúdlik te meitsjen, lit stean út te lizzen. Faaks soe de taal fan in dichter noch it meast tarikkend wêze.
Foar dit artikel krige ik de beskikking oer gegevens dy't Gerrit Terpstra fan 1986 ôf byhalden hat oer syn wurk. Dat wol sizze: oer it ûntstean derfan, de ideeën derachter, de útfiering en útstalling derfan en de reaksjes derop, fan himsels likegoed as fan oaren. Ek
hjir jildt: se jouwe net in oersjoch fan syn wurk, earder wat mear ynsjoch yn syn manier fan wurkjen, tinken en libjen.
Lykas hiel wat byldzjend keunstners hâldt ek Gerrit Terpstra der saneamde keunstnersboeken op nei. Ik sis ‘keunstnersboeken’, mar dy namme hinget noch. Willem Winters, yn 1995 inisjatyfnimmer fan in útstalling fan soksoart
| |
| |
boeken yn it Fryslanhûs, hat besocht om it fenomeen in gaadliker namme te jaan: ‘Het is geen schetsboek, al staan er soms wel schetsen in. Het is geen dagboek, al staan er soms wel persoonlijke aantekeningen in. Het is geen kunstenaarsboek, want het werd niet gemaakt om het te exposeren en het is - dus - niet te koop. Je zou het een ideeënbronnenboek kunnen noemen.’
Gerrit Terpstra kiest úteinlik ek foar sa'n protsje nammen. Op 'e earste trettjin fan syn oant no ta 41 boeken stiet noch sljochtwei ‘Schetsboek’. Dêrnei brûkt er meastal de oantsjutting ‘Schets/werkboek’ of ‘Schets/werk/dagboek’, beide faak ek as ferlytsingswurd. As er syn eigen boeken neamt, hat er it oer ‘werkboeken’. It earste, in lyts oranje winkelsketsboekje mei spiraal, set út ein op 15 juny 1986; it lêste slút ôf op 15 oktober 1998. It tinste boek hat 40 siden, it tsjokste 182. Meiinoar binne der 4439 siden. Trochinoarhinne is dat in produksje fan ien side deis.
Keunstnersboeken - ik brûk noch in kear de offisjele namme - komme gewoanwei net yn 'e iepenbierheid. As it al gebeurt, lykas by de niisneamde útstalling, is de kâns grut dat se har spesifike karakter ferlieze. Troch se yn in vitrine te lizzen of losse blêden derút oan 'e muorre te hingjen, wurde it foaral objekten. Wylst sokke boeken derom freegje om se ek yn 'e hannen te krijen, troch te blêdzjen en yn te sjen. De by de Fryslânhûs-eksposysje skepen ôfstan tusken boek en publyk brocht LC-keunstkritikus Johanna Schuurman ta de kwalifikaasje ‘frustrerende tentoonstelling’. Foar ien bydrage oan de útstalling makke se in útsûndering. ‘Het enige boek waarin je echt kunt bladeren, is van Gerrit Terpstra. Hij maakt ze erg stevig.’ (Leeuwarder Courant, 10.6.95)
Yndie, op dat alderearste oranje sketsboekje nei, binne alle wurkboeken troch Gerrit Terpstra sels makke. En stevich binne se ek. Opfallend is it ferskaat yn foarm en formaat: lizzend, rjochtoerein steand, fjouwerkantich, A5, A4, folio, alles komt foar. De skyline fan syn boekeplanke wurdt der sa net rêstiger op, mar soks strykt alhiel mei it fariearde en ûngrypbere karakter fan syn wurk.
Krekt like grut is it ferskaat yn omkaften en de materialen dy't er dêrfoar brûkt. Dat materiaal kin griis kerton, feal linnen of read kaftpapier wêze, mar ek blau filt foar ûnder de flierbedekking, taffelswilk, seildoek út 'e jeugdherberch fan Heech, bûnte stuolbeklaaiïng, de kaart fan Fryslân, in skilderijôfdruk of it lear fan in ta weismiten keard bankje dat er by de dyk weiskarrele hat.
Hoewol't er se net as sadanich makket, binne de wurkboeken fan Gerrit Terpstra op harsels ek keunstobjekten. Dat jildt foar de boeken yn har totaliteit, mar likegoed foar de siden ôfsûnderlik. Dy binne faak prachtich om te sjen, mei altyd wer in oar en dêrtroch yntrigearjend lykwicht tusken byld en tekst. Dy tekst kin rjocht op 'e side stean, mar ek oerdwers, of yn in waaier, of yn in sirkel. De bylden - sketsen, tekeningen, konstruksjemodellen, ferfstikjes - foarmje mei de tekst in organys gehiel. Se sprekke deselde taal, se komme út deselde pinne.
