Debút is dûbeld feestje
Lolkje Hoekstra
Sietse de Vries, De boargemaster. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 1998. 144 siden. f 25.
Yn alle doarpen hast se, de boargemasters. Yn Grins wit ik ek in strjitte wêryn't se der ien hawwe. Sa'n man dy't út it wurk rekke is en ast dyn bân plakst, wit er it altyd better, mar stekt gjin poat út. Kinst him fine by boustegers, at der in kezyn ferve wurdt, by de slús. Hy leveret oeral kommentaar op en docht sels noait wat. De boargemaster. Kinst begrutsjen mei him hawwe of it aldergrutste mier, de boargemaster fernimt der neat fan.
Yn G. hiet de boargemaster Piter Jongema en wie echt in strontferfelende, mar ek in hiel werkenbere. Sa't it doarp G., sa't dat yn de debútroman fan Sietse de Vries beskreaun wurdt, ek hiel werkenber is. Mei de troch de tiid groeide sosjale koades, mei doarpsminsken dy't inoar yn dwaan en litten gewurde litte, mar inoar ek stevich yn it snotsje hâlde. Mei in lyts groepke âlde hippys dy't oan it wetter wenje, mei oan de oare kant dêrfan it direkteurshûs fan it sluten suvelfabryk.
Yn it direkteurshûs wennet Atze mei syn frou en sûnt koart yn in oanbouseltsje ek Frank Bylsma, in mislearre sportsjoernalist. Frank is krekt troch syn freondin it hûs út skopt, net om in spesifike reden, mar gewoan omdat it der de tiid foar wie. Om't er in grutte lamsek is. By syn Greet hoegde er noait wat tsjin it sin te dwaan, en hy hat him dat jierren oanleune litten. Mar no yn G. grypt er alles oan om mar foaral út de steun te bliuwen, oars krijt syn Greet yn alles gelyk, en dat moat in kear oars.
En sa rekket Frank yn de putsjes foar jan en alleman yn G. en ek by de widdo fan de boargemaster, dy't him fertelle kin dat syn húsgenoat har man fermoarde hat. It soe foar dizze Frank neat wêze om dêr no ynienen aktyf mei oan de slach te gean, mei sa'n opmerking, mar ja, alles rint wat nuver, en syn earste sjoernalistike nijsgjirrigens wurdt al rillegau omset yn kolderike speurdersaktiviteiten mei in Kameleon-achtige ynslach.
Hyltyd yngewikkelder, en bytiden ek fantastysker, wurdt it ferhaal, hyltyd djipper komt Frank deryn te sitten en hoe't it no krekt rint moat elk sels mar lêze.
Want lêze, dat is it ienichste dat elk mei dizze roman dwaan moat. Omdat de ferhaallijn sa formidabel yngewikkeld liket te wurden, mar op de ein dochs wer doocht. Om de grandioaze typearringen fan doarpsbewenners en de koades fan om it even watfoar doarp. Mar foaral omdat Sietse de Vries fan syn Frank in libben minske wit te meitsjen. Al syn eigenaardichheden wurde mei safolle humor en leafde beskreaun, dat ek dizze lamsek, want dat is er echt, dochs troch de lêzer koestere wurde kin. En útlake, oanmoedige, útfûtere. In oandwaanlike rjochtlinichheid yn it karakter, makket datst as lêzer faak genôch al oankommen sjochst dat wat er ûndernimme sil, wer op in fiasko útrinne sil. Kinst dy dêr yn it foar al om fergrieme, De Vries wit der dan dochs wer in ekstra draai oan te jaan dy't fan syn aventoeren in dûbeld feestje meitsje.