Trotwaer. Jaargang 31(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 71] [p. 71] Tsjits Peanstra Healbroer Gjin bruorren en gjin susters, do kaamst letter. Yn hûs de swietrook fan it tatebern en lûden dy't al lang fergetten wiene, in lichte oergeunst kleure alle nij en letter ris tegearre op 'e foto do, boerejonkje yn in overal wy sochten allebeide oare wegen ferlearen wat ús goed en eigen wie. No't w'yn de neitiid fan it libben steane is it as ha wy hast gjin oere mist. Wy stean by 't hûs, it hiem dêr't wy doe boarten en 'k wit foargoed hoe nei asto my bist. Vorige Volgende