Meiwurkers
Philippus Breuker (1939) is wittenskiplik (haad)meiwurker foar literatuerskiednis oan 'e Fryske Akademy en heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de RUL en de UvA. Promovearre op It wurk fan Gysbert Japix (1989) en publisearre oer (Fryske) literatuer en skiednis.
Peter de Haan (1949) is staffunctionaris bij de Provinsje Fryslân. Publiceerde in uiteenlopende bladen over politiek-maatschappelijke thema's. Was medesamensteller van de provinciale dichtbundel Dit is myn lân (1997).
Tsjisse Hettema (1955). Berne oan de doe noch besteande âlde Middelseedyk yn Bitgum. Moast letter ferhúzje nei Emmeloord yn de Noordoostpolder, noch slimmer as Sint Anne en It Bilt. Untsnapte tanksij syn earste frou út dy Oeriselske strafkoloanje en wennet no alhiel nei 't sin oan ien fan de drokste útfalswegen fan Ljouwert nei it easten.
Rudy Hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as free-lance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje. sawol materieel as geastlik.
Klaas Jansma (1949) hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by it Friesch Dagblad en skriuwer fan romans dy't by de KFFB útjûn wurde: Om Teatske (1995). De fermisten (1998) en De Slach om Transkei (1999). Hat frijwat non-fiction skreaun (oer Frysk toaniel, korpsmuzyk, skûtsjes en regionale skiednis) en kabaret (foar Ratattette en It Wâld).
Johanneke Liemburg (1952) is foarsitter fan de Stichting Noord-Nederlandse Dans ‘Galili Dance’ en bestjoerslid fan de Stichting 'n Meeuw, productiehuis voor jongerentheater.
Teake Oppewal (1952) is koördinator literatuerbefoardering by it FLMD en foar noch in pear oeren wyks dosint skiekunde oan it Friesland College; gearstaller (mei Pier Boorsma) en ynlieder fan de Spiegel van de Friese Poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (1994). Organisearret û.o. skriuwkursussen en alle jierren yn febrewaris de Provinsjale Skriuwdei.
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Albertina Soepboer (1969) wie redakteur fan Trotwaer en wurket as skriuwster en publisiste. Publisearre yn it Frysk de dichtbondels Gearslach en De twirre yn 'e tiid. Yn it Nederlânsk ferskynde fan har De Hengstenvrouw. Ein foarich jier ferskynde de twatalige bondel It nachtlân.
Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist, skriuwt Fryske en Nederlânske romans, toanielstikken en dokumintêres.
Jabik Veenbaas (1959) studearre Ingelsk en Frysk, skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir en Trotwaer, wurket as oersetter en makke in grut part fan de fertalingen foar de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Besprekt m.y.f. 1999 Frysk proaza foar de Leeuwarder Courant.
Henk van der Veer (1954) is ûnderw izer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Publisearre û.o. de dichtbondels Skrousk, Je mutte hore wie ut seit, Dàt ok noch en deagewoandea en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan QuizeQuânsje.
Cornelis van der Wal (1956) is dichter, kritikus, okkultist en terrorist te Grins. Yn 1991 ferskynde syn earste bondel In nêst jonge magneten, dêr't er yn 1993 de Fedde Schurerpriis foar krige. Hy die yn 1997 mei oan Poetry International en yn dat jier kaam ek syn twadde bondel, Sinnestriel op it offermês, út.
Cees Walinga (1966) is sûnt 1990 sjoernalist by it Sneeker Nieuwsblad. Publisearre Mei it korps troch de buorren. Kroniek van een dorpsfanfare (Aldegea W. 1998). Reizget yn syn frije tiid as ‘backpacker’ de hiele wrâld oer. Debutearret yn dit nûmer.