| |
| |
| |
Langstme nei Lientje
Sjoerd Bottema
Der wie ris in famke dat Lientje hjitte. Lientje wenne allinne mei har mem yn in húske oan 'e râne fan 'e bosk. Der wiene gjin oare huzen yn 'e buert en dus ek gjin bern dêr't Lientje mei boartsje koe. Mar Lientje ferfeelde har noait. Hja boarte altyd yn 'e grutte tún by it hús. Yn dy tún stie in âlde kastanjebeam dy't yn 'e maitiid moaie blommen joech, yn 'e simmer noflik skaad en yn 'e hjerst moaie, glêde kastanjes. En der wie noch folle mear yn dy tún dat Lientje dwaande hold. Sa't Slauerhoff al sei: ‘Zij wist altijd iets te vinden dat het grijs bestaan tot een rein wonder wijdde.’
Doe't Lientje fiif jier wie, stoar har mem. Och och, wat moast Lientje doe skrieme. No wie se hielendal allinne. Teminsten, dat tocht se. Mar achter in beam stie in jonkje nei har te sjen. Hy hjitte fan Puk en wie sawat fan deselde jierren as Lientje. Puk hie in puntmûtse op 'e holle en, sa jong as er wie, om it kin in burdsje. Want Puk wie in kabouterke en kaboutermantsjes ha al hiel jong oeral hier, ek op plakken dêr't minske-mantsjes it pas letter krije. Of hielendal noait. Op it boarst bygelyks.
Lientje skriemde krekt sa lang oant se yn sliep foel. Doe draafde Puk gau nei hûs. Yn 'e midden fan 'e bosk stie it húske fan 'e kabouters. Sân kabouters. Puk wie de jongste. Hy frege oan Grijsbaard, de âldste kabouter, oft Lientje by harren wenje mocht.
Dy nacht hellen de kabouters Lientje op. Hja lei noch hieltyd te sliepen. De kabouters leine Lientje op in Ijedder en brochten har nei harren húske. Se mocht yn Puk syn bedsje sliepe. De oare deis makken de kabouters in bêd foar Lientje. Dat kaam neist Puk syn bedsje te stean. En sa kaam Lientje by de kabouters te wenjen.
Yn 'e twadde klasse fan 'e legere skoalle ferljochte Lientje myn bestean. Oant dan ta hiene wy ús mei it lêzen behelpe moatten mei ferfeelsume sketskes út it deistich libben fan in Wim en in Jet, dy't yn 'e selde net botte opwinende omkriten wennen as wy: in doarp yn 'e greiden, ‘het lage land ligt tot de einder kaal’. Wim en Jet - it aap-noot-mies-lêsplankje dat by de searje hearde, is ferneamd wurden -: ik fûn der foar gjin stoer oan. Dy wennen dêr't wy wennen, dy diene wat wy diene, dy hiene wat wy hiene, de kreaze earmoede fan 'e fyftiger jierren. It hat myn lêsnocht destiids aardich bedoarn.
Mar Lientje, dat wie hiel wat oars: in mearke-eftich ferhaal yn in prachtich bosk, befolke mei kabouters, elfen en feeën. De bosk wie in oarde dêr't wy doe noch mar komselden kamen: de measten mar ien kear yn it jier, mei it skoalreiske, en in inkeling wat faker, mei heit en mem, as dy ris in snein út riden gongen, mar dan moasten se al in auto ha en dy hiene je doe noch net folle. De bosk, dat stie foar feest (skoalreiske, út riden, piknikke, boarterstún) en aventoer (speurtocht!). Spitigernôch duorre it aventoer mei Lientje mar even. In fearnsjier, in healjier miskien. Doe troude Lientje mei de prins en wylst hja noch lang en lokkich libbe, moasten wy ús fïerder rêde mei Wim en Jet.
De earste tiid tocht ik gauris mei weemoed werom oan Lientje. Soe hja, no't hja mei de prins troud wie en fier fuort yn in kastiel wenne, Puk en de oare kabouters noch wolris
| |
| |
sjen of wie dat ek foargoed foarby? Letter ha ik myn langstme nei Lientje ferkrongen. Flinke jonges en stoere knapen woene wy wêze. Ik ek. Wy maalden net om feeën, elfkes en kabouters. Yn 'e Raerder Bosk - in útwrydske namme foar in parkje mei oardel beam en in hynsteblom - wiene wy koibois (hens up!) of yndianen. It smûke mearke fan Lientje wie ik doe al hast fergetten. Wy skeaten sabeare mei skerp. Op skoalle ferfeelde ik my mei Wim en Jet, thus lies ik Donald Duck.
