| |
| |
| |
De oarspronklikheid fan Obe Postma
Jabik Veenbaas
It wurk fan Obe Postma hat de lêste jierren gans oandacht krigen. Yn 1996 hold Philippus Breuker syn ynaugurele rede oer Obe Postma als auteur van het sublieme en brûkte Geert Mak twa fersen fan Postma foar syn bestseller Hoe God verdween uit Jorwerd. Yn 1997 ferskynde Van het Friese land en het Friese leven, in Nederlânsk/Fryske blomlêzing út Postma syn wurk, dy't nei twa moanne al in werprinting krige èn in soad oare publikaasjes oprôp: in protte omtinken yn 'e Fryske deiblêden en de Nederlânske parse en in spesjaal nûmer fan Trotwaer.
In jier letter makken Philippus Breuker en Jabik Veenbaas de foarlopige balâns op fan de diskusje dy't sadwaande ûntstien. Dat dienen se op Gerritsma State by Wurdum, dêr't op 15 novimber 1998 in Postma-middei holden waard. Foar Trotwaer ha se har referaten wat ynkoarte en bewurke.
Yn de Nederlânske parse wurdt, sa falt jin op, op nochal ferskillende wize tsjin Postma syn wurk oansjoen. Rob Schouten hat it yn Vrij Nederland oer de ‘eigenaardige, bijna inderhaaste toon van zijn latere gedichten’ dy't syn wurk in apart plak jout binnen de Nederlânske kanon, en hy fergeliket him mei hjoeddeiske dichters as Arjen Duinker en K. Michel. Michael Zeeman rommet yn syn grutte artikel yn de Volkskrant fan 7 november 1997 de ‘innemende bescheidenheid’ fan syn wurk. Remco Ekkers, lykwols, neamt him wer in grutte modernist. Wylst Maarten 't Hart yn syn roman De aansprekers, dy't trouwens al datearret fan 1979, spruts oer de treast dy't it lêzen fan Postma syn wurk him joech nei it ferstjerren fan syn heit, en fûn dat der yn dat wurk ‘zo'n verwonderlijke harmonie’ lei, ‘zo'n weemoedige en toch gelukzalige stemming van levensaanvaarding’ (s. 68).
De grutste Postma-kenner fan dizze jierren is sûnder mis Philippus Breuker. Hy hat yn syn ynaugurele rede in skerpe nije analyze fan Postma syn wurk jûn, dy't my op de measte punten nochal oerstjûget, benammen ek op it stik fan de situearring yn literêrhistoarysk perspektyf. Boppedat hat Breuker, troch yngeand boarne-ûndersyk, in protte ferbiningen ûntdutsen tusken it wurk fan Postma en dat fan oaren dêr't er troch beynfloede is: dat fan Van Schagen, bygelyks, en dat fan Gorter. Breuker jout dy ferbiningen in fernaam plak yn Postma syn wurk. Neffens him ‘assimilearret’ Postma faak it wurk fan oare dichters yn syn eigen gedichten, en is dy assimilaasje in stylfiguer yn syn wurk.
Breuker hat, bûten in soad wurdearring, just op dat lêste punt nochal wat krityk krigen yn Fryslân. Hylke Tromp typearre him yn de Trotwaer fan april 1997, nei oanlieding fan in artikel yn de Ljouwerter, op in frijwat spotske toan as in man dy't Postma te'n ûnrjochte beskuldiget fan plagiaat.
Tromp syn toan is skerp, mar dochs net folslein ûnrjochtfeardich. Breuker syn publikaasjes hawwe in soad kwaliteit, mar op it punt fan de assimilaasje giet er wol ris krekt
| |
| |
efkes te fier. En dan mankearret it der mar krekt oan of hij bringt it misferstân yn 'e de wrâld dat de wearde fan Postma syn dichterskip devaluearret no't der yn syn fersen bepaalde ferbiningen mei fersen fan oaren fûn binne. Dat misferstân fynt trouwens faaks syn alderearste oarsaak yn it feit dat de minsken Breuker syn wurk net goed lêze. Sawol yn syn ynaugurele rede as yn syn neiwurd by Van het Friese land en het Friese leven komt Breuker, ek by it neamen fan alle ferbiningen, hyltyd werom op Postma syn eigen identiteit. ‘In essentie bleef Postma door de jaren heen zichzelf’, seit er yn dat neiwurd. Breuker ûntkent Postma syn unisiteit net sasear, hy set dy yn kultuerhistoarysk perspektyf. En trouwens, dat syn wurkwize de trochsneed lêzer wolris wat droech oerkomt, kinne jo Breuker net kweaôf nimme. De man is in gelearde, en gjin sjoernalist of kabaretier.
