| |
| |
| |
Myn foarkar foar Postma
Flippus Breuker
Dit stik giet oer wat my yn de poëzy fan Postma lûkt, en hoe't dat komt, mar mear noch oer dingen dêr't diskusje oer ûntstien is. Dy beide kinne op ien nei, dy't ik fuort neame sil, mei elkoar kombinearre wurde. Yn de ferantwurding by de Meulenhoff-blomlêzing ha ik sein dat it net sa maklik is om ûnder wurden te bringen wat jin boeit, mar libbenens fan foarstelling, ferrassende ynsjoggen en oandwaning dy't by letter op 'en nij lêzen net oer giet, hawwe der mei te krijen. Hoe't Postma dy effekten by my berikt, ha ik my yn trije punten oer útlitten op de Postmamiddei yn de Harmony. Ik sil se hjir sitearje út it frij wurdlike ferslach dat Teake Oppewal derfan makke hat (Op 'e hichte, desimber 1997). Foar de oersichtlikheid nûmerje ik de punten. Sifers tusken heakjes ferwize nei de útjefte fan de Samle fersen.
Net te kombinearjen binne de negative reaksjes op it omtinken foar Postma as sadanich. Ik kin der wol ynkomme dat guodden mear oandacht foar de eigentiidske literatuer ha wolle, mar sels sprek ik my leafst pas út nei yngeande stúdzje, en dy ha ik fan de tweintichste-ieuwers oant no ta allinnich fan Postma makke. Ik bin op him ek noch net útsjoen. Sa hat ek yn de Nederlânske literatuerstúdzje it sublime de lêste jierren mear omtinken krigen, en wat de stúdzje fan Postma mear yn it bysûnder oangiet, der is no ien mei Boutens dwaande dy't yn Postma ynteressearre is, in oaren foarmet him in oardiel oer de fraach oft Postma syn natuerwittenskiplike stúdzjes omtinken fertsjinje en in tredden hat in boek oer Fokke Sierksma ûnder hannen, dêr't ek in haadstik oer it plak fan Postma yn it tinken fan Sierksma yn komt.
| |
I Histoarysk bewustwêzen
‘Mijn belangstelling voor Postma is niet zo glad verlopen. Het is eigenlijk via mijn historisch onderzoek gegaan. Ik heb een sterk historisch bewustzijn ontwikkeld door mijn onderzoek van het dorp [Boazum]. En dat richtte zich op dezelfde kleine details van het dagelijks leven als Postma interesseerden. En dat heeft mij gevoelig gemaakt voor dat in mijn ogen centrale element in het werk van Postma, namelijk het historische bewustzijn.’
Ik ha oer de aard fan it histoarysk bewustwêzen by Postma al in betreklik soad publisearre, en reaksjes of nije ynsjoggen binne der net, dat ik kin oer dit punt fierder koart wêze. Dochs wol ik der noch al wat fan sizze.
It iene is oer myn eigen eftergrûn. Ik bin fan wat Postma earne ‘it boere-en doarpsterfolk’ neamt (227), en dat is myn famylje al sûnt minskeheugenis. Hy mei dan by wize fan tsjinstelling ek oer it grutte libben yn 'e stêd skriuwe, it meast spilet syn dichtwurk him op it lân ôf, en de man fan it lân kin hiel goed meifiele sa't hy oer de stêd skriuwt. Der is mei oare wurden foar my wat hiel eigens yn syn poëzy. Ik fiel my dêrtroch tink ik earder en makliker as wie ik ien fan de lju dy't hy beskreaun hat, as wannear't ik gjin Fries fan de klaai wie.