Goed fjirtich jier letter fûn ik Lientje werom yn Jorwert. It doarp dêr't Slauerhoff syn Heleen fûn en ferlear en dêr't er letter fan skreau: ‘Daar wilde ik voor haar staan, als uit haar dromen / overgegaan in een warm, waar verhaal.’ Wat Slauerhoff net barre mocht, dat barde my: in dream waard wier. Yn 'e Redbadtsjerke waard in boekemerk holden en om't it om in goed doel gong, wiene der nochal wat diskes ûnder behear fan frijwilligers en frijwillichsters, dy't it goed bedoelden mar oer hannel net it measte doel hiene, dat je koene dêr bytiden foar in habbekrats keapman wurde. It wie fansels net it doel dêr't it dy dei om draaide, mar wat die it my goed dat ik dêr ynienen Lientje lizzen seach, as út myn dreamen oergien yn in waarm, wier ferhaal: Lientje bij de kabouters, door Koert Zwerver, met tekeningen van J. Rotgans; Zutphen, W.J. Thieme & Cie, MCMXLVII. Fjouwer dieltsjes fan elk sa'n 65 siden, ‘bestemd voor het tweede, eventueel derde leerjaar’. Neist Lientje lei in steapel âlde Donald Ducks, ek fier ûnder de priis en tige de muoite wurdich, dat dy ha ik ek meinommen. Lientje en Donald Duck: in wrâld fan ferskil.
De priis fan ien dieltsje wie doe, yn 1947, 85 sinten. Ik ha der yn Jorwert, foar it hiele setsje, in ryksdaalder foar betelle. Foar dy iene luzige ryksdaalder waard ik de kening te ryk. Dat de boekjes der wat snústerich útsjogge, fyn ik hielendal net in probleem. Sterker noch, ik mei der wol oer dat men oan it uterlik fan in boek fernimme kin dat it lêzen is, dat it tsjinne hat ta it doel dêr't it foar makke is.
De plaatsjes binne noch altyd like moai, yn in dizich swart-wyt, soft focus. Foaral de nachtopnames sprekke my oan: kabouters dy't mei brânende toartsen Lientje nei harren húske bringe, op in Ijedder, seit de tekst, mar op it plaatsje liket it oft Lientje yn in kiste leit, dy't sniewyt yn it tsjuster opljochtet; de mar, midden yn 'e bosk, spegeljend yn it ljocht fan 'e moanne, wylst Ijochtsjende elfkes dûnsje op 'e pompeblêden dêr't hja dy nacht út berne binne. leuwenâlde beammen dy't yn it fan toartsen, elfkes en moanne ferljochte tsjuster oprize: dat is de bosk sa't wy it as bern allinne mar dreame koene, want mei it skoalreiske wiene wy altyd allang foar tsjuster wer thús.
Yn 1990 publisearre J. van der Weg-Laverman in stúdzje oer de Fryske berne- en jongereinliteratuer fan 1930 oant 1980 (Net foar bern! Amsterdam/Kiel 1990). Hja ferliket dêryn de ynhâld fan de Fryske berneboeken mei de skaaimerken fan it konsept ‘jeugdlân’.
It begryp ‘jeugdlân’ makket diel út fan in hiel kultuerpatroan yn West-Europa en de Feriene Steaten fan Amearika. Ein 18e ieu kriget it jeugdlânkonsept stadichoan stal binnen de dan úteinsettende berne- en jeugdliteratuer. Oant yn 'e sechtiger jierren fan 'e 20e ieu waard dat konsept yn 'e measte berne- en jeugdboeken folge.
