Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 74]
| |||||||||||||
Frysk skriuwe: in famyljekwaal?
| |||||||||||||
[pagina 75]
| |||||||||||||
Ut it famylje-album fan de Piebenga's, ‘in ferhaal apart, mei gâns haadstikjes’: Haring Piebenga en Jehanne Kuipers mei bern en bernsbern, û.o. dochter Mette Meinou (sittend links) en soan Tjitte (steand rjochts) nêst Hannah Ludwig; ± 1970 (mei tank oan L&P produksjes)
mochten har publikaasjes der wêze. Ta de famylje heart de ferneamde prof. dr Henk J. Prakke, Aad har broer. Fan útjouwer (Van Gorcum, Assen) waard er heechlearaar te Münster. De VAN DER BURGEN: boereskriuwers fan kwizekwânsje. Oan Jan Linses tankje wy de tekst fan ‘It Heitelân’, ús twadde folksliet. Syn broer Sjirk Linses waard notaris; syn literêre neilittenskip is fan minder belang as syn | |||||||||||||
[pagina 76]
| |||||||||||||
reputaasje as bewegingsman. Literêr fierwei it meast om by te setten hie Jan Linses syn soan Pyt, boer te Jelsum mar al jong ferstoarn oan tbc. Syn bytiden wat Heine-aanske natuerlyryk lit har foar de leafhawwer noch tige lêze. Yn itselde boerelaach hawwe letter in Jehannes en in Sjirk noch boererimen publisearre. As wy it oer de DYKSTRA'S hawwe dan giet it om Waling Dykstra, ‘de God fan de Fryske taal’ sa't guon Hollanners tochten, en syn neiteam. Walingom syn Friesch Woordenboek en syn Uit Frieslands Volksleven binne noch altyd brûk- en lêsber en wat wurdt der hjoeddedei yn guon rûnten net mei grutte bewûndering rept fan it wykblêd Sljucht & Rjucht dat ûnder syn lieding folksbesit waard. En soe syn sankje ‘Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn’ ús allegear net oerlibje? Fan syn fleislike neiteam kin syn âldste soan Jan Walings neamd wurde, dy't in nijsgjirrige libbensskets publisearre fan de fereare âldman, mar dy't yn syn oantinkens de gefoelige, persoanlike toets mist dy't syn suster Jeltsje de Beer-Dykstra yn har rym en ûnrym wòl behearske. Jeltsje har dochter wie de Biltske skoaljuffer/skriuwster Afke Brouwer-de Beer. En dy har dochter, de ferline jier ferstoarne Anneke Fokma-Brouwer, hie yn elk gefal mei har oeroerpake gemien dat hja ek foar har kulturele idealen striden hat salang't hja stride koe. De âlde namme wurdt hjoeddedei ek noch droegen troch Waling Dykstra jr, soan út it twadde houlik fan Jan Walings - as jim begripe wat ik bedoel... Waling Jr dûkte okkerjiers op yn it tredde diel fan Marten Toonder syn memoires, want lykas pake Waling koe er tige ien stalle èn tekenje. Under it fantastyske pseudonym Sherre Arden hat ús jonge Waling, no ek al wer oer de 70, noch meiwurke oan quatrebras. De HALBERTSMA'S: dat binne de legindaryske trije bakkerssoannen út Grou dy't it Fryske folk lêzen leard hawwe mei't hja sa dealske moai skriuwe koenen: dûmny Joast, dokter Eeltsje en keapman Tsjalling. Ik bin it iens mei Jo Smit, silger neitins, dy't hawwe woe, de Rimen en Teltsjes soene ferplichte lêsstoffe wêze foar elk dy't Frysk skriuwer wie of wurde woe. En mei Philippus Breuker dy't ferline jier noch sa foar it dichtwurk fan dizze Eeltsje yn 'e pleit gien is. Hja binne trijerisom it kommend nij milennium ek wol treast, soe men sizze. Har eigen liiflike neiteam hâldt yn it literêre net oer. Mar de Ternaarder skoalmaster Tsjalling Eeltsjes, út Tsjalling Tsyskers neiteam, hâldt rjocht op ús wurdearring al wie 't allinne om it wyske dat er komponearre by Piter Jelles