by de sosjale wurklikhyd fan de taalsitewaasje wei rekke, dat er it sels net mear sjocht. It Frysk mei de hoed yn 'e hân is him sa't liket moai genôch.
Yn it desimber-nûmer fan Trotwaer nimt Trinus Riemersma Boersma yn beskerming: wat miene dy kritisy wol, se fiele har miskend! No wol ik der net oer tsiere ot ik my al of net miskend fiel, mar it hie aardich west as Trinus mei in pear arguminten op 'e lappen kommen wie om te bewizen dat myn krityk op Boersma net doogde. Ik hoopje teminsten net dat Trinus syn reaksje inkeld mar fuortkomt út begrutsjen mei Piter Boersma, in soarte fan wy-gefoel fan it rûntsje skriuwers ûnderinoar, sis mar.
Underwilens wurdt de ynfrastruktuer fan it Frysk hieltyd mear oanfretten en wat dat oangiet ha ik net safolle betrouwen yn de ynstânsjes dêr't Trinus Riemersma sa'n soad fan ferwachtet: Provinsje en AFUK draaie Frysk en Frij de nekke om, de Fryske Akademy keart elk plak foar it Frysk as fiertaal út de wurdboekartikels yn it grutte wurdboek, en sa soe ik fierder gean kinne. Alle ynstânsjes meiinoar wolle net - of doare it alteast net te sizzen - dat de taalpolityk it mooglik meitsje moat dat it Frysk him ek yn de takomst ûntjaan kin. It giet my dêrby net om in garânsje foar it Frysk, wol om de skepping fan betingsten dy't dat mooglik meitsje. Dat kinne wy net oerlitte oan ynstânsjes dy't ús op kritike mominten yn 'e steek litte, of oan oare foarmen fan needlot.
Wy - ‘it fjild’, de Fryske bewegers - sille sels neitinke moatte oer it hoe en wat en wêrom fan ús Fryske identiteit en fan ûnderen op fanwegen komme moatte foar it Frysk, ek de Friezen op de feilige plakken fan wittenskip en literatuer, lykas Piter Boersma, Trinus Riemersma en ik. It barnt my yn dat guon Fryske bewegers dêr te fernaam foar wurden binne, dy akseptearje wat troch bewegingsaksjes ta stân kommen is as fanselssprekkend en wurde rare kjel at se it ynienen samar kwyt binne: och och wat is 't wat.
Piter Boersma wol de Friezen noch skrutener meitsje om foar it Frysk op te kommen, wylst Trinus op it offysjele gesach en op it ‘gewoane’ fuortbestean fan it Frysk fertrout. Mar yn dizze wrâld bart mar komselden samar fansels wat wy graach wolle. Wat help fan minsken dy't dêr wier belang by hawwe, soe dan net wei wêze. Ont salang steane Piter Boersma en Trinus Riemersma as fername reizgers op in ferfallen stasjon; mar komt dêr noch wol in trein?
Tony Feitsma