De ferhalen spylje meastal yn it fermidden fan de middenklasse en op it as idyllysk skildere plattelân. Yn dat bernelân binne ûnder- | |
| |
skate saken taboe. Dat jildt benammen en fan begjin ôf oan foar de seksualiteit. Dea en geweld wurde ek útband. Lok en feilichheid, dêr draait it om. Dêrby spylje de âlden in wichtige rol. Dy wurde dan ek faak as ideale figueren foarsteld. Ek troch it fêsthâlden oan tradisjonele wearden kin de feilichheid stal krije. Fral yn de rolferdieling tusken jonges en famkes kin dat dúdlik nei foaren komme. Jeugdlân is in boekewrâld, in lân dat los stiet fan de echte wrâld, in lân dêr't bern, feilich en net bedrige troch problemen, har eigen libben libje, mar wol ûnder tasjoch en lieding fan folwoeksenen, benammen binnen de beslettenens fan de húshâlding mei mem as middelpunt.
Op it earste gesicht liket it oft Lientje bij de kabouters op bepaalde punten opfallend ôfwykt fan boppesteand konsept. Om te begjinnen: Lientje is in famke. Yn de fiifentweintich boeken dy't Van der Weg ûndersocht is de haadpersoan santjin kear in jonge; in famke as haadpersoan komt mar yn twa ferhalen foar. Lientje har heit libbet net mear en al yn it earste haadstik giet har mem dea. Dêrmei is daliks it taboe dat yn jeugdlân op 'e dea rêst, trochbrutsen en de figuer dy't normaalwei in haad- of op syn minst in wichtige byrol spilet, útskeakele. Lientje bij de kabouters: taboe- en rolpatroantroch-brekkend! Dat ik sa ferslingere wie oan krekt dy boekjes, dêrmei wie ik destiids myn tiid dus fier foarút.
By neier ynsjen binne der minder redenen om sa heech fan 'e toer te blazen. Oan de dea fan mem wurdt oant en mei it tredde dieltsje net wer in wurd wijd. Allinne oan 'e ein fan it fjirde dieltsje, as Puk folwoeksen is en Lientje mear en mear allinne komt te stean, wurdt ien kear, yn ien sintsje, oan mem referearre.
Sadree't Lientje by de kabouters te stoel en
De plaatsjes binne noch altyd like moai, yn in dizich swart-wyt, soft focus. Foaral de nachtopnames sprekke my oan: kabouters dy't mei brânende toartsen Lientje nei harren húske bringe, op in Ijedder, seit de tekst, mar op it plaatsje liket it oft Lientje yn in kiste leit, dy't sniewyt yn it tsjuster opljochtet.
te bank is, liket hja mem finaal ferjitten. Oan har roubeklach oer it ferstjerren fan mem is in abrupt ein kommen. Net ien inkele sekonde stiet hja noch stil by it ferline, it libben mei mem en it skaad dat oer dat libben foel doe't mem sa hommels weirekke. It liket wol oft
| |
| |
mem nea bestien hat en dus ek har dea net. Dêrmei is ek de dea, as bedriging fan it feilige jeugdlân, út it ferhaal eliminearre, want oare begrutlike stjergefallen komme net foar.
Der is noch in njirre dy't stjert, mar dat wie in poer ferkeardenien, dat dy har dea is foar de oaren gjin bedriging mar krekt in ferromming.
En dan is der noch it wûnderlike ynlaske ferhaal oer de trije spekulaaspoppen dy't sa gau mooglik opiten wurde wolle. Har ‘dea’, it opiten wurde troch oaren, hat wat grouwélichs om't de poppen har as minsken gedrage, se kinne bewege, prate en tinke. De ein fan har libben wurdt lykwols net sjoen as in bedriging fan dat libben, mar as de ferfolling derfan.
Dochs bliuwt it in wûnderlik Fremdkörper, dat hertferskuorrende ferhaal oer trije spekulaaspoppen, dêr't gjin klant foar te finen wie en dy't yn 'e winkel lizzen bleaun binne.
In heit, in mem en in bern.
‘Nie-mand wil ons op-e-ten. Is dat niet jam-mer, Va-der?’
De haadletter dêr't dat ‘vader’ mei skreaun is, is tekenjend foar de ferhâldingen fan destiids: heit is noch dúdlik it haad fan it gesin. In bân mei syn heit hat it bern amper. Dat doch bliken út it ôfstannelike ‘de man’, dêr't heit mei oantsjutten wurdt yn de sin dy't syn antwurd werjout:
‘Ja,’ zei de man. ‘Dat is erg jammer.’
Bûten it feit dat hja troud binne, lykje de man en de frou neat mei inoar te hawwen. Se ha inoar neat te sizzen. Har libben is leech en hat oars gjin doel as de dea. It is dan ek mar it bêste en meitsje der sa gau mooglik in ein oan.
