Bylûden (1)
Goaitsen van der Vliet
Ernst Langhout/Wilco Berga, Sjonger en dichter. Universe Productions, Ljouwert 1998. f 29,90.
It is mei cd's besprekke wat oars as mei boeken. In greut ferskil is dat men de teksten net lêst, mar heart. Dan giet it der net om dat de punten en komma's op it goede plak stean en de rigelyndieling besjen lije kin. Wat benammen telt is it geheul fan klank en ritme, fan fers en begelieding. De wurden komme op it twadde plan. Dy moatte foaral moai yn 'e muzyk falle en passende bylden oproppe. De harker pikt sa no en dan wol in rigel op, of in stikje refrein, mar hy kin it heule ferhaal net oereagje, lykas dat op papier kin. In sjongtekst jout earder sfear oan as betsjutting.
Oare kritearia jilde dus. Fan belang is fansels de fraach oft men in cd nei ien kear hearren nochris draaie sil. Ut nijsgjirrigens, omdat der safolle yn sit dat men de helte mist hat, of út niget, omdat men wat heard hat dat men graach nochris hearre wol.
Muzyk moat ‘kloaten’ ha, sees ik wolris. Muzyk is moai as dy jin rekket, as men meibewege moat, as men der fleurich of stil fan wurdt, of der oars wat fan krijt: einefel, ridels oer de rêch, of triennen yn 'e eagen. Ik neam mar wat.
De swierrichheid is no dat men by muzyk, lykas as miskyn wol by alle foarmen fan keunst, faak min oanjaan kin wat dat no krekt ynhat, wat it no krekt ‘moai’ makket. Sa kin ik my bygelyks noch heultyd oufreegje wêrom't ik de earste tsientallen kearen dat ik ‘The man who sold the world’ fan de cd Unplugged in New York (1994) fan Nirvana hearde, hast alle hjirfoar neamde fysike ferskynsels krige, wylst itselde nûmer yn de oarspronklike útfiering fan David Bowie my altyd folslein kâld litten hie. De tekst koe it net wêze, want dêr tocht ik amper om en dy hie by Bowie itselde west. Wie it de ienfâld en direkthyd fan dit troch Nirvana ta neaken bonkerak útklaaide liet? Of de snok yn de stim fan Kurt Cobain dy't de dea al yn 'e eagen seach? Ik kom der net út. It hat fansels alles te krijen mei de yntinsje dêr't de muzyk mei makke wurdt, mar hoe en wat, hoe krijt men dêr in finger achter?
De hamfraach is no fansels: sit der ek muzyk yn dizze cd fan Ernst Langhout en Wilco Berga? Ik tocht it wol. Wis wol. Mar ik moat dêr by oantekenje dat Sjonger en dichter in handikap hat. De earste kear al steurde my de foardracht fan Berga: heultyd dyselde dramatyske toan en kadâns. Syn wat lispeljende stim noeget ek bepaald net út de repeatknop yn te drukken. Om dit besprekje ta te rieden moast ik fansels wol, en no, nei in kear as wat, begjint it te wurkjen en te oertsjûgjen: de moaie faak Iersk oandwaande sang en gitaarmuzyk fan Langhout en de yntinsje fan Berga. Want dêr giet it meast om by de muzyk dy't ik hearre wol en kin: oertsjûging.
Jierren lyn draaide ik de poëtyske LP One nation underground (1967) fan Pearls Before Swine griis. Psychedelyske folk hiet dat doe te wêzen. Skriuwer en sanger Tom Rapp lispele dat it sawat die, mar ik koe my der net om bekroadzje. Ik hearde it net iens mear. Hy hie