veren listje, mei sabeare pearels om 'e bleate hals, mei krollen fan plestyk, mei in wanhopige glim om 'e mûle. Jierren letter kaam ik de foto wer tsjin. De list wie swart útslein. Ik miste har skeinspruten, de ûneffenheden yn har gesicht. De fotograaf hie wakker syn bêst dien. Ik koe der net sa lang nei sjen.
Dyselde jûns kamen twa famkes te praten. De iene wie de âldste suster fan Geartsje, in jier of achttjin, njoggentjin, de oare wie har freondinne. Sy soenen mei it feest helpe yn 'e keuken en de gasten betsjinje. Se sieten oan 'e grutte tafel, heit en mem en Hanke en Jitske, twa âlde hollen en twa jonge. Hoe âld wienen heit en mem doe, fiifentritich en fjirtich?
Mei it bibellêzen wienen wy oan it ferhaal fan Ester ta en ik wie bang dat heit mem fuortstjoere soe, lykas de kening dat die mei Vasti, syn frou, dat mem net jong en moai genôch mear wie, dat it lange, losse hier fan Hanke heit sa yn 'e besnijing krije soe dat er net mear seach wat it mem koste hie om it him nei it sin te meitsjen, him te behaagjen.
De deis fan it feest, doe't ik mei Jelte de lege keamer ynstapte yn myn nije klean, mei myn wite puntskuon, moast ik dêr wer oan tinke en ik fielde my mislik.
Eins koe it net, al dat folk yn sa'n lytse keamer. Se sieten yn twa lange rigen oan nachtmielstafels, de omkes en de muoikes, beppe Gryt en pake en beppe De Vries. As ik de hannen foar de earen die koe ik dêr noch in serebraal plaatsje fan meitsje, moarns, ûnder it kofjedrinken, doe't de oranjekoeke nei binnen stutsen waard en de stimmen noch net sa lûd wienen dat se troch myn fingers hinne kamen.
Letter triennen myn eagen fan 'e blauwe reek dy't as in wale boppe de minsken hong. De bekers mei sigaretten dy't ik moarns betiid op 'e tafel setten hie, wienen al lang leech. De sigaren waarden oanstutsen. De omkes seagen mei healtichtknypte eagen nei de smeulende punt, ynspektearren de jiske, begongen oer pake Wybren, en ik fage mei in râne fan it wite tafellekken troch de eagen.
Ik sil it dochs ek wol prachtich en spannend fûn hawwe, want ik wit de lytste dinkjes noch. Dat muoike Geke op har geweldige foarkant griemde mei de advokaat. In donkergriene jurk en in wite bûsdoek dèr't se earst mei dipte, sadat it fleis, dat ûnder de rige knoopkes fuortknypt siet, fearre. Ik wit noch dat omke Lammert sûnder drokte in apparaat foar my delsette en my in inikrofoantsje yn 'e hannen joech doe't ik myn rymke opsei dat ik út 'e holle leard hie. Hy hie it frege, en ik hie in pear kear slokt, en op 't lêst sein dat ik it wol dwaan soe, ek al fûn ik it lytsbernich en skamme ik my dea. Jelte wie noch te lyts en wa soe heit en