Tryater: in ploech dy't him noch altyd fernijt
Piter Terpstra
It winterrepertoire fan Tryater bestiet diskear út mar twa stikken en dat is foar it fêste publyk wat oan de beheinde kant. Dêr stiet foaroer dat wy yn juny in spektakulêre produksje ferwachtsje kinne. Dan wurdt yn de Skylger dunen yn it ramt fan it Oerolfestival ûnder regy fan Jos Thie it ferneamde Peer Gynt fan Ibsen spile, yn de oersetting en bewurking fan Bouke Oldenhof.
Fan de beide sealstikken kin ien ta de klassike en ien ta de moderne rekkene wurde. De dea fan in hannelsreizger fan Arthur Miller is by de measte toanielleafhawwers bekend en de figuer Willy Loman is elkenien dy't it stik sjoen hat bybleaun.
Yn de fyftiger jierren paste it treflik yn de iepenloftspultradysje op 'e Sweach. Dêr weagen amateurs har oan stikken dy't wrâldferneamd wiene. Se fertilden harren der gauris oan, mar it sukses bleau der net om út en it slim tradisjonele Fryske amateurtoaniel waard troch it moedich besykjen ynspirearre. It noch net ferwende publyk seach ynienen stikken fan heech nivo. De produksjes leveren ek in tal akteurs fan formaat op, lykas Akke Radsma en Roel Nijboer, dy't der ta bydroegen dat it semy-beropstoaniel ta in geunstige ûntjouwing kaam.
It yn 1998 - sa'n fjirtich jier letter - nochris spyljen fan it stik freget in nije fisy, in rjochtfeardiging. Hoewol Tryater it eksperimint al sûnt jierren net mijt, hat regisseur Andy Daal keazen foar in opfiering dy't daalk oansprekt en ek djipte hat.
De rollen wurde mei (net altyd ynhâlden) emoasje spile; de figueren binne oertsjûgjend delset. Ik haw grutte wurdearring foar Joop Wittermans, dy't stal jout oan de bodzjende hannelsreizger dy't it yn de ferbylding folle fierder bringt as yn de tryste wurklikheid. Syn frou Linda, dy't altyd achter him stiet, is in oangripende rol fan Marijke Geertsma. Yn de lêste sêne, dy fan de begraffenis, hie wol wat tekst skrast wurde kinnen; as mei Linda har fraach, wêr't de minsken dy't hy allegearre koe bleaun binne, it stik ôfsluten wie, hie it ein net sa sentiminteel en tsjin it gûlen oan west.
Tusken twa klassiken fan Miller en Ibsen troch spilet it selskip foar de twadde kear in resint stik fan de opfallende 27-jierrige skriuwer Martin McDonagh. De wrâldpremjêre fan The beauty queen of Leenane hie noch mar krekt west, doe't Tryater ferline jier It pronkje fan Ierlân op it repertoire naam, it earste fan trije stikken dy't yn Leenane spylje, in iensume streek oan de westkust fan Ierlân. Yn it Nederlânsk wie it doe noch net opfierd.
Tryater hat fuort mar foar de hiele trilogy keazen. It ‘Pronkje’ waard in grut sukses en yn jannewaarje gong it twadde diel yn premjêre, In skelet yn Ierlân (A skull in Connemare). Wat de ynhald oanbelanget is der tusken dy beide stikken in grut ferskil, mar de lugubere sfear en de aparte karakters hawwe in sterke oerienkomst. De dialogen, it ‘small talk’ fan de figueren binnen masterlik.
Mear noch as it earste stik is In skelet yn Ierlân in thriller. It spilet foar in part op in tsjerkhôf, dêr't de deagraver alle jierren de san jier âlde grêven romje moat. No is it oan dat fan syn frou ta dy't op in wat mysterieuze manier stoarn is. Har kiste blykt leech te wezen. Om dat riedsel hinne wurde sterke