Yn wêzen rint dy sterke gearhing tusken bylden en wurden troch syn hiele wurk. Hy brûkt ek graach it byld fan de taal om syn wurk te tsjutten. Yn in ynlieding by in eigen eksposysje yn Wymbritseradiel skriuwt er: ‘Ik zie mijn beeldend werk dan ook als een verhaal dat ik ontwikkel en lees.’ (Wb 3, 4.3.87)
Hast alle teksten yn 'e wurkboeken binne skreaun yn it Nederlâns. De skôgjende stikken likegoed as de deiboekachtige fragminten
| |
| |
tsjûgje fan in heldere en byldzjende skriuwtrant, mei gefoel foar ferhalding en each foar detail. Oan elke sin is te fernimmen dat it skriuwen foar Gerrit Terpstra gjin oanfoljende en frijbliuwende oangelegenheid is, mar in libbensferlet. ‘Soms heb ik de onbeschrijfelijke behoefte om m'n ervaringen, gedachten op schrift te stellen, een soort boek te schrijven, althans zo zie ik dat voor me.’ (Wb 3, 1.3.87)
In pear kear hat er, nei oanlieding fan troch himsels makke objekten, min of mear fiktive ferhalen skreaun. Se steane yn 'e wurkboeken en binne, benammen troch har autentisiteit en eigen sfear, nijsgjirrich om te lêzen. Nei it skriuwen fan syn earste literêre ferhaal, by it projekt TIIDSPEGELTIID, notearret er oer dizze nije ûnderfining: ‘Het was een hele verrassende bezigheid. Ik zat a.h.w. zelf in het verhaal opgesloten. (...) Wat ik me trouwens afvraag is of dit nu gezien moet worden als een stap op het schrijverspad.’ (Wb 15, 6.12.90) Fjouwer dagen dêrnei, by it behoffenjen fan it ferhaal, hat er it idee dat it skriuwen tefolle omtinken fan him ferget. Mar de ynderlike driuw bliuwt. ‘Waarom steeds meer schrijven, ik beheers de nederlandse taal niet eens behoorlijk. Maar waarom dan toch steeds weer schrijven. Zijn er dan geen beelden meer.’ (Wb 16, 13.12.90)
Lykas sein, de taal yn 'e wurkboeken is trochstrings Nederlâns, útsein de titels fan de projekten, dy't fan it begjin ôf faak Frysk west ha. Dy gauris koarte titels - fjoer, loft, lân, sinne, dragers, wjukken - helpe him om him op it ûnderwerp te konsintrearjen. Se wurkje as in mantra, seit er sels, en dêrby is de emosjonele lading fan it Frysk fan essinsjeel belang.
Yn april 1991 - op 'e lêste side fan Wurkboek 17, dus tiid foar in tuskenbalâns - prakkesearret er foar it earst oer de mooglikheid om yn it Frysk te skriuwen. Net fanwege ideologise motiven, inkeld om tichter by de dingen en tichter by himsels te kommen. Under de like feestlike as alarmearjende titel ‘ûnwaer yn de tiidmoune’ skriuwt er: ‘Al wer de lêste bledside. De behoefte om in m'n eigen taal te schrijven wordt steeds groter. Misschien moet ik nog eens een cursus Fries volgen. Zin heb ik daarin niet, maar de mogelijkheid om te schrijven wat ik wil lokt me.’ (Wb 17, 12.4.91)
De gedachte om yn it Frysk te skriuwen krijt begjin 1996 in nije ympuls. Neidat Eeltsje Hettinga foar de Friesland Post in fraachpetear mei him hân hat, komt tusken har in briefwiksel op gong. ‘Gisteren bijna de hele
| |
| |
dag bezig geweest met schrijven van brief aan Eeltsje in Amerika. Een hele klus vanwege het in 't frysk skreuwen.’ (Wb 34, 31.7.96) Dêrnei brûkt er it Frysk - hy behearsket it better as er sels tinkt - ek wolris yn 'e wurkboeken, al bliuwt it ynsidinteel.
Undertusken hat er mei it skriuwen sels in haat-leafde-ferhalding. Oan 'e iene kant helpt it him om oarder te skeppen en prosessen op gong te bringen of geande te hâlden, oan 'e oare kant hâldt it him ek fan essinsjele dingen ôf en ûndergiet er it as in flecht. ‘De werkdag opnieuw met schrijven beginnen is een veeg teken.’ (Wb 28, 18.10.94) ‘Niets te vertellen en toch schrijven.’ (Wb 30, 15.2.95)
It wurdt tiid om wat spesifiker nei de ynhald fan de wurkboeken te sjen. Dat er se sels ‘Schets/werk/dagboeken’ neamt, jout al oan dat der in skala fan ûnderwerpen yn te finen is.
Utsoarte skriuwt er geregeld oer syn keunstopfetting, syn ideeën, syn wrakseling mei wat him foar eagen stiet en wat it úteinlik opsmyt, syn twifels oer hoe't de dingen in ferfolch krije moatte.
