krystfersiering it ljocht de romte yn. Opfallend is fierders dat se in glêzen bol yn har hannen hâldt.
Is dizze Mariko Mori (dy't yn in earder bestean fotomodel wie!) in moderne wiersister of in kompjûterstjoerde geisha en in narsistyske seemearmin fan de 21e ieu? Wy witte it net en sille it ek net witte, want yn har foto- en fideowurk giet de werkenbere wrald naadleas oer yn in fantasywrâld: de utopyske wrâld fan Mariko Mori. It is slim fêst te stellen, wêr't de normale wrâld ophâldt en it firtuele, optochte universum fan de keunstner begjint. Har wurk is de ferbylding fan har dreamen.
Fansels kin je dit wurk ôfdwaan as de safolste hype en kin der twifele wurde oan de ivichheidswearde fan sok foto- en fideo-materiaal. As wy tsien jier fierder binne is der letterlik neat mear fan hiel. Dan is alles blau, ferblikke en broas wurden. Mar op dit stuit - en dat liket my it belangrykste - is it rûnom te sjen, yn alle grutte musea foar moderne keunst. En Mariko Mori hat kollega's by de rûs.
De jongste keunst wol neat mei it ferline te krijen ha. Sy hat de holle ôfkeard fan de algemiene èn de keunstskiednis en rjochtet har op har eigen (privee)wrâld. En dy wrâld kin skamteleas puberaal en/of narsistysk wêze of wol ús allinnich mar ferdivedearje. Lykas yn de ekonomy liket de ynstant-befrediging fan alle behoeften it belangrykste te wêzen.
Mar keunst libbet by de graasje fan de oerskrieding. Se makket harsels (en no brûk ik de wurden fan keunstkritikus Anna Tilroe) oerstallich as se har foeget nei it besteande. En wat docht de keunst, no't se net mear wit wêr't se har tsjin ôfsette moat? Se besiket harsels grutter te meitsjen, harsels út te wreidzjen mei alle mooglike dissiplines: film, arsjitektuer, moade, design en sels (pop)muzyk. Se wurdt, om it âlde wurd te brûken, in multimediaal Gesamtkunstwerk fan alles en noch wat.
En sa is de útgeanskultuer fan de lette jierren njoggentich definityf trochkrongen yn de keunst, de muzyk, de moade en de foarmjouwing. Ja, dy útgeanskultuer is sels in soarte fan model wurden foar de hiele kultuer. Ien fan de wichtichste saken fan dy kultuer is glamour. De keunst is opgien yn glamourlân. Stjerren steane net mear oan it firmamint, mar op de dûnsflier fan de klup, de catwalk fan de moade, it poadium fan it festival of gewoanwei op 'e muorren fan it Stedelijk Museum, lykas okkerdeis de jonges en famkes út de Buzz Club-fideoproduksje fan Rineke Dijkstra, ien fan de belangrykste fotografen fan dizze tiid.
Net allinnich Mariko Mori is in stjer, mar ek ús freon Linus Torvalds, want ek hy wurket oan de realisaasje fan ús dreamen. Wy allegear libje yn 'e waan dat wy ienris of foar fyftsjin minuten(à la Andy Warhol) it middelpunt fan it universum binne. Wy binne allegear stjerren of wolle dat alteast wurde. Wy libje allegear yn ús eigen film en binne ús eigen regisseur, haadrolspiler en kaartsjeferkeaper tagelyk.
En wat docht de fierhinne wurkleaze keunstkritikus? Hy sjocht dernei, lêst de krante en fisket ien fan syn eigen radiopraatsjes út it âldpapier. Hij lêst de saak nochris oer en wit dat it al fierste let is foar Auke de Vries. Wy libje yn it nije milennium. Mar kontrasten ha ek wearde.