Lykwols Breuker giet net frijút. By de ferbiningen dy't er leit kinne noch wolris fraachtekens set wurde, de konklúzjes dy't er út oanwêzige ferbiningen lûkt geane wolris wat te fier. En boppe-al hellet er, yn syn gelearden-entûsjasme, dy ferbiningen sa neidruklik nei foaren dat er sels de yndruk wekt dat se ien fan de fernaamste aspekten fan Postma syn wurk foarmje.
En nei myn betinken rekket sa, hoe ûnbedoeld miskien ek, de oarspronklikheid fan Postma syn wurk dochs tefolle nei de eftergrûn. Dêrom wol ik it just dêr graach oer ha. Is it wurk fan Obe Postma no wol sa oarspronklik? En sa ja, wer sit him dy oarspronklikheid dan yn? Is it Rob Schouten syn ‘eigenaardige, bijna inderhaaste toon’? Of is it Maarten 't Hart syn ‘verwonderlijke harmonie’? Of is it noch wat oars? En dogge de ferbiningen dy't Breuker fûn hat ûnderstek oan de oarspronklikheid fan syn wurk?
Yn it foarste plak soe ik der op wize wolle, dat Postma syn wurk in oarspronklik dekor jout. Schouten skriuwt yn syn stik yn Vrij Nederland suver wat skamperjend dat ‘ook de wereld die hij [dat is Postma] oproept, het weidse land, de kleine dorpstaferelen [...] de horizon niet [uitbreiden]’. Ik tink dat Schouten dêr absolút ûngelyk oan hat. Postma jout dat ‘weidse land’ en ‘die kleine dorpstaferelen’ no just dat kasjet, dat se nedich hawwe om se yn ús ûnthald in nij en belangryk plak te jaan. Tink bygelyks ris oan dat ferneamde fers ‘Wat de dichter witte moat’ en dan oan dizze rigels: ‘Dan it wûnder fan de foldiedigens fan natoer. / It hôf lei bedutsen mei de grutte, reade, swietrokige fruchten, / Dy't de wyn naam fan de mânske beammen.’ Of tink ris oan it fers ‘Arbeidershûs’, dêr't Postma it lytse arbeiderswenninkje dizze wurden yn sprekke lit: ‘Ik sjoch de greide; ik bin de greide. / Ik fang it ljocht op, it west-noardwesterske ljocht: beam net, noch blom net; / Fang it op foar keamer en bedskut.’ It binne de oarspronklikheid en de djipte fan de bylden út it ‘weidse land’ en ‘de kleine dorpstaferelen’ dy't just ús hoarizon al útwreidzje. Wat is it, dat ús hoarizon útwreidzje kin? Is dat it fiere en ûnherberchsume lân? Is dat de grutte stêd, New York, Parys, Amsterdam? Dat is it net werklik. Dat is it allinne foar de oerflakkige, bornearre minske. Wat werklik ús hoarizon útwreidet dat is de besieling en de genius fan de minsklike geast dy't it plak, hokker plak dat ek is, kleur en siele jout, libje lit.
Schouten syn opmerking bliuwt hingjen yn it beheinde sjabloan fan de tsjinstelling provinsjale literatuer-wrâldliteratuer. Willem Frederik Hermans hat der lang lyn, yn syn boek Mandarijnen op zwavelzuur, al op wiisd dat dy tsjinstelling ûneigentlik is, dat dy tsjinstelling eins hielendal gjin tsjinstelling is. Ik
| |
| |
sitearje: ‘Alle literatuur is provinciale literatuur. Wat is wereldliteratuur? Het is literatuur die in provincies speelt waar de hele wereld belangstelling voor heeft.’ (s. 16) Ik tink dat it Postma syn ferstjinste is, dat er it lytse doarp en it wide greidelânskip op ús geastlike lânkaart setten hat en dat er dat dien hat op in eigen en op in bliuwende manear.
