Fan de redaksje
Yn 1994 kaam Albertina Soepboer yn 'e redaksje. Entûsjast begûn sy oan it hifkjen fan kopy en it diskusjearjen oer de koers en ynhald fan it blêd. Sy skreau freonlike brieven oan dichters, dy't noch mar ris goed oer it ynstjoerde wurk neitinke moasten.
Albertina levere foar Trotwaer fersen, besprekken en langere stikken, benammen oer ûnderwerpen dy't mei har belangstelling foar Spanje en skriuwsters te krijen hiene. Serieus wie se, mar nea dogmatysk. De oare redaksjeleden betrouden altyd op har oardiel oer poëzij. Wy wiene grutsk op har sukses as Frysk/Hollânske dichter.
Albertina giet no út de redaksje om oare projekten oan te pakken. Wy sille har misse mar hoopje fansels dat se har kopij altyd earst nei ús opstjoert!