Utsoarte skriuwt er ek oer syn kontakten mei minsken út 'e keunstwrâld, de opdrachten dy't er krijt, it tarieden fan útstallingen, de plakken dêr't er wurket, de materialen dy't er brûkt, it jaan fan kursussen, de finansjele tûkelteammen.
Mar oer oare dingen skriuwt er ek: reedride, kanofarre, fytse, sinteklaasfiere, in krystbeam keapje, in bank beklaaie, kleanmeitsje, bloedjaan, nei de toskedokter moatte, de Golfoarloch, fitness, auto-ûngemakken, jierdeis, famyljedagen, tekeningen fan de bern.
Nergens yn 'e wurkboeken wurdt in wêzenlik ûnderskie makke tusken sokke dingen en dingen fan in saneamde hegere oarder. Alle ûnderwerpen dy't er behannelt, behannelt er mei tawijing en respekt. Dingen fan in legere oarder ken er yn prinsipe net. Lytse dingen wol, mar dy kinne sûnder muoite en by útstek yn 'e ‘grutte’ dingen mei. Dit typearret him as minske en as keunstner, foar safier't it ûnderskie te meitsjen is.
Lytse dingen krije ek geregeld in plak yn syn wurk: in hierlok fan Hester, in seefûgelfearke, in stien út 'e Ardinnen, in stobbe. ‘Nu is het alleen de vraag in hoeverre ik de stronk kan en/of mag bewerken.’ (Wb 31, 2.4.95) Hoefolle respekt sprekt út dat iene wurdsje ‘mag’. Dingen ha foar him in identiteit, in siel. Hy brûkt se net, hy lit se oan it wurd. Troch der mei soarch mei om te gean, bliuwe se yn wêzen, ek al tarre se yntusken wei. De koweorganen dy't in plak hân ha yn it projekt SANCTUS CORPUS (in útstalling yn it tsjerkje fan Ginnum, dêr't er permanint eksposearret) wurde ôfsûnderlik yn sekken en dêrnei meiinoar yn in doaze dien. ‘In de grote schaal waar de lever in lag, bleef nog wat bloed/vocht achter en dat heb ik over de borden verdeeld. Op ieder bord een paar druppels. De kerk met een gerust hart verlaten.’ (Wb 39, 24.3.98) Thús, neist it atelier, bringt er de organen te ierde, ‘op ± 65 cm diepte’.
By de winterdei fynt er in Playmobil-mantsje op it stran. Hy hâldt it mear as in healjier by him yn 'e jasbûse. ‘En dan nu, eindelijk, is het z'n beurt om te voorschijn te komen, een plaats te veroveren. Hij moet gedragen worden, maar hoe en waardoor is nog niet zeker.’ (Wb 40, 18.8.98) Foar wa't geduld hat en de tiid net twingt, wurde dingen faak starichoan dúdlik. Twa heafoarken, oait weismiten troch in boer, ha yn it atelier 25 jier op har bestimming wachte. Mar doe wiene se ek teplak.
Ut 'e wurkboeken komt net in fêst idee nei
| |
| |
foaren fan wat Gerrit Terpstra mei syn byldzjend wurk foar eagen stiet. Dat kin ek hast net, want keunstnersboeken ha no ienkear gauris de funksje om meardere ideeën te ûntwikkeljen, te beriddenearjen, te hifkjen en eventueel wer ôf te karren. Is it sa dat by Gerrit Terpstra it begjin fan ideeën gauris yn 'e wurkboeken te finen is, om te sjen oft se de muoite wurdich binne moat er dermei te set. Prakkesearje mei de hannen.
Hy skriuwt dêr ek geregeld oer. ‘Mijn denken gaat pas werken op het moment dat ik ergens aan werk, ergens mee bezig ben.’ (Wb 21, 13.12.91) ‘Ben geen denker, moet DOEN, want vanuit doen ontstaat denken.’ (Wb 35, 29.10.96) De wurkboeken binne dan wol wer geskikt om it dwaan en de resultaten dêrfan achternei mei himsels te bepraten. Sa winne de ideeën oan, yn tal, mar ek yn rykdom, ‘een proces dat in de verte wat doet denken aan het natuurkundig proces van het entkristal’. (Huub Mous, yn syn iepeningswurd by de earderneamde útstalling yn it Fryslânhûs)
Yngeand - mar noait swiersettich - binne de diskusjes dy't Gerrit Terpstra mei himsels hâldt oer de rol fan moraal, etyk en estetyk yn syn wurk en oer de needsaak om te kommen ta ien styl.
