Biten en brokken
Jan Pieter Janzen
Overbewensing
Je soenen der net rjocht goed fan wurde, al dy kryst- en nijjierswinsken. De earste wie der ein novimber al: ‘Een vrolijk Kerstfeest en een voorspoedig begin van het nieuwe jaar.’ Ofkomstich fan STINAFO. Goed bedoeld, fansels, en ek noch foar in goed doel - de Stichting Nationaal Fonds ‘Het Gehandicapte Kind’-, mar likegoed yrritant: te betiid, te maklik en te nonsjalant want wêrom soe allinnich it begjin fan myn nije jier ‘voorspoedig’ wêze meie? (Al is ‘flot út ein’ fansels altyd noch in slachje royaler as it ‘goed útein’, dat je yn 'e dagen foar âld en nij faak taroppen wurdt.)
Fuort nei sinteklaas kaam de stream rap op gong, om nei de krystdagen ynienen op te droegjen. Mear kaarten as oait, sa like it wol. Mear ek nei eigen ûntwerp. Foaral de foto wie yn opmars. It tal spesifine nijjierswinsken naam spitigernôch wer fierder ôf. De krystgedachte hat de slach foargoed wûn, tanksij it Angelsaksyske kultuerymperialisme. Dêr helpt gjin trochsettende sekularisaasje oan.
Neffens de PTT binne der ferline jier sa'n twahûndert miljoen kaarten ferstjoerd (goed foar tolve skriftlike winsken de persoan). Likefolle as at sûnt 1991 wenst is. De sterke stiging dy't yn 1987 mei de ynfiering fan de foardielige ‘decemberzegel’ begong, is de lêste jierren dus net echt trochset. Groei siet der wol yn it netpost-ferkear, it ferstjoeren fan de bêste winsken per e-mail. It leafst ynklusyf lûd, byld en animaasje, sa't dy op it Internet rom foar hannen binne (sjoch û.o. www.speedyclick.com, www.heineken.nl/e-cards/index en www.media.mit.edu/Postcards/).
Dat it reguliere krystferkear op peil bliuwe soe, hienen guon trendwatchers net op rekkene. B&W fan It Hearrenfean bygelyks. Dy namen har ferline simmer al foar om gjin kryst- en nijjierswinsken mear te ferstjoeren, om't se it nut fan dit ritueel net mear ynseagen: ‘De attentie waarde neemt af, de zeggingskracht daalt. Nederland wordt wat kerstkaarten-moe en ervaart het fenomeen toenemend als een minder milieu-vriendelijke activiteit.’ Dat lêste wie ek foar de Rabobank reden om der mei op te hâlden. It hat 170 beammen, 24 ton papier en ien miljoen gûne skeeld.
Is dy krystkaarteboel noch oerhinne te kommen, muoite ha 'k mei it feit dat se faak net yn 't plak komme fan mûnlinge winsken mar gewoan dêr boppe-op. In wurchmeitsjend ferskynsel dat him foaral yn de direkte rûnte fan famylje, freonen en buorlju foardocht. Ommers, je stjoere kaarten hinne en wer, je sjogge elkoar op ien of mear fan de feestdagen en hâlde mar net op mei it útsprekken en yn ûntfangst nimmen fan har hieltyd wer repetearjende goewinsken. En yn 'e winkel kin it mei ‘prettig weekend’ net mear ta. In wike foar krysttyd ha se it bij de kassa foar de wissichheid al oer ‘prettige dagen’.
Foarmen van overbewensing allegear dy't har doel fier foarbij sjitte. Dat kin takomme jier, mei it nije milennium yn sicht, noch wat wurde. Dan is it pas echt spitich dat de krystdagen en âld en nij nèt gearfalle, lykas logyskerwize fansels al moatte soe.