Earsucht? (4)
Joop Boomsma
Immen dy't talint hat om te skriuwen, komt allinnich tà skriuwen as er in soarte earsucht hat.
Anne Wadman yn in brief oan Piter Terpstra, 5/1/1945
Jo skriuwe om't jo nocht oan skriuwen ha, der wille oan belibje. Sa begjint it fansels. En as jo in tekst makke ha dêr't jo tefreden oer binne (wiis mei, grutsk op), dan kin it barre dat oaren dy tekst lêze moatte. Want jo wolle dat dy oaren it ek prachtich fine wat jo makken. As dy befêstiging komt (en dy komt! - jo freonen en sa fine allinne it feit dat jo skriuwe al geweldich), dan moat der publisearre wurde. By need yn in literêr tydskrift, leaver fansels yn boekfoarm. Jo wolle in poadium mei in grut publyk.
Earsucht dus. Suver kritykleaze earsucht yn 't earstoan. Eins is it allinne mar earsucht dy't in begjinnend auteur nei in mooglik publikaasjemedium driuwt.
Talint? No ja, letter sil wol bliken dwaan oft jo talint hawwe. By fierdere skriuwerij en publikaasje bygelyks. En troch de reaksje dêrop. Fan echte lêzers. Boppedat: wat is talint (om te skriuwen)? Wa bepaalt of in auteur wol as net sa'n talint hat? Oer 't generaal tink ik de auteur sels. Dat hat alles te krijen mei eigenwearde, mei in tanimmend kritys skôgjen fan wat jo sels op it stik fan de skriuwerij wurdich binne. Soks eventueel yn ferhâlding ta wat jo lêze fan dyjingen dêr't fan sein wurdt dat se talint ha. Geandewei wurde jo jo sels wol bewust fan wat jo kinne, oft jo talint ha of mar in ein hinne oankwattelje. Dêr ha jo oaren net foar noadich.
Mar hoe ek, it sil altyd in soarte earsucht wêze dy't auteurs ta skriuwen en publisearjen bringt. Talint of gjin talint. Want: as jo dy earsucht misse, sille jo nea fernimme oft jo wol as gjin talint om te skriuwen hawwe. Dan skriuwe jo net.