Altyd wat!
Tr. Riemersma
Te gek om los te rinnen
Wy ha ús jierren oanien ôffrege: wêrom ferkeapje de fersebondels fan Josse de Haan, Steven de Jong, Jelle Kaspersma, Albertina Soepboer, Cornelis van der Wal en gean mar troch, it hele alfabet nochris bylâns, wêrom ferkeapje dy bondels sa ferrekte min? As útjouwer binne jo al foarsichtich, twahûndert is maklik genôch, men wurdt ornaris net mear as hûndert kwyt, ynklusyf de tsien auteurseksimplaren en de tweintich resinsje-eksimplaren. Mar de subsydzjeferlienende ynstânsjes stelle har easken: in fersebondel moat (eigentlik) in oplage fan sa'n trijehûndert ha. En dus toarkje der jierren lang in pear hûndert ûnferkeapbere bondels op solder om, oant de útjouwer foarsichtich by de skriuwer ynformearret oft se om him troch de snijmasine kinne. Oja, hy mei it hele restant ek wol mei nei hûs ta nimme, fergees en om 'e nocht.
Wêrom is dat sa? Dat komt trochdat dizze dichters tefolle ferstân ha. Dy dichters besykje om yntelliginte teksten te skriuwen lykas de poëtika dat easket, mei fernimstige assosjaasjes en ferhoalen betsjuttingen. Yn in mannich wurden moat in wrâld suggerearre wurde. Sa dogge dichters dat en dat is dus mis. As jo in grutte oplage berikke wolle, dan moatte jo net skriuwe as in yntelligint persoan, ek net as in man mei in tuskenbeiden ferstân en sels net as in debyl, want dat is noch fierste yntelligint. Jo moatte skriuwe as in ymbesyl of in mongoal, dan geane jo bondels as aaien út 'e koer. Loek Hermans hat Van der Wal ris útmakke foar idioat, mar Cor mocht wolle dat it wier wie, dan koe er goed fan syn honorarium ite. En drinke.
Foarhinne waarden minsken dy't net helendal doogden op 'e boppeste etaazje oan it publyk fertoand ta fermeits. Soks liket no wer yn 'e moade te kommen. Nei de op mûlharpen toeterjende en op trommen huffende breedgnizende mongoalen dy't meiinoar - wat wy yn 'e húslike rûnte neame - de Tosti-band foarmje, no dus mei de hele handicapte kliber op 'e literêre toer. Is it net prachtich wat sokke aapkes noch kinne? Oja, it sil allegearre wol mei de bêste bedoelingen gean. Stommelingen rinne ornaris oer fan goede bedoelingen. Mar ha de lju dy't soks op tou sette dan gjin grissel fyngefoegens yn har soademiter? Wurdt alles ôfmetten oan de eigen koartsichtigens?
*
As ik bewear dat Peke Donia, de koloniaal nèt helendal it wurk fan Nyckle Haisma is, om't Eeltsje Folkertsma dy tekst behoffene hat, dan sil dat grif opfette wurde as in net botte relevante opmerking. Ommers, de measte boeken, grif dy't ferskine by in goede útjouwer, wurde neisjoen op staverings-, taal- en stylflaters. Of it moat al wêze dat ik bewear dat de tekst fan Haisma yngeand feroare is en eigentlik syn tekst net mear is. Dan wurdt it ynteressant, en dan moat ik ek mei bewizen komme. Kin ik dy net bybringe, dan bin ik in liger en in swetshals.
Sa geane wy mei teksten om, net allinnich literêre. Elke tekst is prinsipieel it ûnderwerp fan krityk.
Sa net it deiboek fan Anne Frank. As ik bewear dat dy tekst troch de útjouwer behoffene