oare brieven. Soms gie se dan in wykein of sels in hiele wike fuort. Dan kaam der ien yn 'e hûs om op my te passen.
Ik sil jim sa fertelle oer de spannende brief dy't ik krige. Earst moatte jim witte dat ik in bloedhekel oan dat geoppas hie. Yn it begjin net. Doe't ik fjouwer en fiif wie, kamen pake en beppe noch om op te passen. Dan dienen we spultsjes. En jûns op bêd lies beppe my foar. Of pake fertelde in ferhaal. Krekt as heit altyd.
Letter paste buorfrou Joldersma wol op. Dy wie ek hiel aardich, mar op in dei krige ús mem rúzje mei har.
De ellinde kaam doe't ús mem mei âlde tantes begûn.
Der wienen trije tantes, dy't ik de ‘ABC-tantes’ neamde. Se wennen allegear allinnich en fochten der hast om, sa graach woenen se op my passe. Net dat se my sa aardich fûnen, mar se mochten graach memkeboartsje.
- | Dingeman, kom hjir! |
- | Dingeman, net dwaan! |
- | Dingeman, foarsichtich! |
Tante Adelbrecht hie ik noch it leafst. Mar se tocht dat ik in lytse poppe wie en tute de hiele dei op my om.
Tante Belinda wie bang dat ik smoarch wurde soe en stie oeral om in hoekje mei sjippe en in handoek.
Tante Catherien rûn my alle stappen achternei en makke my nachts wekker om te freegjen of ik noadich moast. En ik wie al njoggen.
Nei de lêste kear sei ik tsjin ús mem: ‘Ik wol gjin tantes wer ha, dan bliuw ik wol allinnich thús.’
Se seach my even oan. Doe wipte se mei de winkbrauwen. Miskien fûn se it wol in goed idee.
Op in dei krijt Dingeman in spannende brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnoege foar in simmerkamp op in brek- en boubuorkerij ergens fier fuort. Dêr binne bern eigen baas en wurde se bedoarn troch pensjonearde pakes en útborduerde beppes. Dingeman wurdt helle mei in lúkse taksy. Underweis falt er yn 'e sliep, en dan krijt er in nuvere dream. Syn alderneiste famylje komt derynfoar, mar dat makket de dream der net nofliker op.
De taksy wie gieler as it gielste sân, gieler as it giel fan de sinne. It wie it glimmendste giel dat ik oait sjoen hie.
Fan binnen wie alles deftich griis: de stuollen, de bank, de beklaaiïng fan it dak en ek de gerdyntsjes. Ja, myn taksy hie gerdyntsjes. Se sieten fêst mei stoffen bantsjes. Mar as ik woe, sei de sjauffeur, mocht ik se foar