‘Ik ga ie-mand zoe-ken, die me wil op-e-ten. Want daar ben ik voor ge-maakt.’
‘Ik ga mee,’ zei de vrouw.
‘Ik ga ook mee,’ zei het kind.
In benearjende stilte begeliedt it nachtlike sykjen om 'e dea.
... op straat was geen mens te zien.
Toch lie-pen ze maar door.
De man voor-op, de vrouw in het mid-den, het kind er achter.
Dat duur-de zo een poos.
Dat de man en de frou net neist inoar rinne en it bern tusken harren yn, of oan 'e hân fan heit of mem, mar dat se achter inoar oan stappe, elk foar himsels, ûnderstreket nochris de autistyske relaasje tusken dy trije en it past alhiel binnen dat patroan dat heit en mem opnoch omsjogge en boe noch ba sizze as it bern in oare kant op wol.
Toen zei het kind: ‘Ik ga al-leen zoe-ken. Zo vin-den we nooit iemand die ons wil op-e-ten.’
En het kind stap-te een an-de-re straat in.
Dêr skarrelje in pear úthongere hûnen om, dy't inoar it spekulaashapke misgunne en oan it fjochtsjen reitsje. Elk soe no hurd útnaaie, mar it bern net. It bliuwt stean en wachtet geduldich, wylst der hieltyd mear hûnen by
| |
| |
komme. En as der net ien hûn is, dy't op it idee komt om temûk mei de bút út te piken, rint it bern trystichjes fierder. Dan treft it yn in tsjustere stege in útrûpele strjithûntsje.
Hap, hap, hap.
Weg was het kind.
Underwilens binne de man en de frou al wer in ein fierder. Der is noch hieltyd net in wurd sein. Mar dan begjint de frou te gûlen:
‘O, o, is er dan nie-mand, die ons wil op-e-ten? Want daar zijn we toch voor ge-maakt. O, o, wat is dat toch naar.’
En wat seit de man? Mei hokker wurden besiket er har te treasten yn dizze lêste oeren?
De man zei niets.
It giet jin troch ieren en sinen, dat swijen fan de man. Net út ûnmacht, mar út ûnferskilligens. Hy hat gjin inkeld boadskip oan it wiif dat achter him oan sjokkelt. Elk is mei himsels dwaande. En as der him einlings in iter meldt, besiket de iene de oare gau foar te wêzen.
‘Neem mij maar het eerst,’ zei de man.
Dêr't Lientje by de kabouters oars alhiel temjitte komt oan de swiet- en smûkromantyske idealen fan de lytse boargerman, dêr is dit ynlaske ferhaal mei syn twangmjittich langjen nei de dea, ‘want daar zijn wij toch voor gemaakt’, fan in swartgalligens dêr't men earder de trystigens fan HaverSchmidt syn fersen yn weromkent, dy't dêr lykwols noch fleurich by ôfstekke: ‘Als ik een bidder zie loopen, / dan slaat mij het harte zoo blij, / dan denk ik hoe hij / ook weldra uit bidden zal gaan voor mij.’
It ûntbrekken fan in biologyske heit en, op in pear siden nei, dito mem, mei dan foar jeugdlân in seldsum ferskynsel wêze, yn it measte fan myn lektuer wie it neat bysûnders. Want behalven Lientje moasten ek Kwik, Kwek en Kwak, Knor, Knir en Knar, Tom Poes, Sjors en Sjimmie, Kuifje en al dy oare bern sûnder heit of mem troch de tiid. Om my te beheinen ta Donald Duck - by hûnderten ha ik se lêzen, al dy nûmers fan dat ‘vrolijke weekblad’ -: famylje genôch - oom Donald, oom Dagobert, nicht Katrien, neef Guus, oma Duck - mar gjin heiten en memmen!
