Earsucht? (5)
Lida Dykstra
Earsucht. Toarst nei eare en rom. Is dat in driuwfear foar in skriuwer om te skriuwen? De Frysktalige skriuwer hat dan wol in kurieus paad nei de ivige rom keazen. Want foardat dy de ‘hype’ fan de Frankfurter Buchmesse wurdt...
Dochs wol 'k Wadman syn stelling (dêr't ik de fierdere kontekst net fan ken) net fersmite. Want earsucht - of de ôfswakke foarm, it ferlet fan wurdearring - sit yn 'e minsklike natoer bebakt. It is perfoarst net in eksklusive eigenskip fan skriuwers. ‘Sjoch ris wat ik kin!’ Elk wol eins de moaiste wêze, de bêste wurde of de grutste hawwe. Sûnder earsucht gjin topatleten, sânkastielebouwers of berchbeklimmers, mar ek gjin minsken dy't yn har frije tiid hertstochtlik kreatyf binne mei koark of teesekjes. Allinnich minsken dy't yn har dwaan en litten ynspirearre wurde troch suver altruïsme, wurde net dreaun troch earsucht. Mar dat binne grif net folle.
Dus mei earsucht en talint komt in skriuwer ta skriuwen? My tinkt, dat selsdissipline de tredde betingst is om ta skriuwen te kommen. De keunst is om, as it nypt en wer nypt mei de produksje, achter dy kompjûter sitten te bliuwen oant it der stiet.
Of wurdt dy selsdissipline gewoan yn stân holden troch earsucht?