It imago fan Fryslân (2)
Fryslân olé!
Sterker, it ynteresseart my sowieso gjin hout wat oaren fan my fine, séls al binne it Friezen. Lykwols hat Gryt gelyk, it wurket nammentlik hiel oars.
Stel, Foppe de Haan fertelt my dat hy syn keutels yn pompeblêdfoarm skite kin. Dat wurdt dan in tuskenfraach yn in ynterview mei Foppe oer Ajax (‘wat ha je der oan at je likegoed ferlieze’). ANP-korrespondint Harm van der Pal heart soks, en makket der in berjochtsje fan. Dat wurdt in kaderke op alle foarsiden fan de lanlike kranten. Wio Joustra, Volkskrant-korrespondint, mar benammen Hearrenfean-kenner en dus oanhinger, fergruttet it ferhaal, ynklusyf in foto fan sa'n pompeblêdbolus. Dan kinne de Ljouwerter en it Deiblêd net efter bliuwe. En foardat we it witte ha we wedstriden yn it pompeblêdloarteskiten by de alve stêden lâns. En dan fergje se my wer om dêr ferslach fan te dwaan. Wolno, oer myn lyk.
It soe oars moatte. Wa't tenei ek mar mei ien finger oan ús kultuer en oare eigenaardichheden komt, at se no Mak, Van Krimpen of Sonnema hite, komt de Ofslútdyk net mear oer, al moat we de hillige Warnzer Stien ek op de brêge fan Koarnwertersan kwakke. At we dan wer ûnder ús binne dogge we allinne noch de dingen dy't we sels aardich fine. Lykwols sil dan blike dat we ek net fierder komme as Anneke Douma, Lytse Teake en de Blauhúster Dakkapel. Fryslân olé!
eelke lok