It imago fan Fryslan (5)
Begjinne mei wat selsbetrouwen
Gryt van Duinen hat gelyk: wy moatte ús by alles wat we dogge net krampeftich ôffreegje wat de minsken bûten Fryslân fan ús fine. Meastentiids fine se ek net safolle fan ús. Ut de Hollanske hichten wei wurdt fakentiids al gau wat delbûgjend oer de kultuer yn 'e regio dien, ek dy in Fryslân. Dêr stekt in protte ûnkunde en in tekoart oan ynteresse efter. Wy moatte ús fan dy kant gjin minderweardigenskompleks oan prate litte.
Lit ús begjinne mei wat selsbetrouwen. De wearde fan keunst is yn it foarste plak net wat in skôger der fan fynt, mar wat it losmakket by minsken. Dat moat de earste ambysje wêze. Dan docht sa no en dan wol bliken dat wat hjir makke wurdt ek minsken yn 'e rest fan 'e wrâld reitsje kin. Dat jildt foar de poëzy van Douwe Tamminga krekt likegoed as foar sommige programma's fan Omrop Fryslân en stikjes yn 'e Ljouwerter Krante.
Rimmer Mulder (haadredakteur LC)