Tegels
Meino P.
In skoftke lyn krige ik in kaart fan in freondinne út myn Ljouwerter kweekskoalletiid, mei har adres en tillefoannûmer der op. Wy hiene elkoar mear as tritich jier net sjoen. Fansels makke ik in ôfspraak.
Yn de tiid tusken de kaart en de moeting waard ik my der fan bewust hoe faak ik yn dy jierren wol net oan har tocht hie. As ik twa fereale minsken rinnen sjoch, sitearje ik har noch altyd yn gedachten: ‘En dêr gyngen hja beide. Hân yn hân en hja leafden inoar.’
Fan hûs út Hollânstalich hie se Frysk op de Drachtster kweek leard, dêr't se it earste jier dien hie. Frysk, fan nimmen minder as Lipkje Post-Beuckens. ‘Dy hat in baas jaar’, sei se fan har.
It fenyn yn har stim as se fertelde dat har streng-grifformearde mem by problemen altyd sei: ‘Niet klagen, maar dragen en bidden om kracht’, kaam my yn 't sin doe't ik deselde wurden yn in boek fan Mischa de Vreede lies. En al myn húsgenoaten kinne it rideltsje ‘Aïdaaaaaa is maar een operaaaaaa’, sjonge. Se witte net wêr't it weikomt, se dogge my nei. En ik wit allinnich mar dat sy it song, yn de gongen fan Mariënburg.
Wy troffen elkoar yn in weirestaurant earne yn it midden fan it lân. En foar't wy it wisten, sieten wy achter in glês reade wyn twastimmich ‘En de see stie wy-yld en oerstjoer, en de stoarmwyn gûûûûûlde deroer!’ te sjongen. It klonk noch lyk as eartiids, mei dy prachtich goedkeape terts ûnder de meldij. Ik hie har doe dat fers mei al syn kûpletten leard en wy wûnen der op it kweekskoalle-songfestival de tredde priis mei.
Se sei dat se faak nei dat liet socht yn de sjongboeken as se wer ris yn Fryslân wie. En dat se fan in oar fers noch mar ien rigel koe: ‘en Teake de turfskipper fan 'e Gaast, lit syn skipke driuwe dêr't de wyn it blaast...’ Tegearre kamen we ek net fierder.
Doe fertelde ik har fan de Fryske bernekampen op Skylge en fan dat grize boekje dat ik net mear fine kin, dêr't al dy teksten ynstiene en dat ik der hast wol wis fan bin dat Geart Jonkman de tekstdichter is fan beide fersen en fan noch folle mear, allegearre like moai. En ik sjong: ‘Nimmen, nimmen net, nimmen net. Nimmen, nimmen net, nimmen net. Nimmen as de moanne hat der yn de loanne dizze dingen heard...’
Wer thús socht ik it Lyts hânboek der op nei. By Geart Jonkman neat oer lietteksten. Yn de lieteboeken fan '48 en '79 is der net in wurd fan him by, yn Sjongenderwize fyn ik twa teksten, en yn Fryslân sjongt en spilet sels trije. Ien hyt ‘Skouke sûnder roer’. Mar dat giet net oer Teake.
Fansels wit ik wol wa't ik belje kinne soe om oan dy ferskes te kommen. Mar dat lerdom ik. Ik wol dat se gewoan yn de bondels steane. Wolle de gearstallers dêr in folgjende kear asjeblyft rekken mei hâlde?