It oare punt is dit. Postma hat mear as ienris oer syn grutte leafde foar de keunst fan Rembrandt skreaun, foaral yn syn gedichten. Ien fan de plakken dêr't er dat docht is yn it gedicht ‘Peaskemoandei,’ dêr't er mei in ûnt- | |
| |
liening oan Boutens net allinnich op de dêr bedoelde Michelangelo doelt, mar ek op Rembrandt (earst, doe't ik Michelangelo noch net ûntdutsen hie, tocht ik dat Rembrandt allinnich it wie), as er seit: ‘O dit allegearr' mei ien streek te omfiemjen’ (143). Wat my no koartlyn trof is it feit dat hy yn dit gedicht krekt itselde útdrukt as wat neffens Boudewijn Bakker de sintrale karakteristyk fan Rembrandt syn lanskipstekeningen is, nammentlik de gefoelichheid foar ‘authenticiteit, “eigen-aardigheid”, een door de jaren heen verworven karakter’. Bakker skriuwt dat yn in beskouwing oer keunst en werklikheid yn it lanskip by Rembrandt, in ûnderdiel fan it moaie boek dat krekt útkommen is nei oanlieding fan in jierrenlang ûndersyk nei de lokaasjes fan Rembrandt syn tekeningen út de omkriten fan Amsterdam. Dat boek is de opfolger fan dat fan Lugt, dêr't lykas bekend Postma troch ynspirearre waard ta in fers.
| |
II Foarbylden
It twadde punt is sa. ‘En dan verder vind ik een vrij recente ontdekking dat het werk van Postma een gesprek is met andere dichters en dat verhoogt de vreugde in het dichtwerk. Dat heeft niks meer met Cornwerd of het volk te maken. Hij reageert op de grote dichters van zijn tijd en ook van vroeger. En als je die dichters kent dan wordt het buitengewoon boeiend om te zien wat voor alternatieven Postma voorstelt.’
Ear't ik dêr neier op yngean, wol ik earst as kredo fan Postma sels in pear sitaten opfiere. It earste is in oantinken fan J.B. Schepers út de tiid dat se beide learaar yn Tilburch wienen, dat is yn 1893. ‘Ik wit noch skoan,’ sa skriuwt dy, ‘ho forbouwerearre ik nei him harke, do't er mei sa'n skep Hollânske en Fryske fersen yn syn holle nei de skoalle blykte to stappen en mei syn gloed my ta harkjen brocht.’ It oare is in útlitting fan Postma sels as reaksje op in idee fan Jan fan 'e Gaestmar, en wol út 1908. Dy hie skreaun: ‘As immen de formogens hie om in hiel gemoedslibben, it komt der neat op oan hwa sines, bleat to lizzen op 't papier, scoe er yn steat wêze ta 't leverjen fen in wirk dat syn gelikens net ha scoe... Yn 't gemoed fen ien inkeld minske, ho ienfâldich ek, giet mear om, as yn alle boeken meienoar biskreaun stiet.’ Postma giet dat te bot. ‘Ja fensels, it wol de minsken wol oan, det der hwet yn hjar omgiet, det er “djipten” en “hichten” yn hjar ynwindich bistean binne, dêr't alles, hwet yn boeken biskreaun is, mar bernespil by is; mar is it ek wier? Wol né, dochs! Ik for my wol tominsten wol graech de bikentenisse ôflizze, det yn myn gemoedslibben net sa folle mear dingen sitte as dy't ik hjir en op oare plakken úterje en fêst gjin djippere “geheimenissen” as dy't safolle genieën yn minskesielen ûntditsen ha.’
Ik lied hjir út ôf dat it jin gjin nij hoecht te dwaan as bliken dwaan soe dat Postma ynspiraasje by oare dichters fûn hat. Oan Veenbaas te sjen is dat noch mar de fraach. Foar my kaam syn reaksje net ûnferwacht. Ik wie warskôge, om sa te sizzen. Hy hie my nêst twa jier yn in kommentaar op it konsept fan de útlieding nammentlik fuort al witte litten dat de ferbiningen mei Shakespeare him te tin wienen. En hy net allinnich. Fan Teake Oppewal krige ik in dei letter op dyselde útlieding te hearren: ‘Besibbens mei Shakespeare tige spekulatyf en riskant, en ûnbewiisber, alteast op grûn fan de teksten dy't ik hjir lês. Fan de trije sitaten dytst oanhellest binne twa hiel algemien, en de tredde, “the surly sudden bell”, betsjut allinne mar “de kiezzige en heaze klok”: wêr is de toersklok bedarre? Of binne der oare oanwizingen?’