It twadde faset fan Postma syn wurk dat ik oarspronklik neame wol, is syn libbensfilosofy. Ik berop my wat dit punt oangiet trouwens op de teory fan Breuker, nei foaren brocht yn syn ynaugurele rede, dat Postma geandewei syn wurk in eigen libbensfilosofy foarmet, dy't er net yn skôgingen staljout, mar yn syn fersen mear of minder eksplisyt ferwurdet. It meast eksplisyt docht er dat yn it fers ‘Ljochte moarn yn 'e finne’, dat datearret út 1948. Hy hat it dêr oer ‘groede-suster, ierde-mem, godljocht [-], de ljochte trits fan 't goed dat my wjerfoer!’ De groei as suster, de ierde as mem en de god as ljocht, dat wie Postma syn trijeienheid. En dy trijeienheid bliuwt in oarspronklike, eigen fynst fan Postma.
Mar dalik moatte we hjirby oantekenje - en ik slút my op dit punt op 'e nij oan by it wurk fan Breuker - dat dizze filosofy fan Postma beneamd wurde kin as in fariant op tema's dy't yn syn tiid yn 'e loft hongen. De libbensfilosofy, de teosofy, it neo-kantianisme, it spinozisme, al dy filosofyen wiene aktueel yn Postma syn tiid - sjoch mar nei it wurk fan Gorter, Verwey of Couperus. Postma bliuwt, mei syn eigen kombinaasje fan dy yngrediïnten, oer it gehiel nommen dochs in bern fan syn tiid. Boppedat fyn ik sels just de fersen dêr't dy libbensfilosofy sterk yn nei foaren komt, nei myn gefoel net Postma syn bêste, net syn krêftichste. Postma is in filosofyske dichter, soe ik sizze wolle, en it filosofyske ferdjippet oan 'e iene kant syn dichterskip, mar ferminderet dat oan 'e oare kant soms ek wer. Yn in fers as ‘Ljochte moarn yn 'e finne’ wint de filosofy it tefolle fan it dichterskip.
Ik gean nei in oar punt, dat ik wichtiger fyn. Dat is it punt fan de toan. Postma syn toan is trochinoar ien fan soberheid en fan ienfâld. Dy sobere, ienfâldige toan is net allinne in skaaimerk fan Postma syn lettere wurk, fan de frije parlando-fersen lykas ‘Te Harns’ of ‘Freonen’, we fine dy eleminten ek al yn syn iere wurk, dat op guon punten noch sterker oanslút by de romantyske tradysje en noch minder it aparte, eigen Postma-stimpel draacht, bygelyks yn it fers ‘Hjerst’.
De bern, it gewoane boerefolk, de doarpsmienskip, de greide mei syn blomkes, de sleatswâl, dat is Postma syn dekor, sa't ik niis oanjoech. En by dat dekor past gjin heech-estetisearre bylkerichheid, mar in sobere toan. Hiel moai sjogge we hoe't dekor en toan by elkoar oanslute yn it fers ‘Mienskip’, dêr't ik it earste kûplet fan foarlês: ‘De sleat mei kikkertsblom, / De úttrape wâl in byt begroeid, / Ofearte pôle en tehaffle reid- / De miedkraach mei syn dracht / Fan klaver, blommeguod en al / Wat op 'e seine wachtet, / Kaam gear yn my.’
Dy ûnopmakke natuerlikheid, dy't past by it dekor, fine we dus net allinne yn Postma syn toan, mar ek yn syn ferstechnyk. Ik liet jim sakrekt sjen hoe't Postma yn it fers ‘Hjerst’ efkes ôfwykte fan de strakke fersstruktuer. Dat ôfwiken is typysk foar Postma. Postma kiest suver altyd foar de natuerlikheid boppe de metryske perfeksje.
Dat is it ek, wat it oersetten fan Postma syn fersen dreech makket. In oersetter hat oanstriid om him meinimme te litten yn de metryske perfeksje, en sadwaande ferliest er
| |
| |
gau de natuerlikheid dy't Postma mei syn lytse ûneffenheidsjes oanjout, sadwaande wurdt de oersetting samar te steryl, te dea. It past yn dat patroan dat Postma him sa oanlutsen fielde ta it frije fers, en ta it parlando-fers. De parlando-technyk wie om sa te sizzen de uterlike konsekwinsje fan it ferstechnyske kredo dat er al fan syn iere wurk ôf oanhong.
