Earsucht? (3)
U.G. de Jong
Wadman hie gelyk. Elk dy't skriuwt en wol dat oaren syn of har pinnefruchten lêze, moat earsucht ha en idel wêze. Dat jildt ek foar de measten dy't yn dei-, wyk- en moanneblêden skriuwe. Sels fiel ik my in ferteller, dy't benammen de jongerein dúdlik meitsje wol hoe't it hjir yn de jierren tritich en '40-45 sa'n bytsje om en ta gong.
Al yn de jierren santich waard der in soad swart-wyt ûnsin oer de besettingsjierren skreaun en dêrom bin ik mei ‘De jonge geuzen’ út ein set. Om fan alles oan de weet te kommen, ferge in bealch fol wurk. Yn de earste dielen ha ik goed útkomme litten dat de oarloch ferskriklik is en dat yn '40-45 lang net alle NSB'ers en Dútsers smearlappen wienen. Helden wienen der yn dy tiid ek mar in bytsje.
Wadman hie gelyk: al dy research en dan noch it skriuwen fan ferhalen (boeken) hie 'k fansels net dien as ik gjin earsucht ha soe. Ik ha in lestige eigenskip: is der wer in manuskript klear, dan bin ik der einliks noait tefreden oer. Hawwe echte skriuwers dat ek?