Sjongers tinke oan âlde tiden
Oene W. Nijdam
Eddy Dykstra, Underweis. An emigrated son. Nanne Kalma, Hé joh jij daar. Roel Slofstra, Fjoerfûgel. Trije cd's útbrocht troch Universe Productions, Ljouwert 1998. Resp. f 29.90, f 14.90 en f 24.95.
Oandacht foar twa nije Fryske cd's mei in nostalgyske ûndertoan. Roel Slofstra giet werom nei it plak fan syn dreamen - no ja, einst de dreamen fan Baukje Wytsma, want dy skreau de teksten - en de Fryske Kanadees Eddy Dykstra docht ferslach fan syn bernejierren.
We begjinne mei Slofstra. Fjoerfûgel hjit syn nije skiif, in syklus fan tolve gedichten op muzyk set troch Wilco Tukker, Cees Bylstra, heit Jan Slofstra en Roel sels. De namme fan de cd docht oan Stravinsky tinken, de komponist dy't foar syn balletsuite ‘l'Oiseau de Feu’ deselde titel brûkte. Mar dat is al wer even lyn, yn 1910 om krekt te wêzen. Mei syn obsedearjende ritmen en skrille dissonanten ferhellet de suite fan in fûgel mei wûnderkrêft, dy't omfladdert yn 'e tovertún fan in boaze demon. In âld Russysk mearke.
Yn 'e tún fan de jonkheid fan Baukje Wytsma fan Reduzum, in swiet rûkende roazehóf, giet it in stik poëtysker om en ta. In plak fan dreamen en langstme. Ea waard dêr lichtfuottich dûnse en hertstochtlik frijd. Spitigernóch ynhelle troch de tiid. En dan dy ferrekte fjoerfûgel. Bij Wytsma niks gjin fearen mei wûnderkrêft, mar gewoan in ferklaaide Meagere Hein, in neargeastich bist dat syn snaffel slipet en ea syn kloeren yn dyn lea sette sil.
Dochs, in soad bloed floeit der net út de wurden fan Wytsma. Dêr is de dichteresse te sêftsedich en binne har teksten te gefoelich foar. Sij is earder in paadfynster op 'e siik nei har ridder yn it roazehôf. En as dat dan doch op muzyk moat, wa kin jo dan better helpe as Roel Slofstra, in sjonger mei in perfekte diksje en ynmuzikaal.
En krekt as bij de teksten fan Wytsma sprekt út de foardracht fan Slofstra wanwennigens. In bytsje ‘Lit ús tinke oan âlde tiden’, mei moaie melodyen en harmonyen. In muzikale wrâld dy't je somtiids de Midsieuwen en de Renêssânse fan Marijke Ferguson yn 't sin bringt. Benammen op plakken dêr't de prachtich spyljende gitarist Wilco Tukker holpen wurdt troch blokfluitiste Dinie Goedhart en luitist Lex van Sante. Net foar it Songfestival miskien, mar wol om ris rêstich op te setten.
De cd sjocht dêr ek noch smaaklik út. It ûntwerp foar it omslach bygelyks, mei knipwurk fan Slofstra sels. Wêr't in akte tekenjen al net goed foar is!
Hielendal in pronkje om te sjen is de earste cd fan Eddy Dykstra, foar in part songen yn it Ingelsk. En dat lêste is net tafallich, want de âlden fan Dykstra sochten nei de oarloch harren heil yn Kanada. Eddy wie doe ien jier âld. Dat is op te meitsjen út de foto's en de dokuminten dy't ôfprinte binne yn it keunstige booklet, dat lêst as in lytse famyljekronyk. Sa komme we te witten dat de Stichting Landverhuizing Nederland de Dykstra's yn 1949 in ‘Verklaring emigratie’ gunde, dat heit Sjoerd monteur wie op 'e Jouwer en dat de oerstek nei Kanada makke waard mei de SS Groote