se as it ware de fulkaan fan gekte tusken har en in man eksplodearje lit om sa te sjen wat der mei har oan 'e hân is. It is ien fan de meast ûntrêstigjende stikken literatuer dy't ik lêzen ha. It weeft ôf mei eltse myte dy't man en frou oait oer inoar betocht hawwe.
Doe't ik lêsten It lyk wurdt oantaast fan Tjitte Piebenga lies, moast ik tinke oan de benearjende sfear yn it boek fan Lessing en de film fan Bergman. It boek is it ûntheisterjende ferslach fan it útinoar fallen fan in houlik. Bonke foar bonke hellet de ‘ik’ as in echte patolooch-anatoom it lyk fan syn houlik útinoar om gryp te krijen op wat der no eins bard is tusken him en syn frou Anke, dy't by him weigien is foar in oare man. Hast twahûndert siden lang slingeret er hinne en wer tusken syn wanhoop en syn haat. Hyltiten op 'e nij freget er him ôf ‘wêrom?’ en faak nimt syn haat it oer fan syn wanhopige wêromfraach: ‘Fansels is dit boek rankune, deagewoane, bleate rankune’, skriuwt er hielendal yn it begjin.
It boek is ferdield yn ferskillende skiften mei allerhanne lettertypen dy't as rûnskowende bonken it proses sjen litte fan it iere begjin fan it houlik oant de tiid nei de skieding. Yn it skift dêr't it boek mei begjint en dat ek hyltiten weromkomt, beskriuwt de haadpersoan syn leafde foar syn frou. ‘Dû kinst jaan, anke. Alles watstû dochste dochst grut. Der giet sterkens fan dy út en astû lokkich bist is dyn lok net benei te kommen.’ Sidenlang gean sokke leafdesferklearringen oan syn frou troch.
Yn in oar skift dat yn it no spilet stean de siden fol mei haat en ôfgriis. It is it net Anke dy't er sa djip hatet, mar Wouter, de man dy't syn frou fan him ôfpikt hat. Sidenlang hâldt er skelpartijen tsjin Wouter. Anke is foar him mear in slachtoffer as in frou dy't har nocht hat fan him.
Oer Anke sels kom ik net folle te witten. Yn it skift dat oer de earste moeting tusken de haadpersoan en syn takomstige frou giet, neamt er har in hynder. Fan ferealens is gjin sprake. Anke sels seit hast neat. Yn it part dat bestiet út stikken dialooch tusken har, hear ik wat mear fan Anke en dat is foaral dat se wurch is fan 'e petearen mei har man, dy't op gjin inkelde manier ynsjen wol dat it oer is tusken har en neat oars docht as foar skoalmaster spylje.
Oant safier it ferhaal yn It lyk wurdt oantaast. It boek lêst as it ferslach fan in obsesje fan in man foar in frou sûnder dat de woartel fan dy obsesje fuort dúdlik is. De skiften binne in samling kontrasten dêr't de ‘ik’ sels ek yn omkomt. Hy hat wol de bonken fan it lyk fan syn houlik sammele, mar hy hat gjin antwurd jûn op 'e fraach wêrom't dat lyk eins dea is. Want wêrom hâldt hy fan har? Wêrom hatet hy Wouter sa ferskriklik dat er gjin libben mear hat? Wat dogge dy twa yn de goedichheid mei inoar yn dat houlik? It bliuwe meastentiids fraachtekens foar de haadpersoan, want hy docht net oan djipdollende selsanalyze. It motto foar yn it boek ûntmoedicht de lêzer sels om soks ta passen op it boek: ‘‘Warskôging oan alle psychol-, teol-, pedagen oare ogen: it is sa klear as in klûntsje, dat myn fantasije siik is, om't fan alle feiten en omstannichheden yn dit boek gjin donder wier is.’
It boek hat wat fan in klassyk Gryks drama dat foar de safolste kear opfierd wurdt, mar sûnder dat de driuw fan de spilers sichtber makke wurdt. It is dúdlik dat de ‘ik’ dreaun wurdt troch it bekende kontrast fan haat en leafde. Foaryn it boek wurdt ek eksplisyt steld