| |
| |
Foar de dúdlikheid merk ik op dat ik dat heaze en kiezzige weromfûn yn de stramme alde hollen fan de tuorren, mar dat ik dy oerienkomst op himsels net sa sterk fûn. Wat by my tige sterk meispile wie de wittenskip dat Postma mear as ienris yn syn poëzy ûndûbelsinnich (mar dêrom noch wol ferburgen) nei de leafdessonnetten fan Shakespeare ferwiist. Hy koe se dus.
Mar belangriker as de fraach oft der oerienkomsten binne, is fansels it feit dat oerienkomsten alhielendal net hoege te betsjutten dat it hiele fers gelyk wêze moat. It soe al in frjemde dichter wêze moatte, dy't sokke fersen makke. Fansels fariearret er, dêr sit no krekt de aardichheid yn. Dat is imitaasje en emulaasje, dêr't al sa'n soad oer skreaun is en noch wurdt.
De beswieren bepaalden har net ta dit gefal. Ofsjoen fan it relative beswier fan oerdiedichheid yn it neamen fan ferwizingen (‘In útjefte as dizze wurdt sa topswier makke fan wittenskiplike fynsliperij’), hienen Veenbaas en Oppewal ek mear prinsipiële. Veenbaas frege: ‘Lizze jo it aksint net te folle op dy ferbiningen troch de “assimilaasje” ien fan de bepalende fasetten fan syn dichterskip te neamen? Dogge jo Postma syn oarspronklikens dêrmei net tekoart, ek al sizze jo dat er “in essentie zichzelf” bleau?’ En Oppewal: ‘Yn dyn stik joust in soad besibbens oan tusken Postma en grutte dichters fan bûten Fryslân. Der sit wat yn fan it ûndernimmen datst ek by GJ útfierd hast: It wurk fan de man safolle mooglik pleatse yn de kontekst fan syn tiid. Dat hâldt it gefaar yn dat it unike karakter fan Postma ûndersnijt, of, slimmer noch, by de lêzer as non-eksistent oerkomt. Allinne mar in lokale fariant fan in algemiene tendins.’ Hy neamt dan as foarbyld de ûntjouwing fan it frije fers, sa't hy dy sjocht en dy't er begjinne lit mei de simpele abcb-strofen fan it alderearste begjin.
‘By it opspoaren fan ferbannen,’ sa skriuwt er fierder, ‘bestiet boppedat it gefaar datst ferbannen lizze wolst wêr't se net sa wis binne [as foarbyld neamt er de ynfloed fan Gorter by it begjin]. Ik woe earst alle oantekeningen mei “herinnert aan” en “verwijst naar” útbanne, mar haw dochs de tiid nommen om al dyn kommintaarpunten goed yn my omgean te litten en yn elke sitewaasje apart nei te gean oft dyn “ferbiningen” my oertsjûgen.’ Dat wie yn in frij grut oantal gefallen net it gefal.
Ik ha der dit op antwurde: ‘Foar my stiet... fêst dat Postma net sûnder oare dichters te tinken is, en ik mien dat ik ek wol dúdlik makke ha wêrom. In belangryk punt dêrby is de kwestje fan de besibbens: hy ferwurket wat him leaf (dat is foaral: eigen) is. En wa't him leaf wienen, ha'k yn myn rede en hjir no ek wer sjen litten. As ik net witten hie wa't dat wienen, hie'k gjin ferbannen lizze kinnen. Ik bin o sa bliid dat ik dat ûntdutsen ha, want oars hie Postma in granytblok bleaun, in unike figuer sa't der gjin twadden hast is. Sa wurdt yn Fryslân wol oer him tocht. Ik tink lykwols dat elke goeie dichter altyd nei oare dichters ferwiist.’ En mei in fariant op it flauwe, mar dêrom noch wol wiere ‘a rose is a rose is a rose’ heakke ik dêr oan ta: ‘Poëzy is poëzy is poëzy.’
