Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[binnenkant voorplat]
| |
[Nummer 4]Tanksij ekstra subsydzje fan it Literair Produktie- en Vertalingenfonds en de Provinsje Fryslân koenen wy in tal meiwurkers in opdracht jaan foar it skriuwen fan langer skôgjend wurk. Yn dit nûmer as twadde ôflevering út dy rige in skôging fan Eppie Dam oer de ‘wurkboeken’ fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra. Fierders in twadde rige reaksjes op in stellige útspraak oer it imago fan Fryslân. Reaksjes fan lêzers binne wolkom; op syn heechst 250 wurden, sa gau mooglik nei it ferkinen fan dit nûmer. Yn it folgjende nûmer û.o. in skôging fan Jelle Krol oer it Fryske proaza yn de jierren njoggentich en ‘Tsien pasklare ideeën omtrent het verschijnsel dubbeltalent’ fan Huub Mous.
|
|