Dwersreed
Sjoerd Bottema
Neffens Anne Wadman binne Fryske skriuwers nei de oarloch Fryske skriuwers wurden. Yn 'e kar fan tematyk en lokaasje, struktuer en moraal, bewege hja har like frij as auteurs fan oare nasjonaliteiten.
Sietske de Jong - de nije first lady of Frisian literature - is it dêr net mei iens. Alteast net wat de kar fan 'e lokaasje oangiet. Sietske de Jong fynt dat de Fryske literatuer him noch altyd tefolle ôfspilet op it plattelân.
Dêrom hat hja as dekor foar har debút, Ikarus, baarnende soan, de stêd keazen. It giet oer in mem dy't it dreech hat mei har oan drugs ferslave soan - gjin provinsjale plattelânstûkelteammen dus, mar de mondiale problematyk fan 'e grutte stêd. Net de klisjees en de oerflakkige typkes fan Rink van der Velde, mar de orizjinaliteit en de djipgravende psygology fan Yvonne Keuls. Net it ien of oare suterige gat yn in úthoeke fan 'e Walden, mar de wrâldstêd Ljouwert.
Bravo, Sietske!
Ik hoopje datst op dizze wei trochgiest. It leafst soe ik wolle datst noch in stapke fierder dochst en dat dyn folgjende prachtboek him ôfspilet yn Amsterdam - Grins slaan wy oer, dêr wenje fierstentefolle Friezen fan 't plattelan - of, wêrom net daliks noch wat dryster: Londen, Parys, New York! En dan net in boek oer in Fries yn New York, want dan bliuwt it allegear noch yn 'e klaai stykjen, mar in boek oer échte New Yorkers, lju dy''t dêr hikke en tein binne, echte mondiale minsken mei echte mondiale problemen.
Datst dyn boeken yn it Frysk skriuwst, bliuwt fansels wol wat in handicap. Miskien is it better en gean mar daliks oer op it Ingelsk. In roman oer de drugsscene yn New York, yn it Frysk, is net allinne mondiaal mar ek wat weltfremd, en it is gjin tafal dat ik dêr sa'n wurd om sis, want ik moast ynienen tinke oan yn it Dútsk neisyngronisearre films.
It neisyngronisaasje-effekt, dêr bin ik dochs wat benaud foar. Net te leauwen en net om oan te hearren, al dy Fryskpratende wrâldboargers. Ek al litte aanst, ynspirearre troch Sietske har ljochtsjend foarbyld, alle Fryske skriuwers har boeken yn 'e stêd ôfspylje, je bliuwe dochs sitten mei dat ferrekte Frysk, in boeretaaltsje, dat yn 'e stêd amper brûkt wurdt, hoe graach men ek oars wol.
De Friezen - ik bedoel de echte Friezen, dy't har dus de bek net brekke oer bûter, brea ensf. - wenje tefolle op it plattelân en it Frysk is tefolle in plattelanstaal, dat is it. Dat kin sels Sietske net feroarje. Mar as har macht fierder rikte as har prachtboeken, dan soe se der grif wat oan dwaan.
Mei har útspraken - dien op in literêre middei organisearre troch It Fryske Boek - stekt Sietske de Jong harsels frijwat omheech. Hja wol de yndruk wekke as is har boekje net samar in debút, mar in bysûnder debút, in wêzentlike fernijing fan de Fryske literatuer. Sietske is lykwols lang net de earste en de iennichste Fryske skriuwer dy't de stêd keazen hat as lokaasje foar in roman - om ris in pear te neamen: De feestgongers, Minskrotten-rotminsken, De Wuttelhaven del, Fjouwer minsken yn in stêd, De boumaster fan de Aldehou. En dat hja harsels op it boarst slacht om't hja net ‘fan bûten’ is mar ‘fan 'e stêd’ en dus net fan juster, sûnder oan dy begripen neiere