Lysbet Brouwer hat yn in besprek fan myn Amsterdamske rede in oar beswier nei foaren brocht tsjin wat sy in literêr-identifisearjende benadering fan literêr wurk lykas dy fan my neamt. Dy benimt neffens har dat wurk de mooglikheid te kommunisearjen oer de grinzen fan in tiidfak hinne. ‘Juist die essentie van literaire (en artistieke) representatie is de basis van de literatuurwetenschappelijke vraag “wat is literatuur?”.’
| |
| |
Ik bin it mei dat lêste iens. Ek foar my is de foarnaamste taak fan de literatuerwittenskip dúdlik te meitsjen wat keunst ta keunst makket. Mar ik bin it net mei har iens dat rekonstruksje dêr ûnderstek oan docht.
Krektoarsom, ik hear by de lju dy't miene dat se har gjin oardiel foarmje kinne as se earst de kontekst net witte, morele saken miskyn soms útsûndere.
No kin ien miskyn fine dat it der net ta docht wêr't de bylden en tinzen yn in gedicht weikomme. It giet der, sil sa'nen sizze, mar om wat it gedicht sels útdrukt. Mar hoe kin men, lis ik dêr tsjin yn, witte wat in gedicht útdrukt as men mooglike ferwizingen net earst oanwiisd hat en hifke op har eventuele meispyljen?
Wat dat meispyljen oangiet, binne ûnderskate fariaasjes mooglik, mar altyd jildt dat it effekt fan de ûntdekking foar de lêzer ynhaldt dat foar him de oaneigener yn petear is mei de boarne-auteur. En dan, mar ek pas dan, nei dy ûntdekking, wurdt de fraach nei de oarspronklikheid nijsgjirrich. As dy oaneigener teminsten gjin plagiator is, mar dêr ha wy it net oer, ik teminsten net, en dêr ha ik it ek nea oer hân, nettsjinsteande de troch Veenbaas oanhelle suggestje fan Tromp. Wa't dat suggerearret, is net wiis, om mei de wurden fan Tromp te praten. By plagiaat tinkt men oan opsetlike mislieding, en hoe't men dy ôfhinklikheid ek beneame wol, hoe't men it begryp ek oprekke kin, plagiaat kin it tinkt my noait wurde.
Ik wie net de earste dy't Postma syn ôfhinklikheid fan oare dichters ûnder wurden brocht. Dat wie nêst fyftich jier C.A. Faber, dy't skreau: ‘It is der hjir net om to dwaen al de ynfloeden op to somjen dy't Dr. Postma ûndergien hat. Hja binne, lyk as by eltse dichter fan formaet, mannichfaldich en net altyd maklik oan to jaen. Mar dit is wol klear dat hwat hy yn syn wurk gearbrocht hat him net allinne oankomd is fan syn geslacht, lyk as er yn “De jefte” seit, mar dat it bêste fan de Jeropeeske kultuer op him ynwurke hat. It hat him net fan Fryslân forfrjemde, mar syn fersen in djipper ynhâld en in riker klank jown as hja dêrsûnder hawn hawwe koenen. Hy hat de greate kunst forstien it yn fryske foarmen wer to jaen en dêryn kin er mannich Frysk dichter ta in foarbyld steld wurde.’
Wat der fierder noch oan net yn de tekst sels op de iene of oare wize al oantsjutte oerienkomsten fûn is, beheint him ta parallellen mei de Bibel en de klassiken (wat fansels wat seit oer de belêzenheid fan Postma syn lêzers), útsûndere dan ien gefal. Dat is in gedicht fan Virginie Loveling, dat Freark Dam yn de Ljouwerter krante fan 12 november 1993 as foarbyld fan ‘De boerinne fan Surch’ oanwiisd hat. It soe him, sa skriuwt er, gjin nij dwaan as Postma o sa fan ‘Het buitenmeisje’ holden hat en dat dy model stien hat foar syn ‘Boerinne’.