syn ‘Widzesang fan 't seemanswiif’. De PIEBENGA'S binne in ferhaal apart, mei gâns haadstikjes. It begûn al wer yn in bakkershúshâlding, te Frjentsjer diskear. Mei twa soannen mei literêre fermogens: Haring en Jan. Earstneamde mei hjir as fertsjinstlike Eliot-oersetter neamd wurde. Syn frou, Johanna Kuipers, skreau op har âlde dei berneferhalen De Strikel. Wat mear seit: hast al harren sân bern hienen wol in letterkundich fûnkje, dat by de âldste soan, Tjitte Harings Redbad oplôge ta in flam. Syn suster Mette Meinou makket namme mei koarte ferhalen. En dan binne der de oantrouden noch: Tjitte syn oarehelte Hannah Ludwig en Mette har man Hylke Tromp - nammen dy't by de lêzers foar harsels sprekke meie. Jan Piebenga niisneamd hat as skiedskriuwer fan ús skriftekennisse baanbrekkend wurk dien en as sjoernalist, kritikus en essayist gâns ynfloed hân yn brede rûnten. Fan syn bern hat Gryt Anne Piebenga, skandinaviste, troch har taal- en letterkundige publikaasjes namme makke. En dan is der | |||||||||||||
[pagina 77]
| |||||||||||||
fansels Douwe A. Tamminga, dy't mei Sjoukje in suster fan Haring en Jan troude. TERPSTRA-en-dy: Myn útgongspunt is de prozaïst en toanielskriuwer Piter Terpstra, dy't syn talint sa't ik it sjoch ek ‘net fan frjemd’ hie. Oan memme kant treffe wy de sjoernalist en berneboekeskriuwer (sa'n 25 titels), Skiermuontseager om utens Cornelis Grilk. Fan de artistyk oanleine Grilkjes moatte syn dochters Pita en Nan neamd wurde, fan wa't benammen de earste yndruk makke hat mei har fersen yn de tongslach fan de lytje poole. Piter syn nicht fan heite kant wie de talintfolle berneboekeskriuwster Jouk Terpstra dy't yn har Hollânsk wurk in Fryske sfear wist fêst te hâlden. Hja hat troud west mei Karst Woudstra en soe de skoanmem wurde fan Martin van Amerongen. Karst Woudstra jr, soan út in letter houlik, makket namme as dramaturch yn Hollân, lykas Karst sr yn syn tiid foar it Fryske toaniel warber west hie. Mar lit ús Piter Terpstra syn eigen neiteam net ferjitte: soan Arjen hat foar Tryater opmerklike stikken skreaun en ek hy hie dat net fan frjemd.... De TROELSTRA'S. De muzen hawwe it goed foarhân mei Piter Jelles, dy't dan ek ús Fryske folkssjonger by útstek wurde soe. Syn heit Jelle, fan wa't Rients Gratama noch wolris it biedwurd ‘Jongfolk, ha wille!’ sitearje mei, skreau ek al aardich Frysk (al prate er yn 'e hûs Liwadders) en syn Omke Marten allyksa. Lit ús syn broer Dirk, de jongferstoarne auteur fan sa mannich read striidfers, net ferjitte. En uteraard syn ‘oare helte’ Nynke fan Hichtum net - soe hja ea ta skriuwen komd wêze as hy har der net ta oantrune hie? Ta beslút: wurdearring foar Jelle Troelstra Jr, dy't syn heit en mem beide sa lêsber en leafdefol portrettearre hat yn dat moaie boekje Mijn vader Pieter Jelles.
Ien fan de earste spantsjes út de Fryske literatuer: Piter Jelles Troelstra en Sjoukje Bokma de Boer; ± 1888 (foto argyf FLMD)
En no dan de, grif net folsleine, rychjes. Yn it foarste plak: | |||||||||||||
Alders en bern
| |||||||||||||
[pagina 78]
| |||||||||||||
| |||||||||||||
Bruorren en/of susters
| |||||||||||||
Spantsjes
| |||||||||||||
Fariaasjes
Famyljerelaasjes yn de skriuwerij binne, lit dêr gjin misferstân oer ûntstean, net typysk Frysk. Ek yn Hollân bygelyks tilt it der fan op, fan Alberdingk (Thijm) oant Zwagerman. Mar oft hja dêr lykas wy ek in skriuwende froulike twilling hawwe? |
|