Ariel Dorfman en Armand Mattelart komme yn har stúdzje oer Donald Duck (Hoe lees ik Donald Duck, Nijmegen 1973) mei in eigenaardige ferklearring foar it ûntbrekken fan al dy heiten en memmen - formulearre yn in fermaaklik marksistysk jargon, dat wakker yn it rûn klinkt en davert en dêr't it yn optilt fan termen as ‘arbeidersklasse’ en ‘klassenstrijd’: ‘De parallel tussen de afwezigheid van rechtstreekse biologiese produktie en het ontbreken van ekonomiese produktie (yn Disneyland is der gjinien dy't produktyf wurk docht; elkenien keapet en ferkeapet, elkenien konsumearret, sûnder dat der ien is dy't him foar it produsjearjen fan al dy produkten ynspand hat) kan geen toeval zijn. Misschien zijn beide terug te voeren tot één en dezelfde bron: de verbanning uit Disneyland van de enige echte producent, de arbeidersklasse, en de klassenstrijd.’ It jeugdlân dat Dorfman en Mattelart ûntdekke yn 'e wrâld fan Donald Duck is de dream fan 'e bourgeoisie: wol produkten, mar gjin arbeiders. ‘In Disney's wereld heerst de
| |
| |
bourgeoisie, maar de negatieve neveneffekten van haar heerschappij worden konstant verhuld.’ Ek dat is in - foar de bourgeoisie - feilige wrâld, trochdat elk spoar fan in arbeider útwiske is. ‘Disney schildert in zijn fantasiewereld de roze televisiereklamedroom van de bourgeoisie: rijkdom zonder lonen, deodorant zonder zweet.’ No ja, trochdrave is ek in keunst.
Ron Kaal draaft, yn syn skôging De wrede wereld van Donald Duck (Haagse Post, 1976) krekt de oare kant út en sprekt fan ‘een indringende schets van de duistere zijde van het bestaan, een felrealistische schildering van de wereld van de underdog, in casu Donald Duck, protagonist in verhalen waarin hebzucht, jaloezie, bruut geweld, leugens en bedrog de toon aangeven.’ It feilige jeugdlân is yn Duckstad, sa't Kaal it sjocht, fier te sykjen: ‘Onze gevederde vriendjes worden dagelijks geterroriseerd (...), corruptie viert hoogtij en van niemand valt enige steun te verwachten.’ Ynstee fan har feilich te fielen, net bedrige troch problemen, en har eigen libben te libjen lykas de bern yn jeugdlân, fertoane de eintsjes ‘paranoïde trekken’, wat gjin wûnder is, want ‘hun existentie loopt voortdurend gevaar.’
Kaal mei miskien oerdriuwe, syn fyzje op it libben yn Duckstad komt hiel wat tichter by de werklikheid as de krampeftige ynterpretaasje fan Dorfman/Mattelart. Dy wrâld stiet heaks op jeugdlân, en op it lân fan Lientje. It is in wrâld fan bedriging, striid en korrupsje. Yn dy fijannige wrâld binne de eintsjes foar help en stipe op inaor oanwiisd en dat bestevicht de famyljebannen. De Ducks ha suver gjin omgong mei oaren as famylje. Sels as Donald op frijerspaad giet, weaget er him net bûten it fermidden fan 'e famylje en besiket er it hieltyd wer mei syn tipelsinnige nicht Katrien. Fan in waarm famyljegefoel, lykas by Lientje is lykwols gjin sprake. Donald kriget suver oan ientriedwei de senuwen fan syn ûndogenske neefkes Kwik, Kwek en Kwak, hy hat ôfgryslik it mier oan syn arrogante neef Guus en leit hast ivich en altyd yn tsjok waar mei syn deune omke.
It is de wrâld fan 'e stêd, Duckstad, en fan materieel wolwêzen: lúkse auto's, mânske kuolkasten, televyzjes, snackbars, allegear saken dy't hjir doe, yn 'e fyftiger jierren, amper foarkamen en dêr't Lientje en de kabouters, yn harren bosk fier fan en feilich foar datsoarte bedjer en ferdjer, alhiel gjin weet fan hiene. Masines en apparaten komme yn it jeugdlân fan Lientje hielendal net foar en as it om iten en drinken giet, wurdt der oars neat optsjinne as brij. Lientje krijt alle dagen brij. Oer oar iten wurdt net praat.
