theorieën gemaakt over wat literatuur is of moet zijn. Kleuterpoëzie werd bij die theorieën zelden betrokken, en er is veel voor te zeggen om dat zo maar te laten, omdat er geen reden is om de dingen en versjes gewichtiger te maken dan ze zijn.’
Hoe't it ek is, elkenien - dêr hoecht men gjin saakkundige foar te wêzen - sil it lykfine kinne mei de stelling dat bakerrimen wichtich binne foar de taalûntjouwing fan it lytse bern. Mar dat hat foar Jant van der Weg net de iennige reden west om in bondel mei Frysktalige bakerrimen gear te stallen. Sy sjocht al dy bakerrimen as in part fan it âlde erfskip. En it is neffens har in goed ding en draach dat âld erfskip oer oan in nije generaasje. Yn de ynlieding skriuwt se: ‘Us maatskippij is ien fan papier en skrift; alles út it mûnlinge ferkear tusken minsken rekket maklik wei. It soe hiel spitich wêze as dy rykdom oan Fryske bakerrimen, in stikje fan ús Fryske kultuer, ferlern gean soe.’
No is it fansels net sa dat fan dy âlde bakerrimen neat op papier stiet. Sterker noch, in hiel soad dêrfan binne al optekene yn âldere bondels en tydskriften. De fertsjinste fan Jant van der Weg is dat sy dy âlde bakerrimen no by mekoar swile hat, sadat de ynteressearre lêzer net earst alle útferkochte bondels út 'e bibleteek hoecht te heljen om wat fan syn/har gading te finen. Foar it gearstallen fan dizze bondel binne rieplachte: T. Sudema-Mulder/J. Visser-Bakker, It boek foar de Fryske bern (Drachten 1954); D. Winsemius, Ferskes dy't beppe foar ús sjongt (Ljouwert 1962); T. Hellinga-Zwart, It boek fan Hessel en Nynke (Snits 1930); J. Visser-Bakker, Hop hop hynke (Ljouwert 1977); P.J. Troelstra, Nij Frysk lieteboek (1886); Poai fan de Poaskepôlle (= J. Ratsma), Printsjes by rymkes en boartery (Ljouwert 1969); Sjong mar ta! (4 dln. Ljouwert 1953-1958); J. Geertsma, Wimpeltsje Pimpeltsje (Ljouwert 1993) en fierders noch in tal fan Fryske tydskriften.
De rimen binne rubrisearre yn 'e folgjende skiften: Widzelieten, Knibbeldeuntsjes, Eigen lichem (oanwiisferskes, fingerferskes en aai-, kitel- en pakferskes), Klap- en kuierferskes, Tel- en taalrymferskes (telle, nammen fan minsken, plaknammen, tonkjebrekkers, sizwizen, spreuken en sechjes) en Tiidrymkes.
It liket my ta dat Van der Weg in ferantwurde kar makke hat ferskes en rymkes út 'e alde doas. Se hat bewust keazen foar evergreens, foar tradisjonels. Dat dêrby in soad ald idioom om 'e hoeke kipet is fansels ynherint oan dy kar. Ik bin der ek wol wiis mei dat Van der Weg dizze kar makke hat, it hâldt de wei iepen foar gearstallers dy't ek nochris in bondel mei ferskes en rymkes út 'e nije doas gearstalle wolle!
Wat hiel sympatyk op my oerkomt en eins mear as dat, is it feit dat op it hurde omkaft net allinne de namme fan de gearstalster bylket mar ek dy fan de yllustratrise. En terjochte, want Karin Poiesz hat rynsk yllustrearre, hat alle romte krigen om har keunsten te fertoanen. En it is net niks wat sy oan it papier tabetroud hat. Mei brune inket, wat moai oanslút by de ynhâld, hat de Snitser yllustratrise humoristys fakwurk ôflevere. It is hiel werkenber foar bern en ek hiel eigentiids.
Poiesz har wurk is net it suertsje by de boadskippen, har yllustraasjes foarmje in moderne wrâld neist de âlde ferskes en rimen. De estetise wearde fan Poiesz har nijste yllustraasjewurk is grut en benammen de lytsere bern sille har ek nochris identifisearje kinne mei it tekene byld fan de wurklikheid. Mei troch har tekenwurk is Fan hantsje-klap en sûkerbak in prachtich boek wurden.