Neidat er it al earder hân hat oer ‘moralistische twijfels’ en syn ‘calvinistische opvoeding’, skriuwt er yn 1988: ‘Ik moet oppassen dat ik het niet te veel in de christelijke symboliek zoek.’ (Wb 10, 15.11.88) Him realisearjend wêr't syn woartels en syn fassinaasjes lizze, wit er lykwols dat er maklik praten hat. ‘Ik moet me van tijd tot tijd echt weer losmaken, me ontworstelen aan de greep van de moraal, ethiek, esthetiek enz. enz. Maar ja, hoe en wat.’ (Wb 10, 2.11.88) Hoe en wat - krekt as freget er him ôf yn hoefier't er him fan dizze dingen losmeitsje kin sûnder los te reitsjen fan himsels. De muorren dy't er ófbrekt, bout er faak likehurd wer op: ‘Toch zit er ook iets educatiefs in het werk. Schijn dat toch belangrijk te vinden, dat belerende, dat willen onderwijzen.’ (Wb 37, 20.6.97) Om se úteinlik dochs wer ôf te brekken mei it ûnderskriuwen fan in útspraak fan de Dútse keunstner Anselm Kiefer: ‘As keunstners ha wy net de macht om de maatskippij te feroarjen. Wy ha allinnich de macht fan it byld, de macht om mei eigen eagen te sjen.’
Benammen yn 'e earste wurkboeken fielt er him net altyd frij fan de noarmen en moaden yn 'e keunstwrald. Miskien krekt dêrom set er him der bytiden fûl tsjin ôf. ‘Mag ik mij laten leiden en verleiden tot vooral esthetische genoegens? Ja, natuurlijk mag dat! Maar wil ik het ook? (...) Wel weet ik dat het voor mij geen heilvolle weg is om enkel te zoeken/streven naar één stijl. Misschien moet ik me bij die constatering neerleggen.’ (Wb 3, 9.1.87) ‘Misschien moet ik mezelf nog wel meer versnipperen om tot een eenheid te komen.’ (Wb 6, 10.10.87) ‘Het wordt nodig tijd dat ik me eens als een vrij mens, en dus als een vrij kunstenaar ga gedragen. Want wie bepaalt nu eigenlijk wat en hoe ik zou moeten tekenen?’ (Wb 8, 8.1.88) ‘Waarom zou ik trouwens in één bepaalde stijl moeten schilderen om als integer kunstenaar te worden gewaardeerd? Ik ben al dat gemoraliseer ZAT, en dan vooral m'n eigen gemoraliseer ten opzichte van mezelf.’ (Wb 8, 3.2.88)
Minder opstannich en mear skôgjend binne de passaazjes oer de kar dy't er tinkt meitsje te moatten tusken in figurative en in abstrakte wize fan wurkjen.
Yn it earstoan liket er de folsleine abstraksje te beskôgjen as in nei te stribjen en oait te berikken ideaal. ‘Ik merk ook dat ik in het ontstaan van beelden steeds meer zoek
| |
| |
naar de meest elementaire vorm, bijna naar abstraktie. Toch merk ik dat de totale abstraktie nog wel een aardig eind van me verwijderd is. Het figuratieve, het herkenbare element komt steeds weer naar boven.’ (Wb 5, 18.7.87) Al te lang hâldt er dy opfetting net fol, want ‘wat is abstraktie? Is dat datgene waarvan geen beeld in de waarneembare wereld te vinden is? Als dat zo is dan bestaat abstraktie niet, enkel vereenvoudiging of verdichting.’ (Wb 6, 20.10.87)
Twa jier letter, nei it sjen fan in televyzjeprogramma mei de Nederlânse skilder Rob Birza, liket de tsjinstelling him oplost te hawwen: ‘Gisteren bevestiging gekregen van ideeën, opvattingen die al geruime tijd in mij omgaan, namelijk het gegeven dat de scheiding tussen abstrakt en figuratief een fiktieve is. (...) Het idee is wezenlijk, de uitwerking is daaraan ondergeschikt. (...) Het enige regiem is bij mij de intuïtie, althans dat wil ik.’ (Wb 13, 2.10.89)
Likegoed komt it ûnderwerp ek dêrnei noch yn ferskillende foarmen werom. De wurden by in boatachtich sketske yn Wurkboek 18 (1991) jouwe it dilemma fan tagelyk figuratyf en abstrakt útbyldzje wolle goed wer: ‘skip gjin skip’. En figuratyf en abstrakt is it sketske yn Wurkboek 19 (1991) fan in pealkonstruksje dêr't in boat yn lizze kin mar net yn leit: de boat is der tagelyk al en net. In oar skipke ‘is heel elementair geworden. Lijkt een beetje op een visgraat, en dat is goed.’ (Wb 36, 31.1.97) Mei oare wurden: dingen moatte harsels wêze, mar tagelyk ferwize nei wat oars.
