ûnnocht nei de stimbus lokje. Mar sokken is gjin plak foar yn 'e bestjoerlike boarterstún Fryslân, dêr't elkenien op frede út is.
Men hoecht gjin profeet te wêzen om it takomstperspektyf te sketsen. Wy krije wer fjouwer jier mear fan 't selde, dat mist net. Wer wat mear yndustryterreinen, noch wat gruttere stêden, bettere wegen, djippere kanalen, moaier oanleine natuerparken. It kin ek net oars. Wêr't it om giet hat de Provinsje neat oer te sizzen, doart se net oer te kedizen, stelt se út of lit se wiidweidich troch saakkundigen ûndersykje.
‘In bytsje griener en in bytsje linkser’, hopet Sicko Heldoorn. ‘Krekt wat mear soarch’, tinkt Jan Ploeg - en korpsen fansels, want dêr makket it CDA him sterk foar. En de VVD mei dan ien sit ferlern ha, dat fertaalt him allinne yn justjes minder SCI, ien autokilometer minder en ien fytskilometer mear. Dat binne de smelle marzjes fan it bestjoer dat him frijwraksele hat fan 'e demokrasy.
It program foar de kommende ferkiezings leit al hast fêst. Dat is by de grutte partijen foar it grutste part itselde. Dan sil it om 'e doarpen gean, om oanpassing fan 'e trotwaars oan rollators, om nêstbeskermers foar greidefûgels en in regeling foar bargeboeren. En fansels om 'e korpsen, dêr't dan de PvdA ek wakker foar is.
It iennichste punt dêr't reboelje oer komme kin, in weryndieling ta seis grutte gemeenten, wurdt oer de dei fan 'e demokrasy hinne tild.
It is te foarsjen dat de trije listoanfierders fan 'e partijen dan in mearderheid fan tachtich persint yn 'e Steaten fertsjintwurdigje sille.
Likegoed kleie hja oer in opkomst fan 46 persint, dy't, ljochtpuntsje, dochs noch ien punt heger leit as troch de bank yn 'e rest fan it lân. Eelke Lok, yn opdracht fan syn direkteur yn trijedielich griis mei strik foar, triuwt dy jûns in stokâlde Jan van der Baan yn 'e rôlstoel foar de kamera om in trije folsinnen beslaande oneliner út him te krijen - dy't de iene helte fan 'e sjoggers net ferstiet, en de oare net begrypt. En dan seit Jorritsma, dy't foar Nijpels yn 't plak kommen is, dat dy djoere en omslachtige stimmerij ek wol ophâlde kin. Ien enkête om 'e fjouwer jier is mear as genôch om it belied te hifkjen, en de sitten sa te ferdielen dat alles wer fjouwer jier gewoan fierder rotsje kin.
Klaas Jansma