Dwersreed
Albertina Soepboer
Oantekeningen by it skriuwen fan in dwersreed
Hjoed soe ik dwers wêze moatte om dit stikje te skriuwen, mar ik kin mysels der mar net ta sette om dwers te wurden. De stêd sit fol mei maitiid. Oeral stean bosken bloeiende krokussen. Dochs sil dit stikje der komme moatte. Ik begjin mar mei wat ik faak tink de lêste tiid.
It giet net goed mei de Fryske literatuer. Lang sil it net mear duorje foar't se ferstjert.
Ik bin net echt tefreden oer dit begjin. Wat wol ik dermei? Myn gedachten dwale al gau ôf. Juster hie ik skilderles. Foar my yn in rotanstoel siet in bleate frou. Oer har liif rûnen blauwe en reade kleuren. De dosint stampte as in liuw troch it lokaal hinne en rôp dat wy net mear neitinke moasten, mar sjen moasten nei it model. ‘It model is de wrâld,’ sei er. It model is it libben, tocht ik doe't ik de kwaste foar de earste streek yn 'e ferve stuts. Ik set myn pinne mar wer op it papier. Ergens sil der wol wat libbens yn dy earste rigels sitte, wat der letter krekt útkomt.
Ik skriuw yn it Frysk.
Ja, dat is sa. Foar my leit in stapel papier hielendal folskreaun mei letterkes. Ik fiel oan it tinteljen fan myn fingers dat it goed wurdt. De wurden hawwe op guon plakken presiis it ritme dat se nedich hawwe. Myn gedachten gean wer nei it papier dat foar my leit.
Dus op in dei sille myn letters ferstjerre.
As ik dy lêste rigel sa stean sjoch, dan wit ik net oft ik der oer skriuwe wol. Ik wurd der net lilk of tryst fan. It is inkeld in konstatearring en it libben giet wer fierder. As it model en ik dea binne, libje wy fierder yn it skilderij, sels al soe gjinien it mear sjen. Ik sjoch wer nei it wite papier.
Mar dy dea makket my net dwers.
Doe't ik lyts wie en in opstel skriuwe moast, biet ik altiten op 'e útein fan it potlead. It wie krekt oft dat it ferhaal better kaam as ik goed hurd sobbe. Ik byt mar wer ris op 'e pinne yn 'e hoop dat der wat komt. Ik skriuw it wurd ‘dwers’ noch in kear op en set der in grutte sirkel om hinne. Dan knalt it wurd ynienen útinoar.
Dwers wurd ik fan it striden om it grutte gelyk at it om taal giet. Wa hat it geefste Frysk brûkt? Wa hat de measte boeken ferkocht? Wa hat de bêste prognoazes foar de takomst? Wa hat it grutste gelyk oer wat dan ek?
At ik de lêste wurden opskriuw, hipt de kat op skurte. Hy jout my in kopke en slacht mei syn poat nei de pinne, omdat dy sa moai beweecht. De kat tinkt dat er libbet. Wylst wat út dy pinne komt, net lang mear libje sil... Is dat sa, tink ik fuortendaliks, en wat betsjut dat dan presiis? Wurd ik dochs noch dwers. Wat sit der eins achter dat grutte gelyk? Nei wat neitinken, begjin ik te skrassen.