Tryns-Ryms is boarding Spaceship Fryslân again
Albertina Soepboer
Tryns-Ryms, Toate-los. Report syfr18.116. Op lân neam Frysk. Riich: lesding oars lân, diel F-3. Koperative Utjowerij, Boalsert 1998. 62 siden. f 9.90.
Wat it nije boek fan Trinus Riemersma no krekt is, wit ik net. Is it de earst Fryske Science Fiction roman dêr't de sjochman Tryns-Ryms yn syn spaceship boppe planet earth sirkelet om ferslach út te bringen oan liedmanheechman Berts-Muls oer lân neam Frysk? Is it in nije styloefening yn it skriuwen fan ûnlêsber Frysk? Of is it, sa't Riemersma sels yn syn neiwurd in pear kear skriuwt, in grapke? It is yn elts gefal in eksperimint mei taal en literatuer, al seit Riemersma oan 'e ein dat er de literatuerwittenskip en taalwittenskip yn syn boekje ferrampenearret.
Lit my it besprek fan dy bûtenierdske hybride begjinne by ien fan de literêre boarnen dy't de skriuwer neamt foar syn boekje: it Russysk formalisme. Neffens de formalisten giet it der yn de literatuer om om deagewoane saken as ‘frjemd’ te beskriuwen, sadat de lêzer de wrâld mei oare eagen besjocht. Riemersma brûkt it perspektyf fan de sjochman yn syn spaceship om sjen te litten hoe't Fryslân en syn bewenners yn inoar stekke. Wat folget yn de earste sân haadstikken is in suver sosjologyske beskriuwing fan it fenomeen ‘Fryslân’. It giet oer wurk: ‘Op lân neam Frysk bin trije soart wurk-man; binman, bút-man ek fer-pleats-man.’ Oer reedriden: ‘dansa hiel lân neam Frysk bin tiich kâld ek wetr bin hurd, bin neamd iis. Frysk-man doch smel iizr ûndr rin-earm ek mak gliid op iis.’ En oer it gûlen: ‘Alsa jong-lyts Frysk-man fal ta ierd ek stomp himsyn earm jit-oars himsyn rin-earm, hyder doch gûl.’
De sjochman kondiget yn syn foaropwurd al oan dat er wol in systeem sjocht yn de gaos fan dat lân. It is de gaos sels dy't reagearret en derfoar kin er trije oarsaken oanwize: dynij-man-mak, dy feit-klets-mjuks en dy boppet-tink. Yn gewoan Frysk is dat: seks, it net skiede kinne fan leagen en wierheid en tefolle prakkesearje.
Yn de lêste trije haadstikken giet de sjochman djipgeand op dy trije dingen yn. By seks leit it probleem yn it feit dat ‘Hiel Frysk-manfint tink hiel-tiid oan bleat froms ek pongpear ek glop. Oarsdoch Frysk-man-froms net ha net nocht ta mak snip-yn-glop hiel-tiid. Datder jou slim tiich skuor-op yn myn-syn.’ (De sjochman komt fan in bûtenierdsk planetestelsel en hat noch noait heard fan it feit dat froulju like faak snip-yn-glop wolle as manlju en dat it faak oan Frysk-man-fint leit dat dat net kin/wol, dus dat sille wy him mar ferjaan...)
Sinteklaas en Swarte Pyt brûkt er as foarbyld om oan te jaan hoe't in bernesiel knoeid wurdt mei wierheid en leagen. By tefolle prakkesearjen komt de sjochman by de minsken út dy't leauwe yn de loft-man en it pardys en de minsken dy't der net mear yn leauwe. Dy minsken gean nei in tear-peut mei har fragen. De konklúzje dy't de sjochman foar syn liedman-heechman skreaun hat is dúdlik: ‘Frysk-man wol mak steem yn gaos, oarsdoch hy doch mak gaos yn steem.’
De taal fan de sjochman is in pidgin-taal. In pidgin is in taal dy't minsken prate yn in