Trotwaer. Jaargang 31(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 58] [p. 58] Jan Dotinga Ik bin in famylje Soe 'k witte kinne wa't ik bin, sûnder dy kend te hawwen, Melle Dotinga? Dyn mankrêft doe'tst my as jonkje op 't skouder tildest en op souderhichte brochtst, dyn leafde oer de hikke as 't hynder wrinzgjend ta dy kaam, de ko dyn streakjen slikjende begroete Dyn ynset boppe en ûnder wurgens út, foar skoalle en tsjerke en dat nei melkerstiid en leafst by 't ljochtsjen fan 'e moanne Dyn bidden mânsk fan formulearring, leard op feinteferiening yn opstel en petear oer tsjerke, steat en maatskippij, stadich ranend yn in skeamel ik tsjin de Alderheechste oer Dyn sleinens doe't in Jeltsje dy ferstoar, dy'tst droechst yn hert en hannen - en dyn leauwen blette Dyn flechtsjen yn in swijen nei in ‘do hâldst it mei de bern’, by twadde houlik om brea en oarder yn gesin Dyn skreppen om siken yn 't lichaamlike en yn ‘de teare omgong mei de Hear’ [pagina 59] [p. 59] Dyn lêste smook út in sigret dy't hja dy yn 'e mûle hold, wylst in ‘skreefke ljocht’ dy barre mocht Soe 'k witte kinne wa't ik bin, sûnder dy kend te hawwen, Jeltsje Barwegen? Dyn tsjinstberens as grutfaam op Sybrandy's pleats, skreppend foar oaren en minlik bliid mei minsklikheid Dyn leafde skruten iepen tearend op 'e bûthúsbank, neist him dy't wist datsto it wiest Dyn jaan om syn betrouwen, syn witten en syn wissichheid, om syn hannen dêr't de groeden yn ta tagediene tekens waarden Dyn lichem dat út tekens groeide en nije namme út âlde joech yn suver jierliks dragen Dyn wêzen dat geduld yn sizzen, soargjen lei oant datst it stjoer kwyt rekkeste en hommels tusken wein en hynder foelst Dyn ein net witten en net wollen noch, yn 't Stedssikehûs ûnder de lûden fan rôljend bus- en frachtferkear [pagina 60] [p. 60] Ik bin syn âld fioele op 'e bûthússouder by 't boartersguod syn ocarine, syn skiednisboeken O.L. Veerman en De Liefde Romkes ‘Werelddelen’, syn wissichheid yn twivel syn twivel yn wissens har argewaasje om lijen en om skeel har leaver stil betsjen en ôfwachtsjen har ‘Avondlied’ by 't petroaljestel Ik bin dy Tseard, dy Mary en dy Andrys, dy Arjen, dy Eelke en dy Jantsje, dy Tine en dy Hindrik Ik bin in famylje Vorige Volgende