Trotwaer. Jaargang 31(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 171] [p. 171] Willem Schoorstra De iennichste Yn de farsk fallen moarntiid rinsto. Under de beammen hearsket it ferline. Ta oansjen kom ik yn dyn blauwe kjeld. Ferfrjemdzje my. Werken my net. Lit my de dea dy't ik fûleindich libje. Winterfrou. Myn hertstocht hasto fongen: ongels oan 'e oes fan 't hûs fan dyn bestean. Raan it net. Rin fierder en lit dy ferachtsje. Ferachtsje my. [pagina 172] [p. 172] Omslach Broeierich de dei. It doarp himet hetsich. In fytser ploeget de strjitte, achtslein troch in frou yn badpak. Earne klinkt muzyk út in radio, Gjin bernelûden. Gjin auto's. Heech lûkt in fleantúch de himel midstwa, In soel wyntsje hellet oan. It rûkt bedoarn. Jiske warrelt yn 'e loft. Yn 'e sleat driuwt in deade hûn. [pagina 173] [p. 173] Stambeam Oprôle yn ringen, yn bast. De groeden kerve, litte neat los. Sielen swije yn 'e tûken. Yn 'e wyn stean ik dôf en stom. Bûten myn berik bart it. It offer. Stadich strûp ik myn skyl. Krûp yn 'e grûn. Libje de moude, de modder. Ik bin tsjuster. Neat nimt it plak yn. Bleat foar it dierte, de gong dy't it gean moat. En de woartels. Waakse om myn kearn. Sinnen sprute. Der wankt wat. Vorige Volgende