Trioel
Skynfertoaning
It earste eksimplaar fan in boek is fansels foar de boekbiner, dy't it yn hannen nimt en fan alle kanten mei in kritysk each besjocht. Mar fierder moat men foarsichtich wêze mei wat offisjeel as ‘earste eksimplaar’ oan ien, dy't dêr foar yn de beneaming komt, oanbean wurdt. As dy it benijd glimkjend oannimt moat er fansels net in pear oeren earder al yn de krante lêzen hawwe wat der yn dat boek stiet en it is wol bysûnder sneu as er dêr út opmeitsje moat dat it ôfgryslik min útfallen is. As it safier is dat se him of har it boek oanbiede, kin dy mar it bêste sizze: ‘Jim kinne it wol hâlde.’
De Fryske freedsside is by de Leeuwarder Courant blykber it iennige dêr't Fryske boeken op resinsearre wurde kinne. Der binne jonge (en ek noch wol in pear âldere) skriuwers dy't, as der in boek fan har útkommen is, in tal freeds achterelkoar de krante mei triljende hannen iepenteare om te sjen of de resinsje der al yn stiet en hoe't dy útfallen is. Se tinke noch dat har oansjen der mei stiet of falt. Pas letter, as se sels witte wat se àl en benammen wat se nèt kinne en dus in relativearre gefoel fan eigenwearde hawwe, lizze se fan de krantekritiken gjin tel mear wekker. Net út grutskens, net út fersleinens en út miskenning.
Safier is Benny Holtrop, de skriuwer fan it Boekewikegeskink 1999, noch net. Hy bleau thús fan it Boekefeest omdat er him nei it ferneatigjend oardiel fan Jabik Veenbaas yn de LC fan dyselde dei net ûnder it folk bejaan woe. Ik winskje him fan herten ta dat er hjir boppe út groeit.
Mar ik hoopje ek dat men by de Stichting It Fryske Boek wat wizer wurdt en by it yn it foar ferstjoeren fan de resinsje-eksimplaren gjin rekken mear hâldt mei de hillige freedsside fan de Ljouwerter. Sels boeken dy't troch in resinsint ôfkreake wurde binne noch altyd te goed foar in skynfertoaning.
Piter Terpstra