‘Nee,’ sei beppe dan,
‘HIE 'k sizze moatten...’
Dan stjoert men it boek yn by it Fûns foar de Letteren, op skiif fansels, en dan wurdt it dêr yn de kompjûter dien. Earst wurdt it tal lettertekens fêststeld, foar de folumekoëffisjint. It fêststellen fan it zjanre is ynearsten noch mei de hân yn te fieren, mar meikoarten sil dat ek troch it programma definiearre wurde kinne. Dêrnei giet de psigologykoëffisjint deroerhinne, de yntertekstualiteitskoëffisjint (mei de literatuersubkoëffisjint, de muzyksubkoëffisjint, subsuba: klassyk, subsubb: populêr, de byldzjendekeunstsubkoëffisjint mei syn subsubkes), de taalboartlikenskoëffisjint ensafuortfuortfuortfuorthinne.
Objektive kritearia, dêr moast mei wurke wurde, wie de teneur fan de radiodiskusje oer de bondel fan Anne Feddema. Henk van der Veer giet der yn Trotwaer nûmer ien noch efkes op troch (hy fynt ek noch dat kommisjeleden net it oardiel fan útjouwerijen en foargiene kritisy ôffalle meie - no ja: dan wurde alle beoardielingskommisjes en de literêre krityk oerstallich, dat dat liket my foar in Trotwaerredakteur gjin handich stânpunt).
Just troch it diskusjearjen en argumintearjen yn sa'n beoardielingskommisje binne eventuele emojonele of persoanlike faktoaren fierhinne út it oardiel weifiltere. Dat: objektiviteit (foarsafier't dy oer literatuer te berikken is), dat is yn wêzen wat Anne Feddema en oaren fan sa'n kommisje krije, mear as fan in yndividuele besprekker.
De foarm fan in kommisje liket my suver de ideale foar it beoardieljen fan de kwaliteit fan in literêr wurk - fansels salang't it boppesketste kompjûterprogram noch net operasjoneel is.
pyt jon sikkema