Dêrmei is gjin einstadium berikt, want de sucht nei wer mear realisme bliuwt. De twifel ek, al fungearret dy meastal as in nije driuwfear. Op 28 novimber 1997 skriuwt er yn Wurkboek 38: ‘Woensdag voor het eerst een appel geschilderd. (...) Het was echt een openbaring. Tot nu toe was ik bang voor de werkelijkheid, tenminste dat denk ik.’
| |
| |
Miskien is Gerrit Terpstra yndie benaud foar de werklikheid. Fandêr dat er har beskriuwt, tekent, skildert, útbyldet, koartsein: oardert. Net om har te behearskjen, earder om har te begripen. ‘Ordenen en herordenen lijkt de enige mogelijkheid om zicht te krijgen op en inzicht te krijgen in datgene dat zich voordoet.’ (Wb 24, 8.4.93)
Miskien is er foaral benaud foar de platte werklikheid. Fandêr dat er har foarmjout, feroaret, ferienfâldiget, fertichtet, wittend dat er har dêrmei tagelyk komplekser makket en ferrommet. ‘Zoekend naar steeds eenvoudiger apparaten, vind ik steeds ingewikkelder machines uit.’ (Wb 26, 21.10.93)
Yn elk gefal is er benaud foar de kâlde werklikheid, de ûnpersoanlike, ûntsiele en hautaine werklikheid. Fandêr dat er each hat foar it breklike, it fergonklike, it lijen, de dea. Oantaasting en delgong sitte gauris ymplisyt yn syn wurk, sûnder sentimintaliteit of dramatyk, mar wol mei in grutte gefoelichheid foar it ferhavene en ûntheistere sels. Guon ‘opdrachtjouwers’ herkenne syn natuerlike belutsenens by alles wat weirekket - dingen, ideeën, minsken - en fertrouwe him wurk ta mei in foar har persoanlik karakter. Sa makket er in portret fan de demintearjende mem fan Karel Gildemacher. En letter kistjes as dragers fan de gedichten dy't Henk van der Veer skreau by de dea fan syn heit.
Tusken yn opdracht makke wurk en wurk ûntstien út eigen beweging bestiet by Gerrit Terpstra oars net in wêzenlik ferskil. De oanlieding ta it wurk kin ûngelyk wêze, de útfiering bliuwt itselde. Hoe persoanlik de opdracht ek is, partikulier of anekdoatys wurde de dingen dy't er makket net. Hy tilt se nei it nivo fan it algemien minsklike en dêrom foar elkenien herkenbere. Ek syn eigen ûnderfiningen, oantinkens en bylden út it ferline - gauris basearre op bibelferhalen - jout er faak in bredere betsjutting oan.
By it projekt KRUISWEGSTATIES skriuwt er: ‘Ik zie de staties als symbool voor de lijdensweg die veel mensen op deze aarde moeten gaan.’ (Wb 30, 8.2.95) En twa jier letter, nei oanlieding fan troch himsels tekene portretten fan de komponist Hugo Wolf: ‘In algemene zin zou je mijn werk kunnen typeren door te stellen dat ik via beeldende middelen, in de breedste zin, onderzoek doe naar zaken die mij beroeren. (...) Verder de elementaire vragen rond leven en dood, kortom mijn bestaan in relatie tot het bestaan in algemene zin. Konkreet betekent dit dat er beelden, installaties enz. ontstaan waarin vaak gewerkt wordt met z.g. waardeloze materialen. Het aangetaste, versletene, afgedane, kwetsbare heeft mijn warme belangstelling.’ (Wb 36, 24.1.97)
Dy waarme belangstelling foar it behyplike en fergonklike is yn wêzen in waarme belangstelling foar it libben sels, mei syn like betsjoenend as betiizjend ferhaal, syn poëzij, syn mystearje, de geheimen. ‘Het gaat niet enkel om zichtbare of tastbare zaken, maar ook om spirituele, de denkbeeldige wereld en de wereld van het verhaal.’ (Wb 28, 18.5.94) Hy wol geheimen ûntriedselje, mar yntusken makket er se hieltyd grutter. Hy wit dat. En hy realisearret him, dat it by har essinsje heart. ‘Ik zoek nu naar het beeld dat zowel herkenbaar als raadselachtig is.’ (Wb 21, 16.12.91) Al hat it syn kearside ek: ‘Zal ik mij kunnen handhaven in een zelf gekozen en veroorzaakte chaos?’ (Wb 9, 10.2.88) En fierder: ‘Heb het gevoel dat ik verstrikt raak in m'n zelf gecreerde wereld van beelden en ideeën.’ (Wb 25, 3.6.93) En dan: ‘Alle werelden lopen door elkaar. Wat is nou eigenlijk mijn wereld.’ (Wb 30, 5.1.95)
| |
| |
Sokke gefoelens fan twifel, fragmintaasje en disoarder binne leau 'k net los te sjen fan miskien wol de foarnaamste konstante yn syn wurk. Even foarbygeand oan de nuodlikens om wurk fan in keunstner sa koart te typearjen, soe ik by dat fan Gerrit Terpstra - en dan doel ik benammen op de objekten - kieze foar it wurd ‘lykwicht’. Of, al minder nuodlik: sykje nei lykwicht. Dat it dan net allinnich giet om lykwicht yn keunstsinnige en/of technise sin, docht bliken út in notysje yn Wurkboek 28: ‘Gisteren en vandaag geworsteld met het zoeken naar evenwicht, zowel in de objekten als in mezelf.’ (15.7.94)
Lykwicht yn objekten is technys sjoen in kwestje fan konstruksje. Dat wit Gerrit Terpstra, mei syn ûnderfining as metaalbewurker en lasker, better as wa dan ek. Dochs is er as keunstner net op in ‘geheid’ mar op in wankel lykwicht út. Gewoan omdat it spanning jout, mar ek en tagelyk as byld foar it minsklik bestean.