Ik wol dit punt fan de oarspronklikheid beslute mei te wizen op in swierrichheid yn it finen fan twingende oerienkomsten. Yn gefallen dat ik bûten de gedichten sels gjin oanwizingen hie dat Postma it gedicht fan de oare foar't neist kinnen hie, dan kaam ik net sa gau ta it suggerearjen fan ôfhinklikheid. Lenau, om no mar in foarbyld te neamen, hie ik noait op kommen as ik net te witten kommen wie dat er dy syn samle gedichten yn 'e kast hie. En mear yn it algemien hie ik net sa wis fan myn saak west as it besef net ta my trochdrongen wie hoefolle oersettingen oft der winliken by Postma syn dichtwurk binne, en hoefolle ferwizingen oft er nei wol fuort te herkennen persoanen en saken makket. Wat de omfang fan dat lêste oangiet, hienen jin de
| |
| |
eagen ek iepen gean kinnen troch de ‘fragen oer de saaklike kontekst’, dy't Tony Feitsma yn 1982 opsteld hat. Sy joech dêryn in frij grut oantal ferwizingen út 'e gedichten nei allerhande, meast net-literêre teksten op. Dochs moat ik der ek by sizze dat it by my fier wei komme moast. Ik ha my lang konsintrearre op it Fryske, mear yn it bysûnder sels it Koarnwerter elemint yn it wurk fan Postma. Hie er sels net sein dat alles yn syn wurk echt bard wie?
It soe net goed wêze as ik ta eintsjebeslút fan dit punt net sei dat tefolle oerienkomst fansels skea docht oan de oarspronklikheid. As ommers blykt dat krekt de dragende en sprekkende bylden ûntliend binne, dan bliuwt der fan oarspronklikheid net safolle mear oer. It ferskynsel docht him by Postma ek wier foar. Dat is yn syn lettere wurk, fan nei syn santichste-fiifensantichste, doe't er hieltyd mear oan syn eigen fersen ûntliende. By untlieningen oan oaren hat it my oant no ta noch mar yn ien gefal echt steurd. Dat is yn de earste strofe fan ‘Yn it iere foarjier’ (106), dat my mei it moai sjoene weiwurden fan in siichje yn it strûkguod tefolle Goethe is. Mar der binne mear gefallen dat it my spyt dat in moai byld net fan Postma sels blykt te wêzen.
| |
III Dream of werklikheid; irony
Ik kom dan no op it tredde punt yn myn wurdearring foar Postma syn poëzy. ‘En in de derde plaats ben ik nu ook wel geïnteresseerd of geboeid in het werk van Postma, omdat ik er het spelelement in meen te ontdekken. Het spel namelijk van het denken. Ik vind eigenlijk dat die poëzie een vorm van kentheorie is. Hoever kun je met denken komen? Het individuele bewustzijn is hem niet voldoende om de emoties te verklaren, daarvoor heeft hij een ander bewustzijn nodig.’ (Ik ferbetterje hjir it ferslach, dat myn bedoeling net goed werjout, sjoch ik no.)
Wêr't it by dit lêste punt om giet, is de fraach hoe't ús kennis fan de werklikheid ta stân komt. Dat liket miskyn earder in fraach dy't ûndersikers út 'e eksakte hoeke ynteressearret as dichters. Ik tink dat dat komt omdat net mear sjoen wurdt dat ea dichters har dêr ek mei dwaande holden. Dy tiid hat der wol west, yn de Romantyk mei syn realisme, mar dêr is oan de ein fan de njoggentjinde ieu in ein oan kommen mei de opkomst fan it symbolisme. Gorter en Van Deyssel om mar ris in pear te neamen, favoriten fan Postma, ûnderskiede har dêrtroch fan Nijhoff, Achterberg en Gerhardt, hoefolle oft dy oars ek allegearre meiïnoar mienskiplik hawwe. En sûnt binne der oare literêre streamingen en moaden kommen, dy't it gefoel foar de werklikheidsobsessy yn poëzy noch fierder ferdwine litten hawwe.
