Trotwaer. Jaargang 31(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 119] [p. 119] Tsjisse Hettema jûnslân jûnslân dimmen lân fierste wite wivelân learst it noait oer tichtskroeide groede yn skimerlân rint it bluodrich spoar nei myn ferline dat mar net fleurich wurde woe mar wol opwinend ik wie bang ik wie lef ik wie in skym fan wat ik wêze moatten hie en om de echte dingen te beneamen sil my neat út hannen komme mar wol it waanidee dat ik hjir wie [pagina 120] [p. 120] oerhearrich ûneinich wie it neist it spoar boppenop rein sloech ferwaarme ruten yn in gruzich isolemint grimmitich stikken op it lanskip grien, grien griemstee yn de keningssel, in koartby weromlutsen foarhûd, foargoed yn har wytútsleine hanskrift betsjut sloech yn griemich spegelskrift oer de rails in neatsizzend lan werom [pagina 121] [p. 121] leaf, leaf, ynleaf heitelân lân tusken twa rêgen achter de hân wat leist dêr nei de loft te snuven blinkt dyn wang fan ribsân en glysterich nei-floedsk merkteken oan myn ear lytse tepels haw ik flústersto dit lân is gjin ôfsobbe terpelan mar skjinleech waaid slinkelân dyn rêch ek sa tusken dy twa dobben troch nei de kleau [pagina 122] [p. 122] wettergong wy wrongen ússels lâns ieuwenâlde wettergongen in paad doe't wy ûnderierdsk it wetterpeil betwongen dat ús stille gong in pylgerreize waard binnenyn der wie sa'n frjemd brekber langstme om wetter en grûn te ferbinen mei in hân of in wurd mar wy seagen mar wat om ús hinne it dreau ús wer fierder oer útsette paden it eigen glysterich binnenpaad wie doe de weromreis al net mear wurdich Vorige Volgende