Meiwurkers
Wilco Berga (1947) is wurksum as byldzjend keunstner en skriuwer, yn it Frysk en it Nederlânsk. Fan him ferskynden dichtbondels, romans en toanielstikken (û.o. útfierd troch Tryater). Sette lieten fan Brel oer yn it Frysk en skreau sels in tal lietteksten dy't troch ferskate artysten op Cd set binne.
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Foarich jier ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei.
Lida Dykstra (1961) is keunsthistoarikus. Wurke by de Stichting Monument van de Maand en it Museum Joure. Debutearre yn 1994 mei it berneboek Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid. Publisearre dêrnei noch fjouwer Fryske en twa Hollânsktalige berneboeken, koarte ferhalen, fersen en lesmateriaal.
Tony Feitsma (1928) publisearre op it mêd fan midfrysk (Gysbert Japicx), grafematyk, sosjolingwistyk, taalnoarm, literatuersosjology, taalskiednis, skiednis fan de frisistyk en de Fryske Beweging, en benammen yn de lêste jierren oer Joast Halbertsma as taalkundige.
grethe v.d. geest (1955) skûlnamme. Reizget as edukatyf wurker yn it folwoeksenenûnderwiis sa'n bytsje de hiele provinsje troch. Jout Nederlânske les oan û.o. analfabeten en kompjûterles oan sancamde digibeten. Skriuwen is foar har mear needsaak as frije wil, sa't autoriden en kompjûterjen dat ek binne. Wûn earder in twadde priis yn in skriuwwedstryd fan de Stichting Literaire Activiteiten yn it Fean. Debutearret yn dit nûmer.
Lolkje Hoekstra (1968) is redakteur fan Trotwaer. Skriuwt koarte ferhalen en toanielteksten. Brûkt it Frysk en it Nederlânsk en wurdt yn beide talen publisearre c.q. spile. Krige foar twa ferhalen de Rely Jorritsmapriis (1994 en 1995), wûn yn 1993 de earste AFUK-jongereinpriis. Wennet yn Grins en wurket by Albert Heijn.
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media.
U.G. de Jong (1925). Jonge jierren yn Aldeboarn behearske troch oarloch en besetting. Wie fan 1957-1987 redakteur fan de Leeuwarder Courant. Skreau de jeugdsearjes De zwalkers en De jonge geuzen en ek twa Fryske romans: De leave Fekke (1980) en De helper (1991).
Jelle Kaspersma (1948) is skoalmaster, publisearre in tal dichtbondels (1996: Ta de bonken úttekene) en oersettingen fan Yndiaanske dichters.
Jitske Kingma (1959) folge in oplieding oan de pedagogyske akademy mar besleat om yn elts gefal gjin skoaljuffer te wurden. Debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges. Is no goed tsien jier redakteur by it Friesch Dagblad.
Henk van der Meulen (1925) wie redakteur fan de Leeuwarder Courant, dêr't er no noch resinsjes foar skriuwt. Fan him ferskynde yn 1997 in monografy oer de byldzjend keunstner Jerre Hakse.
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).