Wat dy obsessy ynhâldt hat Vasalis yn 1941 ûnder wurden brocht doe't se sei dat poëzy net út in persoanlike dream ûntstiet, mar út de erfaring fan de werklikheid as geheimsinnich. Ik neam it tusken heakjes dan ek gjin tafal dat Postma wurden fan har as útgongspunt fan in fers keazen hat. Of Popper, doe't dy yn 1958 yn it foarwurd fan syn The logic of scientific Discovery ferklearre wat him dreau: ‘For myself, I am interested in science and in philosophy only because I want to learn something about the riddle of the world in which we live, and the riddle of man 's knowledge of that world.’
Ik soe ek ferwize kinne nei Susan Sontag har boek oer fotografy, dat uteraard hieltyd wer op de ferhâlding ta de werklikheid komt. Wat tichter by hûs kin ik ûnderskriuwe wat Bergstra yn 1960 yn De Tsjerne oer dizze din- | |
| |
gen skreaun hat. Neffens him stelt Postma as dichter him ‘yn tsjinst fan [dizze] hermeneutyk fan de kosmos, yn tsjinst fan eat dat greater is as himsels, dat himsels transcendearret.’ Of by de man dy't Wordsworth en Kant yn de Postma-studzje yntrodusearre hat, Broer van der Hoek. Syn stik stiet yn Trotwaer fan 1982.
Ik helje him wat langer oan, en sis der foar de dúdlikheid by dat ik it plak fan it psychysk monisme yn it tinken fan Postma wat oars sjoch. ‘It psychysk monisme wie tige gaadlik foar Postma: syn hert bleau by de wrâld, by alles om him hinne; hy bleau de dichter fan de sintugen. Om it krekt as Kant of Schelling te sykjen by it symboalisme soe ferried wêze oan dy wrâld. Postma kin net as Kant oannimme dat alles stiet foar in idee dêr't wy fierder net oer prate kinne. Hy wol noch wol as Coleridge en Wordsworth yn al dy bylden wat universeels sjen, wol oannimme dat wy troch al dy bylden ta ynsjoch komme kinne. As dy wrald dêr't er sa fan hâldt der mar bliuwe mei! Dizze wrâld moat net ferfongen wurde troch wat abstrakts. Dêrom joech it psychysk monisme krekt wat er socht: mei al it besteande ferbûn troch de Al-Geast, dêr't alles yn bestean bliuwt. Dat sjocht er yn de ferbylding. Dêrby hoecht er gjin wierheid efter de dingen te sykjen en de dingen net as symboalysk foar in heger idee op te fetsjen.’ Op in hiel inkelde útsûndering nei (‘Winterjûn’, 158) is by Postma foar symbolyk gjin plak.
Ik bin it dêrom dan ek net iens mei de krektlyn yn de bondel foar Meijering publisearre opfetting fan Anthonya Visser, dat Fryslân by Postma net ‘het Friesland’ is, ‘maar... een gesublimeerd, geësthetiseerd landschap..., dat alleen in het kunstwerk, in het gedicht, zijn vorm en inhoud krijgt’. It is net it gedicht dêr't de werklikheid yn ta keunst yn omset wurdt, likemin as dat it dichters binne dy't soks dogge, mar it is it tinken, de begrypsfoarming fan ús allegearre dy't it ús mooglik meitsje om de ierdske ferskiningsfoarmen te omfiemjen.