Yn it sykjen nei de grins - oerein bliuwe of ynstoarte - giet er ta it uterste. Krekt as wol er witte wat it noch lije kin. Yn 1987 makket er melding fan in ‘gevleugeld schip gedragen door drie driebenige dragers’. (Wb 6, 2.10.87) Sawat in jier dêrnei komt er der op werom: ‘Het schip op de drie poten is nu veranderd. Het staat nu op twee dragers, waardoor het evenwicht een grotere rol speelt.’ (Wb 10, 13.9.88)
Tsien jier letter spylje it dragen en it lykwicht noch hieltyd in rol. Hy hat oerdei, fan izertried en gips, minskefigueren makke mei in stien op 'e rêch. De nacht wurdt ien fan har tefolle. ‘Kom net in het atelier en zie dat de grote drager zijn last, de zware steen, niet heeft kunnen vasthouden. Hij is door de enkels gegaan.’ (Wb 40, 19.6.98)
Neidat de keunstner-konstrukteur de ankels mei pinnen ferstevige en boppedat noch wat wibeltesten útfierd hat, beswykt de drager opnij. Dan wurdt him de stien fan 'e nekke krige en mei er 'm mei beide hannen fan de grûn ôf tille. Ek Gerrit Terpstra kin gjin izer mei hannen brekke, al bliuwt er dêr yn syn wurk algeduerich nei stribjen. Njoggen dagen nei de lêste fal fan de drager skriuwt er
| |
| |
al wer: ‘Vrijdag gewerkt aan een nieuwe figuur om de steen/berg te dragen. Proberen stabiliteit te krijgen.’ (Wb 40, 29.6.98) It is, ûnbedoeld, hast tekenjend foar syn keunst en keunstopfetting: it ûndraachlike draachlik meitsje.
Izer mei hannen brekke, it ûndraachlike draachlik meitsje, it ûnmooglike mooglik. Gerrit Terpstra besiket dat te berikken troch yn ien en itselde objekt sawol ekstreem swiere as ekstreem lichte materialen te ferwurkjen. De lichte materialen foarmje faak it swiertepunt. In iepenslein boek mei fergiele siden, as wjukken fêstbûn op in grouwe stien. Tinne poatsjes ûnder in berch. Neist in lizzend frommes mei in balflint op 'e holle lizze twa losse fûgelfearkes. ‘Het gewicht wordt in evenwicht gehouden door het vederlichte van de droom.’ (Wb 1, 15.6.86) In houten skip wurdt optild troch it seil. ‘Een perfekt evenwicht tussen datgene dat de boot wordt genoemd en datgene dat de boot moet voortdrijven: het tuig.’ (Wb 3, 26.3.87)
Dat er, suver achteleas, in relaasje leit tusken it lykwicht yn 'e objekten en it lykwicht yn himsels (sjoch it niisneamde sitaat út Wurkboek 28), makket nochris dúdlik dat by Gerrit Terpstra de keunstner en de mins net te skieden binne. By him foarmet de keunstner de mins, en de mins de keunstner. Sa binne de trije fakken dy't er útoefene hat, ek werom te finen yn syn wurk. Elk mei syn eigen ynbring, lading en betsjutting. Hy waard him dêrfan bewust by it skriuwen fan syn ôfstudearskripsje oan de learare-oplieding. It bakkersfak assosjeart er mei it froulike, it sachte, it libbene, it organise; it fak fan metaalbewurker mei it manlike, it hurde, it swiere; it drukkersfak mei it kommunikative, it boadskip, de moraal. Elk fak is in fak op himsels, mar by him foelen se gear yn ien persoan. Meidat Gerrit Terpstra - letterlik en figuerlik - net de man is om dingen te fersmiten, naam er fan elk fak de karakteristike fasetten mei. No binne it yn feite kanten fan himsels, dy't er mei-inoar yn lykwicht moat sjen te bringen.
Yn 1987 ûntwikkelt er in idee foar it meitsjen fan in terp dy't opboud is út lagen fan ferskate materialen, hurde likegoed as sachte. De lêsten binne yn 'e mearderheid. Fan ûnderen nei boppe: strie, stiennen, bôle, papier, stiel, ierde, gers. Neist de betsjutting ‘schatkamer van onze cultuur’, dy't er der sels oan jout, soene it tagelyk de lagen yn 'e persoanlikheid Terpstra wêze kinne.
