It burd fan Lubbers
Cornelis van der Wal
Eppie Dam, Leaf en nuddels. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert 1998. 48 siden. f 22,50.
Mei Leaf en nuddels hat Eabele oftewol Eppie Dam (1953) alwer syn alfde dichtbondel útbrocht. De bondel hat as ûndertitel ‘fersen en lieten’ meikrigen en dat smyt al daliks in probleem op: moat ik dizze teksten lêze of sjonge, as poëzij of sjongteksten beoardielje? Yn dit besprek fine jo in wjerslach fan wat de tekst mei de besprekker as lêzer útheefd hat en fierders fansels de wenstige trúkjes yn in besykjen it stik lêsber te hâlden.
De bondel hat gjin ûnderdielen of skiften en befettet 37 gedichten, twa dêrfan binne yn it Pompsters, Dam syn memmedialekt. Yn fierwei it meastepart fan de fersen en lieten wurdt it einrym brûkt en dêrmei is ek it meast steurende yn dizze samling neamd. It droant mar troch, ferfeelsum en ientoanich.
De dichter Dam hat nei alle gedachten besocht en skriuw ris in lichte bondel, de man fielde him faaks omreden fan persoanlike omstannichheden fleurich en woe soks op papier uterje. It is lykwols in slimme opjefte en skriuw fleurige, bliere fersen, dat docht hjir wol bliken. Aldergeloks is der ek wol wat treurichs te belibjen yn dit boekje, lykas op side 21 it fers ‘Sjoch myn hannen’. Yn dat gedicht fergeliket de dichter syn troch eroazje oantaaste hannen mei dy fan syn ferstoarne heit: ‘Warbere hannen hat ús laach. / Libbensblau fan ieren. / Mar in bytsje blekich wurdt it fel. // Ik wit fan hannen feal as laai / in nustje deade fingers /... Hoewol't hjir net in sprút orizjinaliteit yn te finen is, kin ik it better ferneare as de forsearre opteinens fan in grut part fan de oare fersen en lieten. In foarbyld fan treurich meitsjende fleurigens en sabeare boartlikens is ‘der stie in parrebeam yn appelskea’ (s. 29):
der stie in parrebeam yn appelskea
de tûken swier de fruchten sjoch
doe kaam de jager mei syn jachtgewear
en skeat der twa pûn hagel troch
der stie in arrebeam yn pappelskea
de twigen noch yntakt miskyn
doe kaam de hofker mei syn hageskjir
en blekkendekkere alles fyn
der stie in apebeam yn parelsgea
teloargien troch de wylde wryt
doe kaam de dichter mei syn guozzefear
en skoep in nije werklikhyd
der stiet in appelbeam yn parregea
de tûken swier de fruchten sjoch
aanst komt de jager mei syn jachtgewear
en sjit der twa pûn hagel troch
It muoit my tige, want Dam is in sympatyk man, mar dit is sa flau as in lús en ik tink dat bern, foar wa't soks faaks ornearre is, der ek sa oer tinke sille. Yn dizze bondel sykje jo omdôch nei sizzenskrêft, dûbelde boaiems, ferdjippings. It is sa plat as in dûbeltsje.
En wat moat in jeugdich lêzer bygelyks mei it fers of liet ‘Cousin Jane’ (s. 32)? Hjiryn wurdt opneamd wat en wa't de dichter