Tegels
Meinou P.
Adelheid Roosen groetet toanielresinsinte Annemarie Oster net mear, lies ik yn Vrij Nederland. Roosen hie in minne krityk fan har krigen. Kees van Kooten, in âlde freon fan Oster, seit ek al neat mear tsjin har, want it toanielstik dat dochter Kim skriuwde, wie wol goed.
Wat binne dat foar tastannen? En dogge dy har allinnich mar foar op it artistike mêd? Yn alle gefallen woe de slachter fan ús doarp op it matinee noch wol mei my dûnsje, ek al hie ik krekt sein dat syn selsweide kij sa taai as lear wienen.
No sil hy it ek wol net sa persoanlik opfetsje as in keunstner waans wurk beoardiele wurdt. As dy syn wurk misledige wurdt, wurdt hy it ek. Gjalpen dat jo man en kreaasje skiede moatte, doge net. It is ien gehiel. Mar it soe faaks wol better te fernearen wêze as keunstner en kritikus anonym foar elkoar wienen. Dan kinne alle nearzige ynfloeden útsletten wurde. Foar de letterkeunst falt sa'n systeem wol te betinken.
De Provinsje stelt in mearkoppige, geheime ‘sjuery’ yn. Dat selskip beoardielet alle manuskripten dy't útjûn wurde sille op stavering, taalgebrûk, komposysje en ynhâld. Fan alle fjouwer ûnderdielen wurdt it gemiddelde nommen op twa sifers achter de komma presys. De útkomsten wurde bekend makke yn it nije hûs-oan-hûs-moanneblêd (Frysk en Fergees?)
Elk kin dan foar himsels útmeitsje hokker kritearium er hantearret foar it al of net lêzen fan in boek. Ik sels soe bygelyks noait wat ûnder eagen krije wolle wat op taalgebrûk net heger as 4,49 skoart. Min Frysk lês ik al tefolle. En as der op komposysje in 8,47 jûn wurdt, is it fêst in slim nei te kommen ferhaal. Dat hoecht fan my ek net.
Moai helder, is 't net sa? Mar de anonimiteit is net garandearre, fansels. Dêr is it Fryske skriuwersoanbod te lyts foar. Want as der in man yn deaslein wurdt, kinst der donder op sizze dat Hylkje it ferhaal skreaun hat. Giet it oer seks dan is it fan Jetske en wurdt der yn strûpt, is it Rink syn wurk. Is de sinslingte trochelkoar net langer as 7,5 dan moat de kommisje wol tinke oan Piter en is it yn it Pompsters dan......
Dus it moat dochs noch oars. En it is Remco Ekkers dy't my op in goed idee brocht. Dy skriuwt yn it lêste nûmer fan 1998 fan dit blêd: ‘Goedegebuure heeft gelijk: hou je |as kritikus| ver van recepties en andere ontmoetingen. Als je in het noorden woont is dat niet zo moeilijk.’
Dus dé oplossing is: wy leverje de kritiken op produkten út it westen fan it lan en dêr wurde uzes resinsearre. Mar as ik yn Vrij Nederland lês dat yn Trotwaer nûmer twa fan 1999 in hiel minne column stie, dan stap ik op 'e trein nei de Rânestêd en klau de kloat dy't dat skriuwt de eagen út 'e kop. Dêr moat er wol op rekkenje.