Trotwaer. Jaargang 31(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 99] [p. 99] Tjitte Piebenga Nêst it Planetarium Van Balen. Tsjin de rymkâlde glêzen beäzerne, de noazen: de oaljefant, dy't kofje tôge of tee, in parasol boppe de frucht yn reiden koer. Gjin sin'ljocht soe it blêd bedjerre, de frucht dy't mûltocht wie. Sa kuerden hampelmannen, te fier fuort en dreamen witwêrsanne. Hjir wie de oarde sa tichteby, in oaljefant, te rônfelich fan hûd mids farske kofjebeane, de rook dreau om it âld stedhûs, sûnt lang fergetten dreamen. Noch wie der gjin dea, de grêften net sjoen en skiednis allinne ferhaal. Mar Ynje, dêr't de boaikes wiene, ferheftich yn 'e útstalkast efter it poalich glês. Súdsinnige palmen mei brune fammen, yn klean dy't sarongs hieten en de noazen in dûbeltsje. De tweintiger jierren mei de oppoetste koperen stangen yn 'e romte alom, de fekken tee. En eltse moarntiid waaid' er oer Frjentsjer hinne, de iere rook fan Van Balen. De slurf omheech, de fromme oaljefant, stadich trêdzjend, weardich as dûmny, mei eltse moandei wer in nije sint. Nea steatliker stapte er foar ús boaikes, te land, ter zee en in de lucht, dy't brieven liezen, fol ûnwennigens nei de polders, en stammeren ‘lieve mem’ foar de distribúsje. In hânfol advertinsjes mei de palmen, fergetten wijreek. En fierhinne oer it Noard dreau linkenoan it Ynje fan de nije generaasjes, sûnder Van Balen. Vorige Volgende