In jier letter tekent er in piramide-foarmich alter fan bôlen mei dêr boppe-op it skelet fan in skip. It froulike foarmet de basis foar it manlike. Sa lang as it duorret, want ‘vogels zullen het brood verorberen, waardoor het schip zal neerstorten.’ (Wb 9, 8.6.88) As it froulike fuortfalt, beswykt it manlike. Yn 1991 is it in steapel kerton dy't, troch har wiet te meitsjen, twa swiere gewichten optilt. Sa oerwint by Gerrit Terpstra it skynber swakke faak it op it each ûnwrikber sterke. Izer mei hannen.
It klinkt paradoksaler as it is, mar as registrearder fan de delgong is Gerrit Terpstra in ‘optiller’. Net allinnich krijt er stobben, stiennen en Playmobil-mantsjes fan 'e grûn, om se dêrnei tsjin it ljocht te hâlden en foar even in prominint plakje yn 'e tiid te jaan, hy jout ek wjukken oan dingen dy't fan natuere min te rissen binne. Kisten krije wjukken. Stiennen krije wjukken. Swiere boeken krije wjukken. Alles krijt wjukken. In alter. In skip. In stoel.
Doe't ik yn 1995, nei de publikaasje fan in tredde bondel berneferhalen, útsjoen wie op it realisme dêryn, rûn ik om mei ideeën foar in
| |
| |
berneboek mei mear romte foar de ferbylding. Ik makke plannen en skreau eksperimintearjendewei in pear fragminten, mar de dingen foelen net teplak. Dat feroare yn 'e simmer fan 1997. Doe seach ik by Gerrit Terpstra de ‘dreamfleandream-stoel’ en hie ik ynienen in oriïntaasjepunt en briedplak foar myn ideeën.
De stoel is ûntstien út in opdracht fan keunstsintrum Parnas yn Ljouwert. Tsien Fryske keunstners krije in sljochtwei kafeestoel mei nei hûs om der moaie dingen mei te dwaan. Gerrit Terpstra jout syn stoel skys ûnder de poaten, in sabeare rem- en fersnellingsmeganisme, in tsjil oan 'e achterkant en, yn it ferlingde fan de stilen, twa wjukken fan linnen en bamboestokken. De wjukken kinne mei toukes en katroltsjes optakele wurde. Ynklapt komme se fêst mei learen rymkes. Wiidút binne it twa ingelwjukken yn 'e foarm fan in mânske guozzepoat: himels en ierdsk tagelyk.
Yn 'e earste wike fan augustus, nei in tal ferkennende en al gau ynspirearjende petearen, komme wy geandewei ta it beslút om tegearre in boek te meitsjen. De stoel - yntusken ‘wjukkestoel’ neamd - hat dêryn de rol fan stimulator fan de ferbylding en de fantasij. Teminsten, salang't de wjukken útklapt binne. Elk dy't derop sitten giet, krijt spontaan in ferhaal dat him net allinnich úttilt boppe de werklikheid, mar him der ek ynsjoch yn jout. De stoel mei in wjukkestoel wêze, in sweverige stoel is it dêrom net: hy stiet mei fjouwer poaten op 'e grûn.
Wat foar de stoel jildt, jildt foar de keunst fan Gerrit Terpstra yn it algemien. Kaaiwurden binne: ierdsk, himels, fantasij, ynsjoch, ferhaal, ferbylding. Benammen ferbylding. Trochdat it romte jout oan de geast, ropt syn wurk gâns assosjaasjes op. Nei oanlieding fan Gerrit Terpstra syn elemintêre skipkes skriuwt Eeltsje Hettinga yn Gerrit Terpstra: ‘(...) assosjaasjes hiene gjin kâns krigen as de objekten de ôfbylding wêze soene fan de platte werklikheid fan bygelyks in Steatejacht. Omdat de skipkes ta har meast simpele en essinsjele foarm werombrocht binne, biede se my alle mooglikheden en syl der mar in ein mei fuort, op reis troch romte en tiid. Mei Gerryt syn objekten kin ik prate. Syn wurk kommunisearret.’
Oer fuortsilen praat. Begjin dit jier wie ik in dei yn 'e bibleteek fan Drachten om groepen fan fjouwer basisskoallen oer myn skriuwerij te fertellen. As yntroduksje fan ús
| |
| |
wjukkestoel-boek stelde ik de bern de fraach oft se thús wolris wat makken fan âld materiaal: in frachtwein fan plankjes en blokken, in boatsje mei in seil fan lapkeguod, in fehikel op it ûnderstel fan in bernewein, in gewear fan pvc-buizen en illestykjes, in televyzje fan in kertonnen doaze. It útbliuwen fan reaksjes by de bern fan twa Drachtster skoallen ferbjustere my. Fan de likernôch fjirtich learlingen hiene mar trije of fjouwer ûnderfining mei ditsoart kreative boarterij. De measten fûnen it mar in nuvere fraach en de fragesteller in aparte kirrel.
