It imago fan Fryslân (4)
Sinleas debat
Gryt van Duinen sloech tidens it ‘Kultuerdebat’ fan de Provinsje de spiker op 'e kop. Wat in tiidfergriemen, dat praat oer ‘it imago fan de Fryske kultuer’, in fariant op it al like sinleaze en nea einigjende debat oer it Frysk eigene. It komt fuort út in minderweardichheidskompleks: wy sjogge ús eigen kwaliteiten net, spegelje ús oan wat yn it ekonomysk sintrum fan Nederlân bart en tinke dat it berikken fan itselde in kwestje is fan pr, dêr't ik sa'n wurd om sis, ynstee fan tiid en plak. Sa dom!
Tryater bewiist al jierren dat it oars moat. Sûnder dat it selskip him wat oanlûkt fan lanlike trends ûntjout it him. As jo mar folhâlde en net lizze fan ien slach, binne jo op in stuit fansels de bêste en in foarbyld foar de rest fan it lân. Mar dan moatte jo al de kâns krije en dat kostet wat.
Om it yn de taal fan jildminsken te sizzen: it praatjild fan de Provinsje rendearret better, as keazen wurdt foar langjierrige ynvestearringen yn de djipte en yn geduld. It kostet in heale stoer en smyt net altyd fuortdaliks wat op, mar faaks wol op de lange termyn. Wat dat oanbelanget is it net oars as de ûntwikkeling fan in bedriuwepark.
Johanneke Liemburg