Ayatollah
Frysk literêre ayatollah, dat is wol it heechste wat ik berikke kin. Tige tank, Henk.
O, en noch wat: side 47/48 fan it Trotwaer nr. 1 goed lêze! Dy jierferslaggen en periodike ferslaggen meist fêst wolris liene fan jpj. Dan begrypst miskien ek dat de trije ayatollahs Anne Feddema syn ‘aanvullend honorarium’ fan herte gunne.
Mei hertlike groetnis,
Simen Veltman.
Yntusken is Anne Feddema mei sukses tsjin de ôfwizing fan syn addisjoneel honorarium yn berop gien. Red.