Doe't ik in kopy fan in tekening fan de neakene stoel ophong mei de fraach wat fan sa'n stoel te meitsjen wêze soe, joech it jonge publyk amper azem. Ik foarme my ynwindich al in oardiel oer de apaty by moderne stedsbern, dy't it wurd ‘saai’ foar yn 'e mûle leit. Mar op it momint dat ik (yn tekening en foto's) sjen liet wat Gerrit Terpstra fan de stoel makke hie, siet elk op it puntsje fan syn eigen stoel. Se woenen alles sjen, alles witte. Hoe't de fersnelling wurke. Oft de rem it die. Hoe't it siet mei dy skys. Wêr't dat geheimsinnige trompke foar wie. Mar foaral: oft de stoel echt fleane koe. Dy fraach beäntwurdzje soe fansels deadlik wêze, en dêrom kaam er hieltyd werom. Net ien dy't lake, net ien dy't de fraach bespotlik fûn. En oan de grutte eagen te sjen sylden guon yn gedachten ek al hiele einen fuort, op reis troch romte en tiid.
It jout gjin foech en hat gjin doel om moderne bern te feroardieljen fanwege it dwepen mei fantasijleaze televyzje, it opgean yn foarprogrammearde computerspultsjes, it lêzen (yn it geunstichste gefal) fan grizels fan boeken en it ferfeeld ‘fersoargjen’ fan piipjende tamagotsys. It binne ek net iens altyd bern fan moderne âlders dy't as heechste ideaal ha om bern te wêzen fan de moderne tiid. It wie
allinnich te hoopjen dat tagelyk in appél dien waard op dy romten yn 'e geast dêr't de ferbylding, de fantasij, de fernuvering, de filosofy en de stille fassinaasje tahâlde. Minsken - jong en âld - witte faak net heal wat se yn har ha. Se sykje har kikjes yn it oerflakkige en materiële, wylst it ynhâldlike en spirituele har yn ferfiering bringe koe. Drachten lit sjen wat in optúgde stoel al net dwaan kin.
Yn 1995 reizget Gerrit Terpstra doarpshuzen en skoallen bylâns mei syn eigenmakke Tsjoenderskarre, in oan fjouwer kanten mei lânskippen beskildere houten kast op tsjillen. Op himsels al hiel geheimsinnich, sa'n tichte
| |
| |
kast, mar yn 'e karre sitte wer koffers en kisten mei ek wer geheimen. Sa falle grutten en lytsen - it ferskil sit inkeld noch yn 'e lingte - fan de iene ferbazing yn 'e oare. Gerrit Terpstra as tsjoender, marsekreamer, ferhaleferteller, ideeëman en swalker. In man mei ferdjippingen, hjir besibbe oan Freek de Jonge, Frank Groothof, Hakim Traïdia. In Fryske Jozef van den Berg.
Mei jonge bern hie ik in petear oer twa rigels út in liet fan Huub Oosterhuis: ‘Een mens te zijn op aarde / is leven van de wind.’ In famke sei: ‘Dan ben je zo iemand als Gerrit Terpstra.’ My kamen de rigels yn 't sin dy't Klaas Bruinsma foar de fûst wei skreau by in útstalling yn 1992 fan wurk fan Gerrit Terpstra yn galery Farve te Heech:
De printer, lasker en de bôlebakker
binn' ynstruminten fan 'e wide geast,
dy't lyk is oan de wyn, seit Genesis.
Gerrit Terpstra wit as gjin oar dat er fan de wyn net libje kin, mar ûndertusken libbet er fan de wyn as gjin oar. Mei keunst en fleanwurk is er wat er altyd west hat: keunstner. Dat wol sizze: geheimhâlder, lykas oaren feehâlder of bijehâlder binne. Hy is in hannelsreizger yn geheimen. Hy bewarret se yn magise tsjoenderskarren, kreakjende koffers, âlde aktetassen, spegeljende kistjes, wûnderlike doaskes en spannende boeken. Soms komme se iepen, lykas de wjukken fan de wjukkestoel. In hiele wrâld giet iepen. Dat wol sizze, foar wa't him noch fernuverje kin. ‘En dat is toch wel iets dat ik nastreef: VERBAZING en VERWONDERING.’ (Wb 21, 7.1.92)
Op 3 septimber 1991 skriuwt er yn syn Wurkboek 19: ‘Vandaag 38 geworden, een hele leeftijd, en toch voel ik me nog niet volwassen of iets van dien aard.’ Dat is syn echte geheim.
In koarte ferzy fan dit artikel stiet yn it boek Gerrit Terpstra (Friese Pers, Ljouwert 1999). It byldwurk by dit artikel is oernommen út 'e wurkboeken.
|
|