Postma ûntwikkele in libbensfilosofy dy't in eigen karakter hie, mar dêrneist sit der ek wat oarspronkliks yn de libbenshâlding dy't er hie. Dit is it plak om efkes de ‘verwonderlijke harmonie’ en de ‘weemoedige en toch gelukzalige stemming van levensaanvaarding’ op it aljemint te bringen dy't Maarten 't Hart yn Postma syn fersen ûntdiek. Ik tink dat 't Hart mei dy wurden de libbenshalding fan Postma frij aardich troffen hat. Foar safier't wy dy út syn wurk kinne, is dat in hâlding fan mylde en serene libbensoanfurdiging. Ferskuordheid, grime, wanhope binne gefoelens dy't relatyf net folle fet op him hawwe. ‘...ik ken geen dichters bij wie de nachtzijde zo haast ostentatief ontbreekt als bij Postma’, skriuwt Rob Schouten, en dit kear treft er better doel.
Kritisy fan Postma hawwe syn wurk just op dit punt de mjitte naam. Postma soe him neffens har net hielendal jûn hawwe. Hy soe syn alderdjipste gefoelens ferswijd en bedutsen hawwe. Nei myn betinken is dat mar yn beheinde sin wier. Fansels is it wier dat Postma bepaalde dingen yn syn poësije net kwyt woe; sa hat er oer syn homoseksualiteit eins mar ien kear eksplisyt skreaun. Mar tagelyk tink ik, dat Postma it type minske wie, dat, by de ferskuordheid dy't er grif field hat, de harmony yn it libben socht, en dat er it type dichter wie, dat dy harmony yn syn fersen útdrukte. Dat út Postma syn wurk libbensoanfurdiging sprekt is net in kwestje fan eangst, mar ien fan kar. De harmony, de libbensoanfurdiging, it ljocht, dat binne foar Postma tematyske trefwurden.
By Postma syn harmonieuze ynslach past nei myn gefoel ek syn oanstriid om útinoar lizzende dingen, mominten of sfearen, by elkoar te bringen. Ik neam dat wol ris Postma syn ‘panoramyske momint’. Dy oanstriid uteret er bygelyks yn it ferneamde fers ‘Jûn’, dêr't er it gehiel fan de jûn besjocht út it perspektyf fan respektivelik de mem, de heit en it bern wei. Der binne frachten foarbylden te jaan. In moai foarbyld fine we ek yn it fers ‘Al myn libbens freugden: ‘Al myn libbens freugden sitte yn de prunusbeam [-] / yn de wolken dy't út it suden it loftrom lans skouwe’. En yn it fers ‘Ien lân?’ besjocht Postma de minsklike siele as opmakke út ferskillende fasetten - de minske is dêr ‘sjonger, siker, bodder’, mar ek ‘in neaken bern’. Echt eigen foar it panorama fan Postma is meast, dat de ôfsûnderlike eleminten yn it panorama hierskerp oanwêzich bliuwe - as stiene jo op in toer en hellen jo de details fan it lânskip mei in sterke fjirrekiker om bar hiel tichteby.
De kracht fan Postma is dan, dat it panoramyske gesicht ornaris konkreet bliuwt, taastber, sintúchlik. Postma sommet op, hy enumerearret, ynstee fan gear te fetsjen of te abstrahearjen - jo kinne de greideblomkes ut it fers ‘Mienskip’ suver oanreitsje. En ik bin it mei Sierksma iens dat de spanning tusken panoramyske fizy en konkreet byld Postma syn fersen boeiend makket - de man stiet op 'e toer, sjocht mei de fjirrekiket it lan oer. Dan hellet er in blomke foar de lins, dan in ko of in boer dy't it hea ynhellet. Mar hy docht de kiker net foar syn eagen wei om it fjild yn ien kear oer te sjen. Nee, hy set alles neist elkoar wat it fergrutsjende glês him jûn hat. De dingen dy't in minske nea neist elkoar besjen kin, omdat
| |
| |
er him op ien taferiel rjochtsje moat, dy set Postma wol by elkoar, yn in boppe-subjektyf perspektyf.
Ik neam noch ien belangryk punt dat ik typearjend foar Postma fyn. Dat is it feit dat Postma himsels graach hiel beskieden en lyts, suver ferûntskuldigjend, presintearret. We treffe dy sels-iroany, dy underdog-presintaasje yn nochal wat fersen oan, bygelyks yn ‘As ik opdroegen wurd’ en ‘Treast op klachte’, mar ek yn it skitterjende fers ‘Te Harns’. Postma neamt yn dat lêste fers alderearst de grutte reizen fan Goethe en Rilke, fergeliket mei dy reizen, op sels-iroanyske wize, syn eigen reis nei Harns. En neigeraden it fers him ûntjout, feroaret de selsiroany stadichwei yn selsbetrouwen, yn it besef dat de dingen dy't hy sjocht neat ûnderdogge foar de dingen dy't Goethe en Rilke yn Italië en Ruslan seagen, dat de wrâld oanwêzich is yn de dingen dy't we sels om ús hinne ha, en it fers einiget mei de paukeslach: ‘Hollân! de see! de see!’ Uteinlik rjochtet Postma syn iroany net mear tsjin himsels mar tsjin Goethe en Rilke, dy't tochten dat se nei fiere lannen ta moasten om de tema's fan 'e wrâld te finen.