Yn 'e wrâld fan Donald Duck is de natoer in fijân, ‘die de stad aan alle kanten omsluit en bedreigt in de vorm van woestijnen met dreigende droogte, bossen met brandgevaar, bergen met mogelijke misstappen, meren en rivieren met kans op verdrinking, om maar niet te spreken van de talrijke natuurrampen (tyfoons, aardbevingen, sneeuwstormen) die regelmatig in de verhalen opduiken.’ In happy end - yn jeugdlân hast in conditio sine qua non - ûntbrekt meastal. Donald kriget faak help fan syn neefkes wat úteinlik ferkeard útpakt: ‘Aan het eind jaagt hij de neefjes met een twijgje over de horizon, waarbij het tegenlicht hun silhouetten scherp doet afsteken tegen een heldere hemel.’ Of hy hat it sels ferbruid by oom Dagobert: ‘In deze gevallen vertoont het slotbeeld een kleine variant: Donald wordt door Dagobert met geheven wandelstok achternagezeten.’
Yn it lân fan Lientje is de natoer oersichtlik, smûk en sosjaal. Sjongende fûgeltsjes
| |
| |
treaste in siik famke en sels de sinne strielt fan neisteleafde: foar in elfke dat har wjokjes ferspile om't hja har by deiljocht bûten weage - elfkes kinne net oer de sinne, want dy ferbrant harren wjokjes - makket de sinne nije wjokjes fan sinnestrielen. En de ein fan it ferhaal? Lientje trout mei de prins!
Neffens Van der Weg kriget de feilichheid yn jeugdlân stal binnen de beslettenens fan 'e húshâlding. Beslettener as yn Lientje bij de kabouters is hast net mooglik. Dêr komt amper immen fan bûten oer de flier. De boskfee komt in kear del, leau 'k, en Sinteklaas en Swarte Pyt.
Yn dy besletten húshâlding is, hoewol't de biologyske heit en mem ûntbrekke, it ‘famyljegefoel’ hiel sterk oanwêzich. It gefoel fan ‘by-inoar hearre’, fan ‘meiinoar ien’. Fan op inoar oan kinne. Puk is as in broer foar Lientje, de folwoeksen kabouters binne allegear aardige omkes en de rol fan heit / mem wurdt oernommen troch nestor Grijsbaard.
Alden wurde yn jeugdlân faak as ideale figueren foarsteld en Grijsbaard foarmet dêrop gjin útsûndering. Hy stiet Puk en Lientje by mei rie en die en fertelt gauris in moai ferhaal, foar it op bêd gean, of samar. It famyljegefoel bliuwt net beheind ta it hûshaldinkje fan Grijsbaard. It omfiemet ek it libben yn 'e natoer om harren hinne. Hja kinne prate mei de bisten om har hinne. Elk is aardich en freonlik en stiet altyd foar in oar klear. Hiel inkeld is der wolris rúzje, mar as de need oan 'e man komt, slute daliks de rigen: it iikhoarntsje en de stikelbaarch tsiere oer wa't de moaiste berntsjes hat; dan wurdt ien fan de jonge iikhoarntsjes bedrige troch in njirre; frou stikelbaarch is op slach de rúzje ferjitten en byt de njirre dea - de iennichste fijan fan it boskfolkje en dêrmei, as iennichiste, persona non grata yn dit oars sa freonlike fermidden dèr't elkenien wolkom is.
Jeugdlân is, konstatearret Van der Weg, meastal situearre yn it fermidden fan 'e middenklasse en op it idyllyske plattelân. Idyllysk is it seker by Grijsbaardendy. Bosk, greide en boulân mei hjir en dêr in smûk pleatske, sa't we se no noch wol fine yn Drinte en Twinte. En de kabouters libje ienfâldich en sober, alhiel neffens de noarmen fan 'e lytse boargerman: kreas yn 'e klean, skjin op harsels, hûs en hiem netsjes oprêden, altyd warber en jûns betiid op bêd. Wat se oerdei allegear by de ein ha, wurdt men net rjocht gewaar, mar yn alle gefallen ha se der wat boerebedriuw by: yn 'e simmer sjocht men harren drok yn it spier op in ikkerke boulân.
