En dochs, it is in ferpletterjend boek. Hoe kin dat dochs? Omdat it yn it Frysk is? Of spilet yn de resepsje fan Trinus syn wurk itselde as by Connie Palmen yn de NLske sitewaasje: As ien oars itselde boek skreaun hie wie it kreake, mar no is it goed? Soks alteast beweart Marja Pruis yn De Groene fan dizze wike (nr. 10): ‘Als iemand anders De erfenis had geschreven, was het terzijde gelegd als een raar boekje, vormloos, een brij van woorden die kleverige draden trekken (... blabla ...). Omdat zij het heeft geschreven krijgen haar woorden een lading waar Kozinski's onschuldige held Chance uit Being there jaloers op zou zijn.’
As dat wier is, is Nei de klap wer net de Fryske roman dêr't ik sa op hoopje dat dy in kear ferskine sil, in roman dy't yn oersetting einliks de Rânestêd iepenbrekke kin foar Frysk proaza.
En dan is der noch wat oars: It boek sit potticht. Der is gjin grissel relativearring, humor, spot. Dat ferheget it benearjende karakter, want it boek nimt jin wol yn 'e besnijing en men kin der net oan ûntkomme. Men sil it útlêze om te witten hoe't it mei Ake ôfrint, en hoe't it allegearre sa kommen is, en wurdt sadwaande meisleept yn de folsleine desyllúzje. Nearne jout it boek de yndruk dat der hope is op in nij begjin. No ja, de natoer begjint acht jier nei de klap wer wat grien te wurden. It libben op ierde is net útstoarn. Mar mei it minskeskaai komt it net goed. Oan de ein is Ake útpoept. Hy is de held fan it ferhaal, de oerlibber, as hy it net rêdt, wa dan wol? It boek liket wol wat op De skjintme vurt ferbwolgwodde. Ek dêr de folsleine desyllúzje, de sinleazens, it gefoel fan leechte dat it by jin efterlit (dat lêste boek kin nammers no mei weromwurkjende krêft omtitele wurde nei Foar de klap). Mar yn De skjintme... sit noch humor, de haadfiguer wurdt op guon plakken begekke, of yn alle gefallen sa delset dat men de irony priuwt, der sitte tusken alle benearing en leechte stikken yn dêr't je as lêzer om gnize moatte. Hjir hast net.
It boek hat my wol ûntroerd. Bygelyks yn de hâlding fan Ake foar Jeanine oer. Hy stiet noed fan har, ûnberedenearre, dy noed is der gewoan. De sêne mei de bôledream (s. 172 e.f.) is ek hiel moai (symboalysk foar de religy?). Ryk en Rak dêr foaroer binne karikatueren, dy't as in pear Dei ex Machina opdûke oan de ein fan it relaas. Karikatuer is ek de lieder fan de sekte. Sa't dy út de ferve komt, alle klisjees oer sokke minsken binne út de kast helle. Tige foarsisber, it foeget neat ta. It makket ek dúdlik dat men it boek net yn it foarste plak lêze moat as in soarte fan eksperimint-op-papier oer hoe't it mei it minskdom gean soe yn sa'n sitewaasje fan nei de klap. It giet folle mear om de ferbylding fan in libbensgefoel dat likensegoed yn de tiid fan no, foar de klap, syn plak ha kin. It is de echte Riemersma-tematyk yn in oar ferhaal ferpakt: Meitsje dy mar gjin yllúzjes oer it bestean. Yn oare boeken wie der altyd noch in kop kofje of in team einepiken om bliid mei te wêzen, mar dat is der hjir ek net by. Sels de bern, yn it boek de sterksten ûnder de minsken, rêde it net op. It iennichste wat it libben doel jout is it feit dat it libbe wurdt. It ynsicht fan Ake oan de ein, yn sobere wurden sein, snijt djip: Hy hopet dat der gjin himel is, want oars hie er ek wol earder dea gean kind yn plak fan te fjochtsjen om te oerlibjen.
Dat nimt net wei dat de ‘setting’ fan dit ferhaal wol plausibel wêze moat. It boek jout wat my oangiet in akseptabel byld fan hoe't sa'n wrâld nei de klap der út sjen kinne soe. Ik wol it ferhaal lêze as in realistysk ferhaal, net as in mearke dêr't samar de gekste dingen