De sels-iroany fan Postma slút ek wer hielendal oan by it dekor dat er kiest, dat ienfaldige dekor fan doarp en greide, it slút ek oan by de toan, en by de ferstechnyk, dy't ik niis op it aljemint brocht. Postma sjocht himsels as de lytse minske, de lytse dichter, dy't oer de lytse minsken en de lytse dingen fan doarp en greide dichtet. Mar tagelyk is der yn syn fersen, dat fernimme jo bygelyks oan it niis sitearre ein fan ‘Wat de dichter witte moat’, it besef oanwêzich dat dy lytse dingen grut en belangryk binne, en dat syn lytse persepsje fan 'e wrâld neist dy fan 'e oare grutte dichters stean kin.
Ik merk hjir mei klam op, dat ik op de measte punten dy't hjirboppe neamd binne, net polemisearje mei de fizy dy't Breuker op Postma jûn hat. Ik tink lykwols àl dat Breuker de assimilaasje-eleminten, dy't yn inkelde gefallen beslist yn Postma foarkomme, tefolle nei foaren helle hat en dat Postma syn oarspronklikheid dêrtroch tefolle yn 'e kiif setten is. Om te yllustrearjen wat ik bedoel, gean ik dan op inkelde details mei Breuker yn diskusje. Dy details helje ik út it fers ‘As ik opdroegen wurd’. Yn syn oantekeningen by Van het Friese land en het Friese leven notearret Breuker
| |
| |
foar dat fers in ferbining met sonnet nûmer 71 fan Shakespeare.
Breuker sjocht in signifikante oerienkomst tusken dat sonnet en Postma syn ‘As ik opdroegen wurd’, en dan giet it benammen om de oerienkomst tusken oan 'e iene kant Shakespeare syn earste twa rigels, dy't yn frije proaza-oersetting dizze tekst hawwe: ‘As ik dea bin, treurje dan net langer om my asto de batske, noartske klok hearre silst’ en oan 'e oare kant a) it ‘As ik te hôf brocht wurdt hoecht der gjin ien te skriemen’ fan Postma en b) Postma syn breed útspûne metafoar oer de tuorren út de omlizzende doarpen dy't it kloklieden fan de Koarnwerter toer bekommentariearje: ‘Mar as de klok begjint te lieden - sa riist it foar my op - / Soe der dochs net wat trilje kinne’.
It giet der by dizze oerienkomst dus om dat beide dichters foarútrinne op har stjerren, dat se beide sizze dat der net gûld wurdt of hoecht te wurden en dat beide dichters in persoanifikaasje kreëarje dy't oant op in hichte oerienkomt: Shakespeare neamt de klok dy't liedt ‘surly en sullen’, ‘batsk en noartsk’, en Postma seit oer de tuorren fan Koarnwert en omkriten fan alles en noch wat, oer de toer fan Koarnwert yn it bysûnder dat ‘syn holle slacht’ en dat er oer de deade seit ‘by my is er weikomd en by my komt er wer’.
Dizze oerienkomst hinget, tinkt my, mar oan in tin triedsje. Fansels, beide dichters stelle har foar dat se dea binne en beide litte de klokken liede. Mar fierder sit der sels yn dat kloklieden grut ferskil yn oanpak. Shakespeare persoanifiearret de klok, neamt him batsk en noartsk, mar Postma persoanifiearret de toer dêr't de klok yn hinget. En hy neamt him net batsk of sokssawat, nee: de toer sprekt yn freonlike ynderlike meditaasje oer Postma: ‘By my is er weikomd en by my komt er wer’. Dus sels yn de oerienkomst dy't Breuker signalearret sit al ferskil.
Mar de ferskillen wurde beslist grut as we de fersen as gehiel neist elkoar lizze. Wat bart der yn sonnet 71?
