Trioel
It orakel fan San Pedro
Neffens Eeltsje Hettinga is der sûnt de lêste tiid by dit blêd sprake fan ‘Ferstrikeling’. Wat it orakel fan San Pedro no krekt mei dy gjalp yn syn digitale stikje (Trotwaer, oktober 1998) bedoelt makket er net rjocht dúdlik. Hij eamelt dat der troch dy ‘Ferstrikeling’ û.o. sprake fan is dat ‘in foar har dwaan dochs werklik poermin gedicht fan Baukje Wytsma ôfprinte wurde kin’.
No kin ik mij yntinke dat Hettinga nei it idioat positive beprek fan Philippus Breuker fan syn debútbondel Akten fan winter (Hjir, july 1998) hast tinkt dat er ús nije literêre goeroe is. Moai nyt dus!
Dat Hettinga syn Trotwaer-abonnemint yntusken opsein hat is syn goed rjocht. Mar de broek sakket mij ôf as er de ‘folsleine redaksje’ e-mailt en ik sitearje sûnder tastimming(!): ‘It muoit my dat ik as konsekwinsje fan dizze stap fierders myn stik oer It dûbeld paradys ynlûke moat, plus alle poëzije dy't [d]er noch by jimme op 'e burelen leit. Ik soe dêr graach mei kearende post ek in befêstiging fan hawwe wolle.’
Nee Hettinga, kanst wel fergete, dyn kopy lei al by de printer en om dy praktise reden stie it besprek dan ek yn it lêste nûmer fan de foarige jiergong.
Trouwens Eeltsje, misto dy ‘Koartsein’-stikjes fan âld-Strikel meiwurker André Bralts ek sa? It kin wol wêze dat ik him meikoarten ris freegje foar in bijdrage oan Trotwaer. Dêr stekt oars neat achter hear!
Henk van der Veer