Dwersreed
Doeke Sijens
De Fryske Famylje
In skriuwer dy't him oppenearret yn it Frysk, komt terjochte yn in wûnderlike lytse wrâld, dy't noch it measte wei hat fan in famyljerûnte. Dat komt foarearst om't men de measte kollegaskriuwers hieltyd wer tsjinkomt by feestkes, gearkomsten of presintaasjes. Nei in moanne as twa kin men har telefoannûmers út 'e holle. Rillegau docht bliken dat de measten ek noch werklik famylje fan inoar binne. En dat men mei datselde tropke út ien subsydzjebak ite moat. En wa advisearret oer dat jild? Deselde kollega's!
Om dizze kearn fan skriuwers hinne, stiet de Fryske Beweging, in groep minsken dy't it Frysk op alle mooglike wizen beskermje wol. De bewegers lêze in fers net om't in moai is, mar om ‘it funksjonearjen derfan yn it Fryske taalpolitike ramt’ (Tr. Riemersma, Trotwaer 99-1). Foar har binne Fryske literêre produkten eins allinnich mar wichtich om't dêrmei te bewizen is dat it Frysk doel hat.
Dit netwurk fan minsken dy't inoar allegear kenne en yn 'e gaten hâlde is wolris De Fryske Famylje neamd.
Skriuwers komme yn dy famylje om 't se yn it Frysk skriuwe. Se wurde dêrmei behelle yn in klup dêr't lang net elkenien him thús by fielt. It is dêrom better om it in skoanfamylje te neamen. Men moat - binnen bepaalde koades - ommers bewize wat men wurdich is. En, wa't distânsje hâldt, bliuwt altyd in frjemd. Om't elke skriuwer ûnwis is en snakt nei akseptaasje, docht elk syn uterste bêst om der by te hearen. Dus, nei feestkes docht er nea kreaze klean oan. Hy lit it burd stean. Hy leart keatsen. Hy besiket it om dochs noch skoalmaster te wurden. Mar de taal, dy sil him altyd ferriede. Dus, hy makket stúdzje fan in dialekt fan it Frysk. Oars praat men ommers as in yntellektueel en dêr hat de skoanfamylje it mier oan!
De measte kollega's yn 'e famylje stroffelje net oer in mjuks fan geef en net sekuer Frysk. Dy besykje sels ommers ek hieltyd om oan 'e selde noarmen te foldwaan. Nee, de lju dy't in Fryske gearkomste like stressy meitsje as in Krystmiel by de echte skoanfamylje, dat binne de omkes en muoikes fan 'e Beweging. Dy stroffelje oer alles en roppe en raze om it lûdst. Boppedat, se binne der altyd! Libbe Fedde Schurer noch mar, is har refrein. En om 't se noait yn oare rûnten komme, kin net ien harren mear ta oare gedachten bringe.
Petear tusken jonge skriuwer en âlde dôve muoike:
‘Kom, ik sil mar wer ris nei Grins.’
‘Grins? Dat is wol de ferkearde kant op!’ Petear tusken bekroande skriuwer en in omke:
‘Dat ik yn it Fryske skriuw is mear in kwestje fan ark as fan kar.’
‘Jo keunst hat gjin bining mear mei it folk. Jo saneamde hege keunst wurdt amper lêzen en hat grif net in lang libben.’
Binne der sokken by, dan wurdt de famylje wier benearjend. Mar ja, foar de partner hat men alles oer. Dêrom bestiet der gjin oare kar as om je der by te jaan.
Wêr't ik wol oer ynsit, is dat ik der mooglik op in dei echt by hear en dan like ûnútsteanber wurd as dy relikwyen fan no.