Yn de beide earste strofen fan ‘Op sokken dei’ (ien fan de trije fersen dy't se besprekt; 158) wurdt boppedat gjin konkreet waarnimber lanskip beskreaun, mar in oare wrâld, net dy fan de sintugen (de oersetting fan Veenbaas hat har hjir mei op 'e doele bringe kinnen, want dy hat ‘in blanke reed’ net begrepen as de wolken, mar oerset as ‘een blanke boerenweg’), en de rigel dêr't it gedicht mei einiget, betsjut net dat de dichter de dingen nei syn hân set, mar dat dwars troch alle ferbylding en begrypsfoarming hinne it libben yn al syn sintúchlikens hinnebrekt, dat de werklikheid dus sterker is as de ferbylding. Ik lês it gedicht dus boppedat krektoarsom as har.
It ferlies fan gefoel foar de dichterlikheid fan de werklikheidserfaring oppenearret him ek noch op in oare wize. In foarbyld út de Postmakrityk is Guus Middag syn ynterpretaasje fan it gedicht ‘Hjerst’ (104) yn Tirade (1998-5). Dy docht mei de flotte skepsis fan sa'n soad keunstkritisi fan tsjintwurdich it oanwizen fan de histoaryske werklikheid dêr't yn dat gedicht op doeld wurdt, ôf as ‘voetnoten van een ontroerende eenvoudigheid, alsof het werkelijk van belang zou zijn om te weten waar boer [?] Rinke vandaan kwam en hoe vrouw Oetske in haar onderhoud voorzag’. Dat er dêrby net sjocht dat Douwes in patronym is en dat it machtich gelút fan guozzen komt, wiist ek nochris op in tekoart oan kennis fan de werklikheid. Dêrmei makket er it him fansels wol makliker om yn it gedicht it belang fan de werklikheid te bagatellisearjen en (my net oertsjûgjende) ferburgen fernimstichheid as reden oan te
| |
| |
wizen dat it gedicht him sa boeit. Syn útiensetting oer de ropein is my oars wol sympatyk. Neffens Het Beste Vogelboek, sa kin ik him noch fertelle, briedt de fûgel yn ús lân yn de Makkumer- en de Warkumerwaard, by de Feluwemar en sporadysk op oare plakken, en is de rop fan it wyfke ‘een gekwaak, dat luid en snel begint en zacht en langzaam eindigt: “kwaak-kwaak-kwak-kwak-kwak”.’
Oant safier oer de histoaryske werklikheid sels. Der is yn dit ferbân noch wat oars, en dat is it plak fan de irony yn Postma syn wurk. De irony by Postma kin tinkt my sinfol pleatst wurde yn relaasje ta de werklikheidserfaring.
Irony is in lestich begryp. My sprekt wol oan in omskriuwing dy't ferbân leit mei it bewustwêzen, ek by Postma. Ik sioch der nammentlik alderearst de útdrukking yn fan ûnsekerheid, fan in bewustwêzen dat om fêste grûn siket. Yn de Meulenhoff-edysje ha ik fan irony sein dat dy ûntstiet út it hast achteleas neist elkoar neamen fan tige herkenbere en hiel gewoane dingen en persoanen oan de iene kant en fan hieltyd wer ferrassende dingen fan de ivichheid oan de oare kant.
Der is oer de irony by Postma al in soad skreaun, mar net altyd sa dúdlik. De earste kear dat ik yn ferbân mei Postma it wurd tsjinkommen bin, is fuort nei de oarloch. Dan hat elk it der suver oer, net allinnich as it oer Postma giet. Faak brûke auteurs it wurd sûnder euvelmoed troch elkoar mei wurden as spot, humor, wiisheid en sa, en ek ûnderskiede se net altyd tusken irony en selsirony. It meast yngeand hat Lolle Nauta him oant no ta oer de aard fan Postma's irony útlitten. Hy docht dat yn syn besprek fan Fan wjerklank en bisinnen yn De Tsjerne fan 1958.
Irony sjocht hy yn taspilingen op de aktualiteit, mar ik leau dat syn wurden ek wol jilde foar Postma syn ferhâlding ta de werklikheid mear yn it algemien. Wat Nauta sintraal stelt, is de ferhâlding fan it frjemde en it eigene. Dat wol der wol yn by ien dy't fan Postma skreaun hat dat it frjemde by him eigen wurde wol.
|
|