It is mar goed dat Lientje bij de kabouters net in Disney-produkt is (wat op himsels bêst kinne soe, wêrom net, Disney hat him ommers ek oan Sneeuwwitje weage), want dan hiene Dorfman en Mattelart der grif lucht fan krigen en dan wie it bloed harren jitris sûpe wurden. Fan in ‘klassenstrijd’ is yn 'e wrâld fan Lientje nammentlik alhiel gjin sprake: rike boer Teun helpt syn buorfrou, frou Pleun, in earme widdo, dy't wol in stâl hat mar gjin fee, oan wat piken en lammen, en dan is ek dat probleem wer út 'e wrâld. Hereboeren en boerefeinten libje meiïnoar neffens it harmonymodel. As bygelyks de feint fan boer Wouters in skonk brekt en de kost net mear fertsjinje kin, lient Wouters him in ko, sadat de man net hoecht te ferkommerjen. Lientje wurdt by einbeslút leafdefol opnommen op it keninklik kastiel en de kening en de keningin sjogge yn it famke, in weeske fan it alderienfâldichste komôf, in goede partij foar harren soan.
Seksualiteit is it earste en foarnaamste taboe yn jeugdlân. Yn Lientje bij de kabouters
| |
| |
is it al net oars. Yn it lêste haadstik skimeret dochs noch wat fan seksualiteit troch it ferhaal hinne: de prins besjocht Lientje mei fereale eagen en soe wol wat wolle, mar ‘tussen droom en daad staan wetten in de weg’, want Lientje, dy't oars neat as kabouterbrij iten hat, dêr't je wol sterk fan wurde mar net grut, hat noch altyd it stal fan in fiifjierrige. It falt de prins lykwols dreech om syn begearte te bedimjen:
‘Was je toch maar een beet-je gro-ter,’ zegt hij. ‘Maar je bent zo heel erg klein.’
Lientje bij de kabouters hat de skyn fan in mearke: kabouters, elfen, feeën, in tovertún en in prins om noch lang en lokkich mei te libjen. It hat de skyn fan aventoer - de nachtlike ‘ûntfiering’ fan Lientje - en mystearje: de elfenberch, de tovertún, de berte fan de nije elfkes. Dat aventoerlike, mysterieuze mearkelân is yn werklikheid allinne mar dekor, de mei poesy-albumplaatsjes opsierde, feilige, fertroude en oersichtlike húskeamer fan de lytse middenstander, de biedermeierromantyk fan de brave boarger, dy't allinne fan aventoer haldt as der gjin gefaar by is, dy't wol even oan it mystearje rûke wol mar der net yn ferdwale, it mearke fan Berg en Bos by Apeldoorn, dat om tsien oere jûns ticht giet sadat men wer op tiid thús is.
Lientje hat my sân yn 'e eagen struid. It sân fan jeugdlân, dêr't it libbet him ôfspilet yn suertsjerose en himelskblau, dêr't kabouters, elfen, feeën en Sinteklaas nocht echt besteane en dêr't wy allegear, planten, bisten en minsken, meiinoar ien grutte famylje foarmje, in waarm famyljegefoel dat perfekt paste by it boadskip dêr't wy op sneinsskoalle fan songen: kinderen van één Vader zijn wij allemaal. Underwilens lei it synisme al op 'e loer. Op sneinsskoale dûkten wy yn 'e wrede wrâld fan it âlde testamint en fan heit en mem krige ik in abonnemint op 'e Donald Duck. In kultuerskok dy't ik nea wer te boppen kaam bin en dy't syn spoaren neilitten hat oant hjoeddedei. Mar earne djip yn my is it langstme nei Lientje bleaun. Want ik kin dy lytsbernige en lytsboargerlike, kitscherige salonromantyk no wol fier fan my smite, en dat doch ik fansels ek, mar dat ik dêr as sânjierrich jonkje, noch ûnskuldich en oprjocht, net pleage troch saneamde goede smaak en falske skamte, sa oan ferslingere wie, seit, bin ik bang, mear oer mysels. Lientje, do hast my de eagen iepene.
Veel ja-ren gin-gen voor-bij.
Puk en Lien-tje wa-ren al groot.
Groot? Nee, ei-gen-lijk niet.
Van ka-bou-ter-pap word je niet groot.
Maar wel sterk.
Puk moest nu ook mee in het bos wer-ken.
En Lientje?
Ja, die was nu vaak al-leen.
Mar dan komt lang om let de prins. Hy set Lientje foarop syn hynder en nimt har mei nei it kastiel. Dêr wurdt Lientje let en set. No't hja gjin kabouterbrij mear krijt, mar oar iten, groeit hja oergryslike hurd. Alle wiken moat hja nije klean en skuon ha.
En doe't se cinlings grut genôch wie, troude se mei de prins. It waard in prachtich feest. De boskfee wie der, en de kabouters ek.
|
|