Shakespeare sprekt syn leafste ta, en ropt har (ik gean der foar it gemak no efkes fan út dat it in har is, hoewol't dêr oer striden wurdt) op om net om him te treurjen, want hy hâldt sa fan har dat er har it gûlen besparje wol en de spot fan de wrâld. Shakespeare syn fers is dus yn wêzen in leafdesfers. Postma, lykwols, sprekt yn syn fers net ien oan, en al hielendal gjin leafste. Hy beskriuwt wat der barre sil as er stjert: ‘As ik opdroegen wurd sil der net [-] in jong feintsje fan fieren te gûlen stean.’ Postma hat it yn it fers ek oer syn keunst - wat drôvich, mar dochs yn oanfurdiging seit er dat syn fersen net folle wjerklank fine by de jeugd. By Shakespeare hâldt it fers oan 'e ein ta de fan mins-ta-mins-yntime eroatyske atmosfear fan de man dy't syn leafste beskermje wol. Sa yntym, dat syn namme net troch de leafste sein wurde mei: ‘Do not so much as my poor name rehearse.’ Mar Postma lit de tuorren fan Koarnwert en om Koarnwert hinne just oandacht oan him jaan: ‘Soe der dochs net wat trilje kinne yn dy oare stompen en spitskes, sa't hja fier yn it rûn my kundich wienen?’ En dan komme we op in grutte tsjinstelling tusken de beide fersen. Shakespeare seit: neam myn earme namme net. Mar Postma lit ien fan de tuorren om Koarnwert hinne sizze: ‘Hear dy lange skraits fan Koarnwert ris [-] dat is foar dy soan fan Piter Obes.’ Postma lit dus syn eigen namme just neame, of krekter: hy lit himsels fia de namme fan syn heit beneame.
Nee, yn strekking en sfear rinne de fersen sa fier út elkoar, dat de oerienkomst my tige behindich en sels twiveleftich foarkomt. En
| |
| |
sels às Postma hjir ynspirearre wêze soe troch it fers fan Shakespeare, is er sa dúdlik en ûnmiskenber syn eigen wei gien, dat der gjin sprake is fan in devaluearjende wurking op Postma syn oarspronklikheid.
Ik tink dat ik oer mear ferbiningen dy't Breuker leit sa'n soarte ferhaal jaan kinne soe, bygelyks oer de ferbining tusken ‘Buiige snein’ en it fers ‘Narrenwijsheid’ fan Van Schagen. Breuker is soms te begearich om ûntlieningen op te spoaren, hy sjocht lichte of sels wiffe oerienkomsten te gau as dúdlike assimilaasjes en as der sprake is fan oerienkomsten suggerearret er te gau dat oerienkomsten de oarspronklikheid fan Postma syn wurk ûnderstek dogge.
Tink no net dat ik fyn dat Postma syn wurk boppe alle krityk ferheven is. Lykas ik niis al oanjoech haw ik sels net altyd like folle op mei de fersen dêr't de filosofy de poëzij tefolle ferdriuwt, lykas ‘De idé fan Koarnwert’. Ek fyn ik dat syn lettere parlando-fersen soms wol ris wat al te struktuerleas binne. Mar dat binne foar my de útsûnderingen dy't it krêftige dichterskip fan Postma befêstigje. Der is de lêste jierren wolris fan Postma sein dat de hjoeddeiske oandacht foar syn wurk te krijen hat mei de sfear fan de New Age, dat de sekularisearre minske yn syn wurk werkenning fynt. Ik tink dat Postma syn wurk de New Age-tiid oerlibje sil, omdat dat wurk wêzentlik en djip eigen is. Postma dichte, op in eigen, sobere, ienfâldige toan, meast mei sober-natuerlike ferstechnyske middels, foar in ienfâldich dekor, oer ienfâldige dingen - de greide, it doarp, de sleatswâl, it arbeidershûs. Hy makke himsels lyts, sette himsels behindich en beskieden neist dat behindige, beskieden dekor. Hy wie in minske en in dichter dy't socht nei lok en harmony, nei it allesomfiemjende, godlike ljocht. En sels spruts er foar dat ljocht, as er de dingen neist elkoar sette, út in boppe-minsklik, in boppe-subjektyf perspektyf wei - yn ‘Alle freugden fan myn libben’ wurdt it dichter-subjekt net foar neat allinne yn de earste rigel neamd. Hy wist ek dat er dat die - syn beskiedenheid wie grutsk en selsbewust. No't we Postma kinne, witte we dat de Fryske sleatswal like nijsgjirrich is as it Empire State Building.
|
|