Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 43]
| |
Mei nei de oare ieu (1)
| |
[pagina 44]
| |
Stadich oan hjar wurk bliuwe kin hja net mear. As hja in toarn al hwet docht, den giet it, ef er trochgeand immen efter hjar oan sit to trúnjen en to fiterjen. De hannen stjitte hjar oan en hjar eagen sjugge wyld. Nachts en dei sit hja oer det paed to mimerjen, en it byld fen Lammers en syn feninige eagen spoeket as in wrigge yn hjar brein om. As de boerinne belies jaan moat, wurdt sy in fekke, dy't noch mar oan ien ding tinkt: it lân fan de buorman keapje as dy út 'e tiid rekket. Hy scil foar hjar stjêrre, den moat de pleats forkoft wirde en hja scil alles keapje, en mei glâns en gloarje scil hja lâns hjar eigen paed yn 'e wrâld weromkomme. Ek dit mislearret, de boerinne stjert earder as de buorman; har bern lit sy swarre om har lyk net oer it paad fan de buorman nei it tsjerkhôf te bringen. It ein fan De wylde boerinne soe yn in Grykse trageedzje net misstean. Wer komt Holtrop mei in natuerbeskriuwing, mar dit kear yn mineur: ‘De greate, feale ierde leit dea ûnder in kâlde, toskoerde tekken fen smoarch-wite snie.’ De bern hawwe net oan de winsk fan de mem foldien. Se hienen har mei in pream troch de opfeart nei it doarp bringe wollen, mar troch snie en iis is dêr gjin trochkommen oan. Har lêste tocht giet dêrom dochs by de buorman lâns. Hy stiet bûtendoar, âld en siik. ‘Syn lichum hinget foaroer en hy moat him mei beide hannen op in krukstokje steune om net to fallen.’ De yntinsiteit dy't Holtrop ta beslút fan syn ferhaal berikt is noch altyd ymposant. Ien fan de dragers seit tsjin de buorman: In wier in sjou, boer. Do wy it paedsje lâns gongen, hat hja fen grimmitigens sprongen en dounse, sadet wy de kiste hast net hâlde koenen. Mocht in lêzer ea tocht hawwe dat de buorman de winner fan de fete is, dan hellet Holtrop him mei de slotakte wol foargoed út 'e dream. De buorman stapt op 'e kiste fan de wylde boerinne ta en slacht der mei syn stôk op, ‘mei evenredige en krêftige slaggen’. It klinkt ‘hol en near (..) troch de winterstilte’. Dan begjint er tsjin har te praten: ‘Dou hast it lang folhâlden, mar ik langer...langer... En nou bist dêr, bist dêr einliks, ja einliks biste komd.’ In pear dagen letter komt ek foar him de dea. |
|